De Annetsjerke of de Tsjerke fan 'e Untfinzenis fan 'e hillige Anne (Russysk: Аннинская церковь, Anninskaja tsjerkov) is in otterdokse tsjerke yn it Zarjadjepark tichteby de kaai fan 'e Moskva yn it sintrum fan 'e Russyske haadstêd Moskou.
Skiednis Op it plak stie al yn 1493 in houten tsjerke. By it grutte tal brannen dat de histoaryske wyk Zaradje yn 'e rin fan 'e tiid meimakke, waard de tsjerke yn 'e jierren 1493 en 1547 ferneatige. De tsjerke waard beide kearen wer opboud en is yn 'e rin fan 'e tiid foars ferboud.
Yn 'e jierren 1758-1768 waard om 'e tsjerke in galerij boud. De Romanovs mochten graach yn 'e tsjerke in liturgy bywenje en droegen rynsk by oan it gebou.
Sovjettiid thumb|left|De Annetsjerke yn 1882 Foto: Nikolai Naidjonov Yn 'e jierren 1920 waard de tsjerke sletten. Boarnen ferskille hokker jier dat krekt wie (1920 of 1929). Der folge gjin ôfbraak om 't de bolsjewiken it gebou as kultureel monumint oanwiisden. Wol gie de ynrjochting fan 'e tsjerke folslein ferlern. It gebou tsjinne as kantoar en waard letter ek as reisburo brûkt.
De tsjerke waard yn 'e jierren 1955-1958 restaurearre en krige by dy restauraasje mei behâld fan de galerij de arsjitektoanyske foarm werom fan 'e 16e iuw. By de restauraasje waard de klokketoer ôfbrutsen.
Weriepening Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny folge yn 1994 de weromjefte fan 'e tsjerke oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Fanwegen de sloop fan it oangrinzgjende alderheislikst grutte hotelkompleks Rossija wie de tsjerke foar in skoft net berikber en dêrfandinne op 'e nij sletten.
Keppeling om utens Rekonstruksje fan 'e tsjerke: ôfbylden en tekenings Otterdoks Kristendom, ynfo tsjerke
Kategory:Tsjerkegebou yn Moskou Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 15e iuw