Guardians of the Galaxy, soms mei weromwurkjende krêft Guardians of the Galaxy Vol. 1 neamd, is in Amerikaanske science fiction-superheldefilm út 2014 ûnder rezjy fan James Gunn, mei yn 'e haadrollen Chris Pratt, Zoe Saldaña, Bradley Cooper, Dave Bautista en Vin Diesel. De titel betsjut "Beskermers fan it Stjerrestelsel". De film is basearre op it team fan superhelden mei deselde namme. De plot folget in groepke bûtenierdske kriminelen dy't gearwurkje moatte om in gefaarlik artefakt te stellen. As se it ienris hawwe, komme se yn konflikt mei in kriichshear dy't it artefakt as wapen brûke wol om 'e planeet fan syn fijannen te ferneatigjen. Guardians of the Galaxy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars en wûn in Hugo Award, fjouwer Saturn Awards en in Empire Award. Guardians of the Galaxy makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje en folget dêryn op Captain America: The Winter Soldier, út 2014. De film wurdt sels folge troch Avengers: Age of Ultron, út 2015, mar de ferhaalline fan 'e film giet fierder yn Guardians of the Galaxy Vol. 2, út 2017. In twadde ferfolch, Guardians of the Galaxy Vol. 3, kaam út yn 2023.
Plot Yn 1988 komt op 'e Ierde de mem fan 'e achtjierrige Peter Quill te ferstjerren oan kanker. Syn heit hat er nea kennen, mar neffens syn mem wie dy "in ingel, besteande út poer ljocht". As syn fertriet him oermânsk wurdt, flechtet de jonge by nacht it sikehûs út. Bûtendoar wurdt er opstriele troch in romteskip en ûntfierd troch in kloft bûtenierdsk dieven en smokkelders dy't harsels de "Teheisterders" neame. Harren lieder, de blauhûdige Yondu Udonta, ûntjout him neitiid ta in soarte fan surrogaatheit foar de jonge, dy't mank de Teheisterders grutbrocht wurdt. Fan syn mem hâldt de jonge Quill inkeld in walkman mei in kassettebantsje mei popmuzyk út 'e 1960-er jierren oer, en in ynpakt presintsje dat se him krekt foar har dea jûn hat.
Seisentweintich jier letter stelt Quill op 'e ferlitten planeet Morag in mysterieuze bol. Hy wit sels net wat der yn sit, mar wol dat it wat djoers is, dat er lukratyf ferkeapje kin oan in heelder dy't foar de tsjeafte eins Yondu Udonta en syn Teheisterders ynhierd hie. Ear't er Morag mei de bol ferlitte kin, wurdt Quill oanfallen troch de trewanten fan 'e fanatike Kree-kriichshear Ronan de Beskuldiger, dy't de bol blykber ek hawwe wol. Quill wurdt finzen nommen troch Korath, de ûnderkommandant fan Ronan syn leger, mar wit te ûntsnappen en ûntkomt mei de bol. Yondu Udonta is poer as er foar it ferstân kriget dat Quill him te fluch ôf west hat en de bol stellen hat foar't er dêr sels de kâns ta hie. Hy bedriget Quill fia lange-ôfstânskommunikaasje, mar Quill is der net fan ûnder de yndruk. Wannear't Korath sûnder wat bedijd te hawwen by Ronan weromkeart, set de kriichshear in preemje op Quill syn holle. Ek stjoert er de grienhûdige hiermoardneresse Gamora út, wa har tsjinsten hy te lien hat fan har pleechheit, de sljochtsinnige titaan Thanos. Har taak is om him de bol te bringen.
Quill reizget mei syn romteskip, de Milano, nei de planeet Xandar, dêr't it regear fan it Novaryk residearret. It Novaryk hat krekt in iuwenlange fete mei it Keizerryk fan 'e Kree beëinige mei in fredesferdrach, dat lykwols troch Ronan de Beskuldiger net erkend wurdt. Quill bringt de bol by de heelder foar wa't er it foarwerp stellen hat, mar as dy foar it ferstân kriget dat Ronan it ding ek hawwe wol, hoecht er it net mear en poeieret er Quill ôf. Sadree't de feralterearre Quill wer bûtendoar stiet, wurdt er oanfallen troch Gamora, dy't him de bol ûntstelt en dermei útnaait. Dat lit Quill him net barre, dat hy giet efter har oan en se reitsje slaande deilis. Alle trelit lûkt de oandacht fan in pear preemjejagers: de lytse, genetysk manipulearre, selsbewuste waskbear Rocket en dy syn grutte, beam-eftige humanoïde partner Groot, dy't ferbaal beheind is ta de wurden "Ik bin Groot". Dy beiden minge harren yn it gefjocht as se beseffe dat der in priis op Quill syn holle stiet. It Novakorps, dat yn it Novaryk wet en oarder hanthavenet, pakt de fjochtersbazen alle fjouwer op, wêrnei't se ôffierd wurde nei 'de Une", in swierbefeilige finzenis op in romtestasjon.
As se yn 'e Une oankomme, wurdt Quill fuortendaliks it slachtoffer fan seksuele yntimidaasje troch in oare finzene, mar nei't Groot in wan bruien útdield hat, makket Rocket oan eltsenien dúdlik dat Quill fan him en Groot is, mei't se noch altyd wisberet binne en ynkassearje de preemje dy't op syn holle set is. It liket Quill foar syn eigen wolwêzen de baas en bleau foarearst mar yn 'e neite fan 'e beide preemjejagers. Underwilens hat Gamora noch gruttere swierrichheden, mei't de oare finzenen har werom kenne as de pleechdochter fan Thanos en de trewant fan Ronan, dy't beide ferantwurdlik binne foar in protte deaden. Ien fan 'e finzenen, Drax de Ferneatiger, makket de oaren dúdlik dat Gamora sines is om dea te meitsjen as wraak foar de moard op syn frou en dochterke troch Ronan de Beskuldiger. Quill bemuoit him mei de kwestje en wiist Drax derop dat er Gamora better as lokies foar Ronan brûke kin ynstee fan har te fermoardzjen. Mei dat argumint wit er bloedferjitten foar te kommen.
Gamora seit dat se nea in willige ûnderhearrige fan Thanos en Ronan west hat en dat se fan doel wie om 'e bol út Ronan syn hannen te hâlden, mei't hy der in hiele planeet mei ferwoastgje wol. Gamora hat in keaper foar de bol yn gedachten en wol mei de opbringst har ferdwining finansiere. Mei Quill, Rocket en Groot praat se ôf om it jild te dielen as se mei-inoar út 'e Une útbrekke kinne. De lichaamlik en geastlik skeinde Rocket beskikt oer in geniaal ferstân en hat al in ûntsnappingsplan ree. Hoewol't de ympulsive Groot dat hast bedjert, slagget it harren dochs om út te brekken, en Drax de Ferneatiger jout him by harren. Fiifresom ûntkomme se yn 'e Milano. Underwilens hat Ronan de Beskuldiger in moeting mei Gamora har pleechheit Thanos, wêrby't har ferrie besprutsen wurdt. Se stjoere Gamora har pleechsuster, de cyborg Nebula, efter har oan.
Op oanwizing fan Gamora berikke Quill-en-dy Knowhere, in ôfhandige, wetteleaze bûtenpost yn 'e romte, dy't boud is yn 'e reuseftige ûnthalze holle fan in himeling. Wylst Quill, Gamora, Rocket en Groot nei de sammelder Taneleer Tivan geane om 'e bol te ferkeapjen, nimt in dronken Drax kontakt op mei Ronan om him de lokaasje fan 'e groep te fertellen, sadat er einlings yn in gefjocht fan man tsjin man mei syn aartsfijân ôfweve kin. Tivan iepenet de bol en fertelt Quill-en-dy dat it artefakt yn 'e bol ien fan 'e Uneinichheidsstiennen is, in foarwerp fan ûnmjitlike krêft dat inkeld troch de machtichste wêzens brûkt wurde kin sûnder dat it harrensels ferneatiget. As se dat heart, grypt Carina, in slavinne fan Tivan, de stien om in ein oan har ellindich bestean te meitsjen. Dêrby feroarsaket se in ûntploffing dy't it mânske argyf fan Tivan ferrinnewearret en gâns slachtoffers makket. Quill en Gamora oerlibje it troch dekking te sykjen efter in stielen bak, wylst Groot mei Rocket ûnder de earm fier genôch fuort draaft om inkeld fan 'e sokken blaasd te wurden. Gamora docht de bol wer om 'e Uneinichheidsstien hinne en nimt it ding mei.
Dan arrivearret Ronan mei in kloft trewanten, ûnder wa Nebula. Drax hjit Ronan dat er him deadzje sil foar de moard op syn frou en dochter, mar Ronan ferslacht him mei gemak en seit dat Drax en syn gesin sa'n bytsje foar him betsjutte dat er him de dea fan syn frou en dochter net iens mear tebinnenbringe kin. Ronan lit Drax foar dea efter, mar Drax wurdt neitiid rêden troch Groot. Underwilens pykt Gamora yn in mynwurkersfartúch út mei de Uniennichhheidsstien. Nebula efterfolget har, ferneatiget it fartúch, stelt de bol mei de Uniennichheidsstien en lit Gamora driuwkeljend yn 'e romte efter. Quill nimt kontakt op mei Yondu Udonta om syn lokaasje troch te jaan, foar't er Gamora de romte yn folget en har libben rêdt mei syn beäzemingstastel. Se wurde rêden troch Udonta en de Teheisterders foar't harren soerstof oprekket. Rocket, Groot en in him oer syn misse set feroatmoedigjende Drax efterfolgje Udonta-en-dy yn 'e Milano en driigje it romteskip fan Udonta op te blazen as er Quill en Gamora net gean lit. Aldergeloks binne Quill en Udonta dan krekt ta oerienstimming kommen, dat de beide groepen smite de lapen gear.
It is dúdlik dat Ronan de Uneinichheidsstien brûke wol om 'e planeet Xandar te ferneatigjen. Quill, Gamora en Groot binne it deroer iens dat se dat net talitte kinne om't it moreel ferkeard is. Se sjogge wol yn dat se foar it neist in konfrontaasje mei Ronan net oerlibje sille, mar se kinne net neatdwaan wylst de dwylsinnige kriichshear hiele planeten útrûget. Fan Drax hat Ronan noch hieltyd wat te goede, al stelt er him nei syn kânsleaze nederlaach pragmatysker op. Hy beseft dat er freonen fûn hat en dat in man net sûnder freonen kin. As Rocket sjocht dat it de oaren mienen is, slút er him skodholjend en tsjin betterwitten yn by harren oan. Udonta seit de stipe fan syn Teheisterders ta yn ruil foar it ûnthjit fan Quill dat dy de Uniennichheidsstien nei it ferslaan fan Ronan oan him (Udonta) oerdrage sil. Quill stjoert in warskôging foar de plannen fan Ronan nei Rhomann Dey, in lid fan it Novakorps mei wa't er al ferskate kearen gedoente hân hat.
Oan board fan syn romteskip set Ronan de Uneinichheidsstien yn 'e kop fan syn kriichshammer. Hy hie oars tasein de stien oan Thanos ôf te stean, mar hy brekt syn ûnthjit. Mei Thanos nimt er kontakt op om te sizzen dat er, nei't er mei Xandar ôfweefd hat, fan doel is om Thanos lytsman te meitsjen, as ôfrekken foar de delbûgende wize dêr't Thanos him hieltyd op behannele hat. Nebula, dy't har pleechheit hatet, seit Ronan har help ta by beide ûndernimmings.
Yn 'e loft boppe de haadstêd fan Xandar jouwe de Teheisterders har by de ferdigeners fan it Novakorps om Ronan tsjin te kearen. Dyselde brûkt lykwols syn kriichshammer, dy't no de krêft fan 'e Uniennichheidsstien hat, om troch de ferdigening hinne te brekken en de float fan it Novakorps te ferneatigjen. Hy stjoert lâningstroepen nei it planeetoerflak, dy't lykwols allegearre de dea fine as se besykje Yondu Udonta finzen te nimmen. Mei in wapen dat troch himsels ûntwurpen is, sjit Rocket in gat yn 'e romp fan it reuseftige skip fan Ronan. Dêrtrochhinne ynfiltrearje Quill, Gamora, Drax en Groot it skip. Se fjochtsje harren in wei nei de brêge ta. Drax deadet Korath en Gamora ferslacht Nebula, dy't lykwols wit te ûntkommen. As se lang om let de brêge berikke, docht bliken dat se Ronan net oer kinne no't dy oer de krêft fan 'e stien beskikt. Wannear't Ronan op it punt stiet harren om hals te bringen, batst Rocket mei syn romtejager it skip fan 'e kriichshear binnen en lit syn jager boppe-op de kriichshear delstoarte. It romteskip fan Ronan rekket dêrtroch sa swier skansearre, dat it delstoart, midden yn 'e ûnderwilens ûntromme haadstêd fan Xandar. Groot offeret himsels op om syn freonen te rêden, troch harren by it delkommen op te fangen yn in reuseftige bosk tûken en twigen dy't er groeie litten hat. Mei't er dêr al syn libbenskrêft foar ynset, oerlibbet er dat sels net, ta djip fertriet fan 'e oars sa lakonike Rocket. As dyselde syn stjerrende freon freget wêrom't er dit docht, antwurdet Groot foar de earste kear mei wat oars as "Ik bin Groot", nammentlik: "Wy binne Groot."