Wild Sign is it sânde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut gewoanwei "Wyldspoar", mar kin ek dûbelsinnich opfet wurde, as "Teken fan Wyldheid". Yn it boek ferwiist it yn it foarste plak nei in toponym. Wild Sign is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer de aventoeren fan it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Diskear dogge se ûndersyk nei de ferdwining fan in hiel doarp, dy't ferbân liket te hâlden mei it iere libben fan Charles syn styfmem Leah yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw. De roman waard foar it earst publisearre yn 2021, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. __TOC__ Ynhâld Yn Wild Sign tsjocht botanika Sissy Connors de bergen fan Noardlik Kalifornje yn, op 'e siik nei har heit, dy't him mei in lytse kloft lykstimden yn 'e wyldernis weromlutsen hat om offgrid te libjen yn in plak dat se "Wild Sign" neame. Hoewol't se ornaris kontakt ûnderhâlde troch briefkerij, hat Connors al ferskate moannen neat mear fan him fernommen. As se lang om let, nei in drege syktocht, Wild Sign fynt, blykt it folslein ferlitten te wêzen. De bewenners binne ferdwûn sûnder in spoar nei te litten.

Net folle letter komme der twa spesjaal aginten fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI oan 'e doar by it wearwolvepear Charles en Anna Cornick, yn Aspen Creek yn Montana. Charles is de heal-Yndiaanske soan en plakferfanger fan Bran Cornick, de marrok (de lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika). Hy en Anna hawwe de FBI earder ferskate kearen holpen by it oplossen fan boppenatuerlike saken (sjoch: Fair Game en Dead Heat). De aginten, Craig Goldstein en Leslie Fisher, fertelle dat der yn 'e bergen fan Noardlik Kalifornje in mienskip ferdwûn is fan lju dy't keazen hiene foar in libben yn 'e wyldernis. It measte lân dêromtrint is yn it besit fan 'e federale oerheid of heart ta in Yndianereservaat, mar it stikje dêr't Wild Sign fêstige wie, is priveebesit en eigendom fan in Leah Fenwood Cornick, de frou fan 'e marrok en Charles syn styfmem.

De marrok beslút Charles en Anna te stjoeren om 'e boel te ûndersykjen, mei Tag as stipe. Tag, eins Colin Taggart, is in reuseftige mar geastlik labile wearwolf, mar troch Anna, dy't as omega-wolvinne in delbêdzjende ynfloed op oare wearwolven hat, is er yn har selskip los fertroud. Ear't se ôfsette, ropt Bran syn soan Charles by him en fertelt him wat er wit oer it oanbelangjende stik lân yn 'e bergen. Leah waard berne om 1810 hinne en teach as teenager omtrint 1825 mei har âldelju nei Kalifornje, dêr't har heit, in predikant, it evangeelje mank de Yndianen ferspriede woe. De húshâlding kaam lykwols troch tsjinrampen, feroarsake troch in gebrek oan tarieding, al op 'e hinnereis yn 'e bergen fan Noardlik Kalifornje fêst te sitten. Se hiene dêr fan 'e honger omkommen as se net rêden wiene troch immen. Wa't dat wie, is ûnbekend, mei't Leah har oantinkens oan dy tiid dizenich binne en fol gatten sitte. De ymplikaasje is lykwols dat se better stjerre kinnen hiene, om't se yn 'e macht kamen fan in ûnmeilydsum meunster.

Bran sels hie ûnderwilens yn Montana kunde krigen oan Blauwe Houtekster, in Platholle-squaw wa har libben hy rêde troch har ek ta wearwolf te meitsjen. Neitiid rekken se fereale en trouden se. Blauwe Houtekster rekke swier fan Charles, en kaam by de befalling te ferstjerren. Bran, dy't dêr stikken fan wie, liet de opfieding fan it jonkje oan 'e heit fan Blauwe Houtekster oer, dy't in foaroansteand medisynman wie, wylst er sels ôfstân hold en úteinlik ôfsette om't it gemis him oermânsk drige te wurden.

Op syn swalkerstocht kaam er op in dei in swierferwûne wearwolf tsjin dy't tagelyk in tsjoender wie. Dat wie deselde dy't letter syn ûnthâld ferlear en no bekend stiet ûnder de nije namme Sherwood Post. Doe't er him om 1830 hinne trof, hie Post in jonge frou by him, Leah, de lêste oerlibbene fan alle lju dy't er út 'e macht fan in gefaarlik meunster rêden hie. Oer dat meunster woe Post fierders neat kwyt om it gjin nije macht te jaan, útsein dat er tocht dat er it deade hie, mar dêr net hûndert persint wis fan wie. Leah wie der noch minder oan ta as Post sels en lei yn it stjerren. Bran briek doe de wetten fan 'e wearwolven troch har sûnder dat se dêrfoar goedkarring jaan koe, te biten en ta wearwolf te meitsjen. Hy makke it noch minder trochdat er har troch de transformaasje hinne skuorde (dy't se oars net oerlibbe hawwe soe) troch in mystike partnerbân mei har oan te gean. Mei oare wurden: hy makke Leah op in net werom te draaien wize ta syn oarehelte sûnder dat sy him tawurd jûn hie. Dat is in oantaasting dêr't er him noch altyd tige foar skammet. It houlik tusken Bran en Leah hat sûnt altyd leafdeleas west, al berikten se meitiid in funksjoneel ekwilibrium. Wat it plak oangiet dêr't Wild Sign fêstige wie: dat wie persiis it plak dêr't Leah-en-dy finzen holden waarden foar't Post harren rêde, en neitiid hat Bran it foar har oankocht om't sy no krekt foarkomme woe dat der har wer lju nei wenjen sette soene.

Charles, Anna en Tag reizgje nei Noardlik Kalifornje, dêr't se oanstekke foar mear ynformaasje oer de boppenatuerlike aspekten fan dy krite by in Ford, dy't kunde fan Tag is en in sasquatch blykt te wêzen. Dyselde fertelt harren dat syn folk de krite fan Wild Sign mijt as de pest om't dêr eat sliept dat se net wekker meitsje wolle. Dat is ek de reden dat der net oer dat wêzen praat wurdt. Fan gefolgen kin Ford harren der net folle mear oer fertelle om't it himsels nea trochdien is. Wol wit er fan immen fan 'e United States Forest Service, dy't Wild Sign besocht hat, dat der likernôch fjirtich minsken wennen, wêrûnder gesinnen mei lytse bern.

Charles, Anna en Tag kieze dêrsanne in kampearplak út en de oare moarns tsjogge se yn harren wolvefoarm de bergen yn. Nettsjinsteande in grut tal betsjoenings dy't bedoeld binne om lju by Wild Sign wei te hâlden, witte se de ferlitten delsetting sûnder folle muoite te berikken. De tsjoenderij bestiet út wite magy (yn tsjinstelling ta swarte magy), sadat se har begjinne ôf te freegjen oft de bewenners soms wite heksen wiene. Mei't wite heksen bejage wurde troch swarte heksen, dy't harren tramtearje en úteinlik deadzje wolle om te parasitearjen op harren wite magy, soe it wêze kinne dat Wild Sign eins in skûlplak wie fan in kloft ûnderdûkers. De ûntdekkings dy't Charles, Anna en Tag yn 'e delsetting dogge, befêstigje alteast de teory dat de bewenners wite heksen wiene. Tag fynt in pûde mei in stikmannich poststikken dy't nea op 'e post dien binne. Dêr binne seis brieven by dy't rjochte binne oan Sissy Connors, skreaun troch har heit en opsteld yn 'e iene of oare koade. De rest bestiet út in pear sjeks dy't útskreaun binne troch in Carrie Green, wêrûnder ien oan Angel Hills (dat blykber in fersoargingstehûs is), op namme fan in Daniel Green. Dêropta ûntdekt Tag ek in plak dêr't alle húsdieren fan 'e lytse mienskip begroeven lizze. As se de bisten opdobje, docht bliken dat se troch de eigners sels ôfmakke binne.

Charles en Anna witte net wat se dêrfan tinke moatte. In eintsje fan 'e delsetting ôf treffe se in natuerlike dobbe yn 'e rotsen oan, dy't troch de bewenners ta in soarte fan auditoarium makke is foar it spyljen fan en harkjen nei muzyk. Dêr lizze in stikmannich muzykynstruminten te fergean, bleatsteld as se binne oan 'e eleminten, mar ien fluit is ûnskeind bleaun. Anna begiet de flater om dêrop te spyljen. Wannear't se dat docht, rekket se bestrûpt yn in betsjoening dy't har alle oantinkens oan 'e lêste jierren ôfnimt en weromsmyt yn it ferline nei de tiid dat se in mishannele en misbrûkt lid fan in ridel wearwolven yn Chicago wie (sjocht: Alpha and Omega). Hoewol't Charles har wit te kalmearjen en mei te troaien werom nei harren kampearplak, duorret it in etmiel foar't se wer de âlde is en har ûnthâld weromhat.

As se neitiid fertelt wat har oerkommen is, flapt Anna samar de namme "Sjonger yn 'e Bosk" derút as oantsjutting foar it meunster dat de heksen by Wild Sign wekker makke hawwe. Dat liket net samar in omskriuwing te wêzen, mar hoe't se wit dat it wêzen sa hjit, kin se net sizze. Anna makket foar moarn in ôfspraak mei Sissy Connors, dy't noch altyd yn Noardlik Kalifornje omstipt om't se har eigen ûndersyk nei de ferdwining fan har heit útfiert. Ek skillet se it fersoargingstehûs Angel Hills op, dêr't sy en Charles oaremoarn by Daniel Green telâne kinne.

By de moeting mei Sissy Connors en har frou Tanya Bonsu drage Charles en Anna de brieven oer dy't har heit oan Connors skreaun hie. Hoewol't se yn koade skreaun binne op seis opienfolgjende dagen, binne de brieven kwa ynhâld identyk, útsein dat Connors har heit, oan syn hânskrift te sjen, eltse dei slimmer agitearre wie. Connors befêstiget dat har heit in wite heks wie; dat wie de reden dat se mei-inoar yn koade kommunisearren. Dit is lykwols in âldere koade wêrfan't sy de kaai net by har hat. Se seit ta datoangeande har broer opskilje te sillen. Connors en har frou fertelle Charles en Anna ek dat Wild Sign in healjier earder troch de jonge fotograaf Zander besocht is, dy't noch altyd yn dizze kontreien tahâldt en yn syn libbensûnderhâld foarsjocht as iiskoferkeaper. Anna siket Zander letter op en befreget de bleue jongeman oer syn ferbliuw yn Wild Sign. Dat smyt gjin nije ynformaasje op, útsein dat Zander guon fan 'e bewenners koe fan eardere moetings dy't er mei guon fan harren yn Alaska en de Sileenske Andes hân hie.

By it besyk oan Angel Hills docht fuortendaliks al bliken dat it fersoargingstehûs, nettsjinsteande de namme, stjonkt nei swarte magy en eksploitearre wurdt troch swarte heksen. De lju dy't der "fersoarge" wurde, binne eins finzenen dy't op deistige basis tramtearre wurde sadat de heksen op harren parasitearje kinne. Daniel Green blykt de pake fan Carrie Green te wêzen, mar Charles ken de âldman werom ûnder de namme Daniel Erasmus. Hy is in aaklike heks dy't jierrenlang lytse bern tramtearre hat om der sels machtiger fan te wurden oant Charles en guon oare wearwolven fan 'e marrok dêr in ein oan makken. Se hawwe doe ôfweefd mei Erasmus syn frou, dy't ek in swarte heks wie, mar de baas fan 't spul ûntgloep harren. Charles hat neitiid jierrelang nei him socht om him út 'e ljochten te helpen, mar no is er ree om him yn syn eigen sop gearsiede te litten yn Angel Hills, dêr't syn pakesizzer Carrie, in wite heks, him opburgen hat doe't er net mear foar himsels soargje koe.

Tusken de jammerklachten oer syn bestean yn Angel Hills en syn ferwinskings oan it adres fan syn pakesizzer troch fertelt Erasmus oan Charles en Anna dat de mienskip fan wite heksen Wild Sign mei opsetsin boud hat op it plak dêr't de Sjonger yn 'e Bosk slommere, dy't se seagen as in ûnstjerlike god of eat dat dêr hiel deun tsjinoan siet. Se hantsjebakten mei him en sleaten twa oerienkomsten. As se him te iten joegen, wat se diene troch yn it auditoarium muzyk te spyljen, soed er harren macht jaan. En fierders soe hy harren yn Wild Sign beskermje tsjin al harren fijannen yn ruil foar "rinners yn 'e wrâld". Dat binne bern fan syn geast, fuortbrocht út geslachtsmienskip tusken in man en in frou, wêrby't de Sjonger de libbensfûnk oanlevere. Sokke rinners yn 'e wrâld hied er ferlet fan om foar him de wide wrâld yn te tsjen en dingen foar him te finen en him iten te bringen. Nei harren petear mei Erasmus besykje de swarte heksen dy't Angel Hills runne, Charles en Anna finzen te nimmen. It blike leden fan 'e Hardesty-famylje te wêzen, dêr't Charles en Anna al earder ris in oanfarring mei hân hawwe (sjoch: Burn Bright) en Charles syn pleechsuster Mercy ek (sjoch: Storm Cursed). Charles en Anna witte har lykwols mei it uterjen fan bedrigings in paad nei bûten ta te klearjen.