Aant Jelle Soepboer (Dokkum, 17 augustus 1989) is in Nederlânske bestjoerder, skriuwer en muzikant. Sûnt 16 maaie 2022 is er wethâlder in de gemeente Noardeast-Fryslân. Anno 2023 wennet er yn Nijewier. Hy is warber politikus foar de Fryske Nasjonale Partij (FNP) en sûnt 2023 foar Nij Sosjaal Kontrakt (Nieuw Sociaal Contract, NSC) Soepboer schrijft mee aan programma Omtzigt: "Over partijgrenzen heen" en set him yn foar de emansipaasje fan it Frysk. Soepboer kaam yn septimber 2023 op it sânde plak fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen fan NSC.
Biografy Soepboer waard berne yn Dokkum en waard dêr er ek grutbrocht. Hy die fan 2006 oant 2011 de learare-oplieding skiednis en ierdrykskunde oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Yn it lêste stúdzjejier yn septimber 2010 waard er learaar skiednis en ierdrykskunde by de Kristlike Skoallemienskip Liudger dêr't er wurke oant augustus 2020. A.J. (Aant-Jelle) Soepboer - webstee parlement.com
Polityk Ein 2017 waard Soepboer lid fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP), krekt foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 2018 dêr 't er oan meidien hat as 16e op de kieslist. Troch in kampanje dêr't noflik libjen op it plattelân en it oerein hâlden fan tradysjes, lykas it stypjen fan it bliuwend brûken meien fan platte weinen by optochten (wêrtroch 't in soad jeugd op him stimde), in wichtige rol spilen slagge it him mei foarkarstimmen yn de gemeenteried te kommen. Als zestiende op de lijst, maar als tweede in de raad. Friesch Dagblad (24 novimber 2018).
Yn de fjouwer jier dat er riedslid wie, krige Soepboer bekendheid troch stikken yn de regionale en lanlike kranten te skriuwen oer saken lykas it wenningtekoart, bouwen foar jongeren mei in sosjaalekonomyske bining oan it gebiet, tradysjes as karbidsjitten en prealweinen en it tsjingean fan krimp. By de ferkiezingen fan 2022 waard Soepboer listlûker en boekte mei de FNP-fraksje yn de gemeente Noardeast-Fryslân in oerwinning wêrtroch't de partij mei 8 fan de 29 sitten as grutste partij yn de gemeenteried kaam te sitten. Tegearre mei Sociaal in Noardeast (S!N) en Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân foarme de FNP de koälysje en sleaten sy in 'lokaal akkoart mei de Mienskip'. Burgemeester en wethouders. Gemeente. www.noardeast-fryslan.nl Soepboer trede tegearre mei Bert Koonstra oan as wethâlder foar de FNP. Yn syn portefúlje siet 'mienskip', kultuer, behear iepenbiere romte en miljeu. Ek de Fryske taal wie ûnderdiel fan syn portefúlje en hy die mei oan it Provinsjaal Bestjoerlik oerlis Frysk. Op 19 oktober 2023 hat Hanneke Jouta him opfolge as wethâlder.
Op 6 desimber 2023 waard er lid fan de Twadde Keamer, in de fraksje Nij Sosjaal Kontrakt (Nieuw Sociaal Contract, NSC). nei de fal fan Kabinet-Schoof yn de maitiid fan 2025 stelde Soepboer him net nochris kandidaat foar de NSC. Omrop Fryslân, 16-6-2025, Aant Jelle Soepboer stelt him net opnij kandidaat foar NSC: "Lang oer neitocht" Rieplachte op 10-7-2025 Op 13 augustus waard Vincent Verouden troch de Kiesried as syn opfolger beneamd.
Under lieding fan Soepboer behelle de Fryske Nasjonale Partij by de Twadde Keamerferkiezingen 2025 lanlik minder as 0,1% fan de útbrochte stimmen. Foar in sit hie de FNP 14% fan de Fryske stimmen nedich, derfan útgeand dat de FNP bûten Fryslân gjin stimmen helje soe. Yn stee dêrfan krige de FNP mar 1,5% fan de yn Fryslân útbrochte stimmen. Yn syn thúsgemeente Noardeast-Fryslân helle Soepboer mei syn partij 3% fan de stimmen. Omrop Fryslân: Geen zetel voor FNP en een razendspannende uitslag: dit waren de verkiezingen in Fryslân, 30 oktober 2025 (keppeling)
Fryske taal Soepboer groeide op yn in famylje dêr't it Frysk prominint oanwêzich wie. Dêrmei waard in basis lein foar de taalemansipaasjestriid. As studint skiednis, mar ek as dosint oan de meartalige skoallemienskip CSG Liudger sette Soepboer him yn foar syn memmetaal. Hy skreau syn skripsje yn it Frysk en joech dêrnei tsien jier lang (2010-2020) skiednis en ierdrykskunde yn it Frysk.
Soepboer is drummer yn de Fryske folkband Baldrs Draumar, dy 't him rjochtet op Fryslân en Noardske mytology.
Fan 2019 oant er yn 2022 wethâlder waard wurke Soepboer as senior ûnderwiisadviseur Frysk en meartaligens ” foar Cedin B.V. yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Hy is ek bestjoerslid foar de Vereniging van Leraren in Levende Talen seksje Frysk.
Op 9 april 2022 krige Soepboer de 'gouden kneppel' útrikt troch it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip foar syn fertsjinsten foar de Fryske taal. De namme fan de priis is in ferwizing nei Kneppelfreed. Jetten, Wolter, Wer sa'n hearlike smûke jûn. Jongfryske Mienskip. Striid foar de lykberjochting fan de Fryske taal, kultuer en identiteit (10 april 2022)
Vet oud! Tegearre mei stúdzjefreon Richard Zuiderveld is Aant Jelle Soepboer skriuwer fan de skiednisboekesearje Vet Oud! De útjefte Vet Oud! Legendarisch'' wie yn 2016 winner fan de Kleio Klassepriis.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Forfedres fortellinger25 novimber 2011Baldrs DraumarAldgillissoan 18 april 2015Fan Fryslâns ferline7 oktober 2017Magnus23 novimber 2019Njord19 novimber 2022
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk skriuwer Kategory:Frysk muzikant Kategory:FNP-politikus Kategory:NSC-politikus Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Frysk nasjonalist Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nijewier Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1989