Fiddler on the Roof is in Amerikaansk histoarysk romantysk komeedzjedrama út 1971 yn 'e foarm fan in filmmusical. De film stie ûnder rezjy fan Norman Jewison en waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1964. De haadrollen waarden spile troch Chaim Topol en Norma Crane. De titel betsjut "Fidelder op it Dak" en ferwiist nei de wiffe posysje dy't de etnysk Joadske minderheid hie yn it Keizerryk Ruslân, as immen dy't op 'e naal fan it dak de fidel spilet.

De film giet oer Tevje, in earme molkboer yn in etnysk Joadske delsetting yn 'e Oekraïne oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. Hy en syn frou Golde hawwe fiif dochters, wêrfan't trije de âldens hawwe om te trouwen. Alles dat Tevje út it libben wol, is dat syn dochters houliken oangean sille mei rike, tradisjonele, Joadske manlju. Wylst de spannings troch it oanwaaksend antysemitisme yn it Keizerryk Ruslân oanboazje, komt syn âldste dochter ynstee thús mei in earme tradisjonele Joad, de twadde mei in earme Joadske sosjalist en de trêde mei in kristen.

Fan 'e filmkritisy krige Fiddler on the Roof oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it sa'n trochslaand kommersjeel súkses, dat it de meast oprbringende film fan 1971 waard. Fiddler on the Roof waard nominearre foar acht Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en wûn trije; de film waard ek nominearre foar fjouwer Golden Globes en wûn twa, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.

Plot Yn 1905 wennet de earme molkboer Tevje yn it doarpke Anatevka, in typyske Joadske shtetl (delsetting) op 'e Pontysk-Kaspyske Steppe fan 'e Oekraïne, dy't op dat stuit ûnderdiel foarmet fan it útstrutsen Keizerryk Ruslân. Mei't it antysemitisme yn it ryk oanboazet en anty-Joadske pogroms altyd in gefaar binne, ferliket Tevje it libben fan 'e ynwenners fan Anatevka mei dat fan in fidelder op 'e naal it dak, dêr't er sa wif stiet dat er op elts stuit syn lykwicht ferlieze en te pletter falle kin. (Dy metafoaryske fidelder, dy't inkeld Tevje sjen kin, ferskynt mei tuskenskoften hieltyd op 'e nij.) Om wat te hawwen dêr't se op stypje kinne, hâlde de Joaden fan Anatevka har fêst oan 'e tradysjes fan harren folk, dy't fan âlder op âlder oerlevere binne.

Tevje en syn frou, Golde, hawwe fiif dochters, wêrfan't trije âld genôch binne om oan trouwen te tinken. Tevje is oer it algemien tefreden mei syn libben, al soed er wol wat mear jild hawwe wolle, mar it iennichste dêr't wier nei langet, is om syn dochters allegear in houlik te besoargjen mei in rike, tradisjonele, Joadske man. As er foar de sabbat it doarp fan molke, bûter en tsiis foarsjocht, moetet Tevje in frjemdling, de Joadske studint Pertsjik, dy't in radikale sosjalist út Kiëv is. Dyselde beskrobbet de doarpelingen om't se inkeld skande sprekke fan it nijs dat de tsaar de ynwenners fan guon oare Joadske doarpen út harren wenten ferballe hat, wylst se har der net aktyf tsjin oankantsje. Tevje nûget Pertsjik út om te sines te útfanhûzjen. Hy kin dan mei-ite yn ruil foar it ûnderrjochtsjen fan syn fiif dochters.

Underwilens kriget Golde besite fan Jente, de pleatslike keppelster, dy't har fertelt dat de slachter, Lazar Wolf, belangstelling hat om mei har âldste dochter Tzeitel te trouwen. No is Lazar in widner fan yn 'e sechtich, mar hy is nei ferhâlding ryk, dat Golde is sa bliid as in protter mei dat nijs. Se seit ta dat se Tevje nei de sabbat nei Lazar ta stjoere sil om it houlik te beävensearjen. Tzeitel is lykwols smoarfereale op 'e earme skroar Motel, dy't fan har eigen jierren is. Hja sit sadwaande alhiel net te wachtsjen op in houlik dat troch Jente regele wurdt en stiet der by har frijer op oan om mei har heit te praten. Mar de bleue Motel lit him troch de lûdroftige Tevje ôfskrikke en skrillet tebek.

Nei de sabbat giet Tevje op oantrúnjen fan Golde nei Lazar Wolf ta, mar Golde hat him net ferteld wat de slachter fan him wol, dat hy giet derfan út dat er syn melke ko keapje wol om it bist te slachtsjen. As beide mannen wat om 'e saak hinne prate, liedt dat ta in fermaaklik misferstân. Lang om let ûntdekke se dat se byinoar lâns oan it praten binne, en as Tevje ienris foar it ferstân kriget wat Lazar no eins fan him wol, liket de rike slachter him in poerbêste man ta foar Tzeitel. Hy stimt dêrom yn mei it houlik, wêrnei't er mei Lazar yn 'e pleatslike herberge bedarret om it spul mei in soad sterke drank te fieren. Wannear't er oan 'e ein fan 'e jûn dronken de herberge ferlit om op hûs oan, wurdt er oanholden troch de pleatslike konstabel, mei wa't er in goede relaasje ûnderhâldt. De konstabel warskôget him dat der mei koarten in lytse pogrom tsjin 'e Joaden fan Anatevka organisearre wurde moat, mei't er dêr fan boppenôf befel ta krigen hat.

De oare deis hat Tevje in freeslike kater. Golde is alhiel feringele as se heart dat it houlik fan Tzeitel mei Lazar Wolf beklonken is, mar Tzeitel sels is yn triennen. Sy en Motel smeke Tevje om Tzeitel net út te hylkjen oan 'e slachter, mei't se fereale opinoar binne en harrensels in jier lyn al oaninoar fersein hawwe. Tevje is lulk om't soks tsjin 'e tradysjes yngiet. Stel je foar: bern dy't op eigen manneboet bepale mei wa't se trouwe wolle, it moat ek al net mâlder! Mar as er sjocht hoe folslein oft Motel oan Tzeitel tawijd is en hoe gelokkich oft de jonge syn dochter makket, jout er belies. Hy stimt yn mei it houlik tusken Motel en Tzeitel, mar hat dan in nij probleem: hoe moat er dit oan Golde fertelle? Mei't it, nettsjinsteande al Tevje syn gerop en geraas, eins Golde is dy't by harren yn 'e hûs de broek oan hat, beslút er syn taflecht te nimmen ta list en bedroch. Dy nachts beart er dat er wekker skrikt út in nachtmerje wêryn't Golde har ferstoarne beppe, dy't ek Tzeitel hiet, him ferteld hat dat Tzeitel mei Motel trouwe moat, en wêryn't Fruma-Sarah, de ferstoarne frou fan Lazar Wolf, it drigemint utere hat om Tzeitel har dea te beävensearjen as se dochs mei Lazar trouwe soe. Sa't Tevje al ferwachte hie, konkludearret de byleauwige Golde dat de dream in boadskip fan har foarâlden is en dat Tzeitel mei Motel trouwe moat.

Underwilens botst de wetige Pertsjik oan ien wei troch mei Tevje syn twadde dochter Hodel. Op in dei krije se wer wurden, diskear oer Pertsjik syn útlis fan it bibelferhaal oer de aartsfaar Jakob, dy't op syn brulloft bedragen waard troch syn omke en skoanheit Laban, foar wa't er doe nochris sân jier wurkje moast om mei Rachel te trouwen, de frou fan wa't er hold. Neffens Pertsjik wol God mei dat ferhaal de minskheid warskôgje dat se wurkjouwers nea fertrouwe moatte. Hodel is skeptysk oer dy ynterpretaasje. De diskusje bedarret op it mêd fan it plak fan 'e Joadske tradysjes yn in feroarjende wrâld. Om in punt te meitsjen, skuort Pertsjik Hodel oerein en dûnset mei har, wylst neffens de Joadske tradysje manlju inkeld mei oare manlju dûnsje meie en froulju allinne mar mei oare froulju. Neitiid seit Pertsjik dat se no krekt in tradysje feroare hawwe. Hodel ferkeart alhiel yn betizing om't se ûnder it dûnsjen ta it besef kommen is dat se fereale rekke is op Pertsjik.

Op 'e brulloft fan Motel en Tzeitel besiket Lazar Wolf sjen te litten dat er gjin wrok koesteret foar syn ôfseine houlik troch it breidspear fiif hinnen te jaan. Wannear't Tevje út namme fan it breidspear in tankwurd útsprekt, slagget it Lazar dochs net om him stil te hâlden en brekt der rûzje út. Oaren bemuoie har dermei, sadat it útrint op in lûd getsier. Pertsjik makket dêr in ein oan troch derop te wizen dat Lazar syn houlik en Tevje syn ôfsizzen fan dat houlik net ien fan beiden ta de saak dogge: Tzeitel woe net mei Lazar trouwe, en Lazar hat him dêrby del te lizzen. Punt út. Dat in frou sizzenskip hat oer wa't har man wurdt, giet tsjin 'e tradysjes yn, sadat Pertsjik syn wurden ta in folslein nij getsier liede. Ynstee dat er him tenei katoen hâldt, lit Pertsjik sjen dat er him neat oan 'e tradysjes gelegen lizze lit troch te freegjen oft der ek in frou oanwêzich is dy't mei him dûnsje wol. Wylst eltsenien de siken ynhâldt om te sjen oft der in frou sa dryst is dat se dat oandoar, fermannet Hodel har en stapt nei foarren. Eltsenien sprekt der skande fan as sy en Pertsjik mei-inoar dûnsje, mar Motel en Tzeitel dogge itselde, en dan skuort Tevje Golde mei de dûnsflier op. It liedt ta in algemien dûnsjen fan manlju en froulju trochinoar.

De wille fan 'e Joadske mienskip wurdt lykwols rou ûnderbrutsen as de ynwenners fan it oanbuorjende kristlike doarp úteinsette mei de 'lytse pogrom' dêr't Tevje troch de konstabel al foar warskôge waard. De konstabel, dy't it spul mei tsjinnichheid organisearret, docht der sels net oan mei, mar hâldt der wol taferjoch op. As Pertsjik, de iennichste fan 'e Joaden dy't him ferset, ferwûne rekket trochdat er troch in pear man ôfseame wurdt, leit de konstabel it near op 'e fierdere fersteuring fan 'e brulloft. De wenten fan 'e Joaden en de synagoge wurde lykwols troch de kristenen fandalisearre. It brulloftsfolk bliuwt feralterearre stean ta te sjen, oant Tevje harren lulk freget wêr't se op wachtsje en oanfiteret om 'e rotsoai op te romjen.

In pear moannen letter wurdt Chava, de trêde dochter fan Tevje en Golde, op 'e dyk lestich fallen troch in groepke Eastersk-otterdoks kristlike jongemannen. Harren wille wurdt bedoarn as in oare jonge kristlike boer, Fjedka, harren op net mis te fersteane wize hjit om op te sokkebaljen. Neitiid rekket Chava mei Fjedka oan 'e praat. Om't se allebeide graach lêze meie, begjinne se boeken út te wikseljen en de ferhalen út 'e boeken te bepraten.

Om dyselde tiid hinne risselwearret Pertsjik om út Anatevka wei. Hy wol nei stêd om him by de Russyske Revolúsje fan 1905 te jaan. De deis ear't er fuort sil, fertelt er Hodel dat er in fraach foar har hat oer in politike kwestje. Sy heart der nij fan op as er dan oer har en himsels begjint, mar neffens him hat alles mei polityk te krijen en is in houlik yn begjinsel in sosjo-ekonomyske konstruksje. Dêr heakket er oan ta dat hy persoanlik foarstanner fan sa'n sosjo-ekonomyske konstruksje is. It duorret eefkes foar't Hodel dat ûntsifere hat as in houliksoansiik, mar dan jout se him entûsjast tawurd. Wannear't se it oan Tevje fertelle, seit dy dat der gjin sprake fan wêze kin dat Hodel mei Pertsjik trouwe sil, mar de beide jongelju ynformearje him kalmkes dat se him net om tastimming freegje, mar inkeld hoopje dat er syn seine oan harren houlik jaan wol. Dat giet tsjin alle tradysjes yn en Tevje wurdt poerlulk. Mar hy mei Pertsjik wol lije, nettsjinsteande al syn nuvere kluchten, en hy sjocht hoe gelokkich oft er Hodel makket, dat úteinlik jout er op 'e nij belies en jout harren sawol syn tastimming as syn seine.

Ek diskear is it wer in probleem om Golde fan it nijs op 'e hichte te stellen. Mei't er net bêst beare kin dat er wer in boadskip fan 'e foarâlden krigen hat, blaft er it der diskear mar gewoan út. Dat liedt yn earste ynstânsje ta rûzje tusken man-en-wiif, mar úteinlik leit Golde har by de sitewaasje del. Trouwen út leafde is in nij konsept foar Tevje en Golde, en it foarnommen houlik fan Pertsjik en Hodel liedt by harren ta in reëvaluaasje fan harren eigen houlik. Hoewol't se oaninoar keppele binne troch in keppelster lykas Jente, en hoewol't se inoar pas foar de earste kear seagen op harren houliksdei, komt Golde no ta it besef dat se fan Tevje hâldt. Hy fertelt har dat er ek fan har hâldt.

Hjerstmis wurdt Pertsjik yn Kiëv arrestearre as de kozakken in demonstraasje útinoar slane dy't hy tasprekt. Hy wurdt ferballe nei in strafkamp yn it fiere Sibearje. Nei't se in brief fan him ûntfongen hat, risselwearret Hodel om har dêr by him te jaan. As Tevje har freget hoe't se no fan immen hâlde kin dy't har freget om sa'n bar bestean mei him te dielen, antwurdet se dat er har hielendal net frege hat om by him te kommen en dat se har beslút folslein op eigen inisjatyf nommen hat. Tevje bringt har op 'e trein, en wylst se steane te wachtsjen, ûnthjit Hodel him dat sy en Pertsjik op tradisjonele wize ûnder in ôfdakje trouwe sille.