12 Monkeys, ek gauris stavere as Twelve Monkeys, is in Amerikaanske dyptopyske, apokalyptyske en teffens post-apokalyptyske neo-noir-science fiction-dramafilm út 1995. De film waard regissearre troch Terry Gilliam, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Madeleine Stowe. De titel betsjut "12 Apen". It ferhaal giet oer James Cole, in man dy't út 'e takomst troch tiidreizgjen weromstjoerd wurdt nei it jier 1996 om kritike ynformaasje te sammeljen oer it firus dat yn dat jier de minskheid frijwol útrûget. Mei't er oansjoen wurdt foar ien dy't geastlik net ynoarder is, bedarret er yn in psychiatrysk sikehûs. Dêr komt er yn kontakt mei sawol psychiater Kathryn Railly as mei-pasjint Jeffrey Goines. Dy lêste soe skoan dejinge wêze kinne dy't it firus mei opsetsin oer de wrâld ferspraat hat. 12 Monkeys krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 2 Oscars, en Brad Pitt wûn de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. 12 Monkeys wûn ek trije Saturn Awards. Yn 2015 waard de film op 'e nij makke as in tillefyzjesearje fan fjouwer seizoenen.
Plot Yn 2035 is James Cole in finzene yn in ûndergrûnsk kompleks ûnder wat foarhinne de Amerikaanske stêd Philadelphia wie. Hy wurdt útkeazen as "frijwilliger" om yn in luchtticht ôfsletten pak op ûndersyk út te gean boppe de grûn. Dêrby doarmet er om troch de ruïnes fan 'e stêd, dy't no inkeld troch bisten bewenne wurde. Stadichoan wurdt dúdlik dat de Ierde yn desimber 1996 troffen is troch de útbraak fan in foar bisten ûnskeadlik firus, dat lykwols binnen inkele moannen mear as 5 miljard minsken útrûge hat. De minmachtige oerlibbenen hawwe har ûnder de grûn weromlutsen om oan it firus te ûntkommen.
It kompleks ûnder Philadelphia wurdt regearre troch in groepke ûnmeilydsume âlde wittenskippers dy't derfan oertsjûge binne dat it firus net op natuerlike wize ûntstien is. Ynstee soe it mei opsetsin produsearre en doe loslitten wêze troch in mysterieuze groep dy't himsels "it Leger fan 'e Tolve Apen" neamt. Wannear't Cole syn taken oan it ierdoerflak mei súkses folbrocht hat, beslute de wittenskippers him troch in foarm fan tiidreizgjen dy't se ûntwikkele hawwe, werom yn 'e tiid te stjoeren nei 1996. Dêr moat er sjen út te finen wa't der efter it Leger fan 'e Tolve Apen sitte en hoe't dyselden te wurk gien binne. De bedoeling is dat de wittenskippers neitiid ien fan harrensels werom yn 'e tiid stjoere kinne om it firus te ûndersykjen, sadat se der in faksên tsjin meitsje kinne.
Underwilens wurdt Cole tramtearre troch libbene dreamen oer in foarfal dêr't er as bern tsjûge fan wie op 'e lofthaven fan Philadelphia, inkele wiken foar't de firusútbraak plakfûn. In mei in pistoal bewapene man draafde tusken de minsken yn 'e terminal troch, mar waard yn 'e rêch sketten troch in plysje en foel deadlik ferwûne del. In oerstjoere blonde frou draafde op him ta en knibbele by him del. Syn mei bloed besmodzge hân streake har oer it wang foar't er ferstoar.
Wannear't er weromstjoerd wurdt yn 'e tiid, arrivearret Cole yn Baltimore, mar net yn it neijier fan 1996, sa't de bedoeling wie, mar yn 1990. Troch syn praat oer tiidreizgjen en in deadlike pandemy wurdt er oansjoen foar ien dy't geastlik net ynoarder is. De pleatslike plysje pakt him op en draacht him oer oan 'e soarch fan in psychiatrysk sikehûs, dêr't er op 'e noed komt fan psychiater Kathryn Railly. Yn it psychiatrysk sikehûs komt Cole ek yn 'e kunde mei Jeffrey Goines, in oare pasjint dy't teffens in miljeu-aktivist is mei antykapitalistyske ideeën.
Cole wurdt troch in panel fan psychiaters befrege oer syn eftergrûn, en de antwurden dy't er jout, befêstigje harren miening dat er, ienfâldich útdrukt, in gefaarlike gek is. Om him kalm te hâlden, skriuwe se him medisinen foar dy't him it meastepart fan 'e dei lichtlik bedwelme hâlde. Yn dy steat fiert er in petear mei Goines oer natoerbeskerming en de negative ynfloed fan 'e minskheid op it miljeu, wêryn't Cole oppenearret dat it foar de ierde better wêze soe as de minskheid alhiel útrûge wurde soe. Dat is foar Goines in nij idee, dat him bot liket oan te sprekken. Nei't er besocht hat te ûntsnappen, wurdt Cole hielendal platspuite en fêstbûn op bêd yn in isolearsel opsletten. Wannear't de seldoar wer iependien wurdt, blykt er lykwols spoarleas weiwurden te wêzen.
Cole wurdt wekker yn 2035, dêr't er troch de wittenskippers dy't him weromhelle hawwe, befrege wurdt. Se binne bot feralterearre om te hearren dat er yn 1990 belâne wie ynstee fan yn 1996. Se spylje foar him in slim ferfoarme voicemailberjocht ôf, wêryn't de skiller beweart dat it Leger fan 'e Tolve Apen efter de firusútbraak sit. Fan Cole wolle se witte oft hy de skiller is, wat er ûntstriidt. Ek litte se him foto's sjen fan in grut tal persoanen dy't se derfan fertinke by it Leger fan 'e Tolve Apen belutsen te wêzen, ûnder wa Goines. De wittenskippers biede Cole in nije kâns om syn misje ôf te meitsjen en stjoere him fannijs werom yn 'e tiid, wêrby't se beweare dat er diskear wol yn 1996 útkomme sil. Dat blykt net sa te wêzen; ynstee bedarret er yn 'e rinfuorgen oan it Westfront yn 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't er troch in Frânske ofsier, dy't him derfan fertinkt in Dútske spion te wêzen, yn syn boppeskonk sketten wurdt. Ear't er deamakke wurde kin, wurdt Cole lykwols dêrwei helle en diskear wol nei it juste jier brocht.
Begjin desimber 1996 jout Railly oan in groep fakgenoaten en oare belangstellenden in lêzing oer it Cassandrakompleks, in psychyske oandwaning wêrby't de pasjint mient de takomst foarsizze te kinne, mar tagelyk nimmen safier krije kin dat dy nei syn warskôgings harket. Nei ôfrin is der in sinjearsesje wêrby't Railly eksimplaren fan in boek dat se oer dit ûnderwerp skreaun hat, fan hantekenings foarsjocht. Dêrby moetet se dr. Peters, in wittenskipper dy't tsjin har seit dat apokalyptyske alarmisten eins de iennichste ferstannige miening ferkundigje, wylst de stadige ferneatiging fan it miljeu troch de minskheid de wiere gekte is. As se oan 'e ein fan 'e jûn nei har auto op it parkearterrein rint, wurdt Railly ûntfierd troch Cole, dy't har weromfûn hat fia posters dêr't de lêzing op oankundige waard. Om't er sels net autoride kin (om't er sûnt syn achste ûnder de grûn libbe hat), twingt er har om him nei Philadelphia te riden. Hy is der fan oertsjûge rekke dat it haadkertier fan 'e Leger fan 'e Tolve Apen dêr fêstige wêze moat.
Wylst se tegearre ûnderweis binne, begjint dokter Railly almar gruttere sympaty foar Cole te krijen, sasear sels, dat wannear't se in kear ûntsnappe kin, se dat net docht. Se beseft dat se lijt oan it Stockholmsyndroom, mar tagelyk hat se it gefoel dat Cole en sy op 'e iene of oare manear mei-inoar ferbûn binne. Wannear't Cole syn weromkearende dream oer it traumatyske foarfal út syn jonkheid wer kriget, fertelt er dêr neitiid oer en seit er dat er no beseft dat Railly de oerstjoere frou wie dy't by de delsketten man delknibbele. Sy besiket him oan it ferstân te krijen dat syn ûnderbewustwêzen dy frou no har gesicht jûn hat om't sy op dit stuit in protte yn syn gedachten is, mar Cole antwurdet dat er leaut dat sy it altyd al wie en dat er it earder nea trochhie. Ienris yn Philadelphia sleept Cole Railly mei yn in syktocht nei it Leger fan 'e Tolve Apen, wêrby't se harren op 'e ûnfeilichste plakken fan 'e stêd bejouwe. Yn in leechsteande, fertutearze skouboarch wurde se oerfallen troch in pear kriminelen, fan wa't de iene Cole mei in pistoal ûnder skot hâldt, wylst de oare risselwearret om Railly te ferkrêftsjen. Cole wurdt syn bewekker lykwols oermânsk en slacht de ferkrêfter dea foar't er Railly oanreitsje kin.
Lang om let fine se it haadkertier fan it Leger fan 'e Tolve Apen, dat in kloft ekstremistyske miljeu-aktivisten is dêr't Goines de oprjochter fan blykt te wêzen. Under bedriging mei it bútmakke pistoal fan syn eardere bewekker wit Cole fan inkele leden fan 'e groep los te krijen dat Goines de soan is fan 'e foaroanstande en smoarrike firolooch dr. Leland Goines. Mei de plysje op 'e hakken, dy't Cole siket yn ferbân mei de ferdwining fan Railly en de moard op 'e krimineel yn 'e skouboarch, bejouwe Cole en Railly har nei it lânhûs fan 'e famylje Goines. Cole kringt dêr binnen wylst der in feestlike soirée oan 'e gong is en konfrontearret Jeffrey Goines mei syn belutsenens by it Leger fan 'e Tolve Apen. Goines seit dat Cole him yn 1990 sels it idee foar de útrûging fan 'e minskheid jûn hat mei in firus dat er út it laboratoarium fan syn heit stelle kin. As befeiligingslju him efternei komme, naait Cole út, tramtearre troch de gedachte dat hy sels skoan ris ferantwurdlik wêze kinne soe foar de útrûging fan 'e minskheid. As er wer by Railly komt, dy't er sa lang yn 'e kofferbak fan 'e auto opsletten hie, bepraat sy him om him oer te jaan oan 'e plysje, dêr't se de sirenes yn 'e fierte al fan hearre kin. Wannear't se har eefkes omdraait, is Cole lykwols ynienen nearne mear te bekennen.
Cole is ûnderwilens wer yn 2035, dêr't er earst bot yn betizing liket te wêzen oer wat echt is en wat net. Nei't er in skoftke de tiid hân hat om te bekommen, bewissiget er de wittenskippers der lykwols fan dat hy de oanwiisde persoan is om jitris werom te stjoeren nei 1996 om foar iens en foar altyd út te sykjen hoe't it krekt gien is mei de fersprieding fan it firus. Hy is ommers de iennichste dy't alle spilers ken. Wannear't se him yndie foar de trêde kear werom yn 'e tiid stjoere, fynt Cole Railly werom. Har fertelt er lykwols dat se fan it begjin ôf oan gelyk hie: hy is geastlik net ynoarder en de episoades yn 2035 en de wittenskippers en alle lju dy't er dêr moetet, besteane inkeld yn syn holle. Railly is lykwols hielendal net bliid om dat te hearren, want, iroanysk genôch, hat sy ûnderwilens krekt dingen boppe wetter helle dy't bewize dat alles dat Cole bewearde, wier is, en dat hy yndie út 'e takomst wei werom yn 'e tiid stjoerd is. Railly skillet it tillefoannûmer dat Cole fan 'e wittenskippers krigen hie om boadskippen efter te litten en is ferromme dat it in tapytreinigingsbedriuw blykt te wêzen. Se ornearret dat se harsels dan miskien dochs mar bangmakke hat om neat. Se lit foar de grap in voicemailberjocht efter wêryn't se seit dat it Leger fan 'e Tolve Apen efter de firusútbraak sit. As se dat letter oan Cole fertelt, kin dy har wurd foar wurd fertelle wat se sein hat: it is it ferfoarme voicemailberjocht dat de wittenskippers foar him ôfspile hawwe.
Cole en Railly beseffe allebeide dat se fereale opinoar rekke binne en teffens dat se de fersprieding fan it firus net tsjinkeare kinne om't it, út Cole syn eachpunt wei, al bard is. Mei't Cole noch nea de see sjoen hat, keapet Railly fleantickets foar harren beiden nei de Florida Keys, dêr't se de lêste pear wiken útsitte sille. Of, as it allegear dochs net wier blykt te wêzen, dan sille se yn elts gefal in leuke fakânsje hawwe. Om't Cole noch altyd socht wurdt foar moard en ûntfiering, besoarget Railly him in momkape mei in prúk en in falske snor, wylst se sels har brune hier blond fervet. Dyselde nachts fiere Goines en syn Leger fan 'e Tolve Apen har grutte aksje út, wêrby't se alle bisten frijlitte út 'e Philadelphia Zoo en Goines syn heit Leland, dy't se earder ûntfierd hiene, yn 'e dieretún yn in koai opslute. Wannear't Cole en Railly de oare moarns nei de lofthaven geane om harren flecht nei de Florida Keys te heljen, binne der oeral yn 'e stêd ferkearsopstoppings fanwegen frij omrinnende wylde bisten. Cole en Railly binne opluchte dat de grutte aksje fan it Leger fan 'e Tolve Apen yn ferhâlding sa ludyk is, en hawwe no hope dat de firusútbraak útbliuwe sil.