Soul Taken (letterlik: "[de] Siel Untnommen") is it trettjinde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Soul Taken ferdwynt de grizelige fampier Wulfe, wylst tagelyk in searjemoardner mei boppenatuerlike krêften yn 'e Tri-Cities aktyf is. Mercy moat mei de help fan har man Adam en har freonen Wulfe sjen op te spoaren, waans ferdwining al rillegau ferbân blykt te hâlden mei de rige moarden. Soul Taken waard foar it earst publisearre yn 2022, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books. __TOC__ Eftergrûn fan 'e searje Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in teenagedochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.

Ynhâld Der binne nije spannings yn 'e ridel dêr't Mercy har man Adam Hauptman de alfa fan is. Dat wurdt feroarsake troch it feit dat ien fan 'e leden, de ienskonkige wearwolf Sherwood Post, dy't desennia lang oan ûnthâldsferlies litte, troch it wurk fan Mercy har pleechbroer Charles Cornick en dy syn frou Anna syn ûnthâld weromkrigen hat (sjoch: Wild Sign). It docht bliken dat Sherwood in stik dominanter is as er sûnder syn ûnthâld liek te wêzen, mei as gefolch dat Adam him yn syn liederskip fan 'e ridel troch Sherwood bedrige fielt. Sherwood Post (in oannommen namme) wol net folle loslitte oer syn werfûne identiteit en hâldt fêst oan 'e namme dy't er de ôfrûne desennia brûkt hat. Mercy ûntdekt lykwols dat er eins in Cornick is, de âldste broer fan 'e marrok, Bran Cornick, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Mercy ken Bran goed, want dat is har pleechheit, yn waans ridel yn Montana hja opgroeid is. Zack, in oar âld lid fan 'e Columbia-ridel, djippet út syn ûnthâld in ferhaal op oer in Cornick-wearwolf, it Grutte Bist fan Noardumberlân, dy't jierrenlang de bêtawolf (twadde yn rang) fan in ridel wie hoewol't er eins dominanter wie as de alfa. Zack ornearret dat Sherwood dy wearwolf is, en dat er dus syn ynstinkt om Adam te befjochtsjen om 'e lieding oer de ridel ûnderdrukke kinne moat as er dat wol. Sherwood seit ta dat er dat besykje sil.

Wylst se de ôfkearde krisis noch oan it bepraten binne, doemt der al in nijenien op: Marsilia, de hearskeresse oer de fampieren yn 'e Tri-Cities, mei wa't Adam en Mercy in neat te noflike, mar dochs wurkbere ferstânhâlding hawwe, jout op tige ûngebrûklike wize in boadskip oan harren troch. It docht bliken dat Wulfe, dy't behalven in tige grizelige (want geastlik steurde) fampier ek in heks en in tsjoender is, fermist wurdt. Mei't er de lêste tiid Mercy oan it stalken wie (sjoch: Smoke Bitten) nei't se syn belangstelling opwekke hie troch him by fersin in skoftke ynderlike rêst te jaan (sjoch: Storm Cursed), beskuldiget Marsilia Adam derfan dat er Wulfe út 'e wei romme hat. As dat net sa is, kinne Adam en Mercy mar better sjen dat se it bewize troch Wulfe te produsearjen, oars is it ferbûn tusken de ridel en de fampieren foargoed foarby. Behalven dat de manear, dy't Marsilia brûkt om har boadskip oer te bringen, nuver is, jildt dat ek foar har hâlden en dragen. Mercy wurdt dêrom fuortendaliks erchtinkend. Se ornearret dat it wol liket as hat Marsilia de wize fan it kontakt keazen om't it de iennichste manear wie dy't se ta har foldwaan hie, en ek spekulearret se dat Marsilia har wurden soarchfâldich sà keazen hat dat se by in ûnderfreging wierheidsgetrou úthâlde kin dat se Adam en Mercy net holpen of warskôge (want ommers ynstee bedrige) hat.

Mercy har earste reäksje is om te rie te gean by har freon Stefan Uccello, dy't ek in fampier is. By Stefan liket nimmen thús te wêzen. Mercy en Adam kringe it hûs binnen, dêr't Adam oanfallen wurdt troch in grutte ierdgeast mei in dizenich spineftige lichemsfoarm. Adam kriget al rillegau fersterking fan in bûnsgenoat fan 'e ridel, Larry Sethaway, de "kening" fan 'e eardsken. Twaresom weve se mei de 'spin' ôf, wylst Mercy op 'e sneup giet yn 'e kelder, dêr't se mei har skerpe prêrjewolvenoas ierdgeastemagy rûkt. It docht bliken dat der noch in twadde spineftige ierdgeast is, dy't risselwearret om in krêftige betsjoening op Adam en Larry los te litten. Mercy kiest derfoar om dat foar te kommen troch it wêzen op in krúsjaal momint oan te stompen, sadat de magy ynstee harsels rekket. Se ornearret dat sy der better oer kin as Adam en Larry, om't sy as de dochter fan 'e trickster Coyote in beskate ymmuniteit tsjin tsjoenderij hat (hoewol net altyd of tsjin alles). Neitiid weeft Larry mei de twadde spinne-ierdgeast ôf troch it wêzen te deadzjen.

Larry, waans eardsken alle oare boppenatuerlike wêzens yn 'e Tri-Cities yn 'e rekken hâlde, fertelt dat er Adam en Mercy te help komme koe om't ien fan syn ûnderhearrigen it hûs fan Stefan yn it each hold. Hy fertelt dat Stefan al in stikmannich dagen lang net mear sjoen is. Datselde jildt foar Marsilia en de oare fampieren, dy't nei alle gedachten in deimannich lyn yn in konfoai fan SUV's mei blindearre ruten út 'e kommunale filla fan 'e fampieren ôfset binne. Adam, Mercy en Larry freegje har ôf oft Iacopo Bonarata, byneamd de Hear fan 'e Nacht, dêrefter sitte kin. Dat is de gefaarlike hearsker oer alle fampieren yn Jeropa, mei wa't Mercy en Adam earder ris gedoente hân hawwe (sjoch: Silence Fallen). Mar neffens de ynljochtings fan sawol Adam as Larry befynt dyselde him noch altyd yn Milaan. Adam en Mercy wolle de filla fan Marsilia-en-dy trochsykje, mar Larry stiet der by harren op oan om dat by deiljocht te dwaan, dat sadwaande keare se werom nei hûs om yn it sturtsje fan 'e nacht noch in pear oerkes te sliepen. Mercy hat dan in dream wêryn't Stefan har opsiket en har op bittere toan fertelt dat hy en Marsilia oan Mercy in spultsje jûn hawwe om te spyljen. As se ferliest, giet se dea, en as se wegeret te spyljen likegoed. Mercy freget him oft it wol goed mei him en Marsilia giet, en hy antwurdet fan net, mar heakket dêroan ta dat se net oer harren yn noed sitte moat, om't fampieren sa taai as hier binne. It binne harren freonen dy't it altyd mei de dea bekeapje moatte.

De oare moarns komme Adam en Mercy fan George, in lid fan 'e ridel dy't by de plysje fan Pasco wurket, oan 'e weet dat der in deimannich lyn in heks yn Kennewick fermoarde is. It docht bliken dat dat de lêste is yn in hiele rige moarden op swakke brûkers fan in bytsje magy, lykas wite heksen, lytse ierdgeasten en healbloeden. Neffens George liket kwa metoade fan deadwaan yn itselde rychje de moard op in minsklike teenager thús te hearren, in Aubrey Worth, de foargeande jûns yn in supermerk yn Pasco. In tsjûge hat dêr op it parkearterrein fan 'e supermerk in persoan omrinnen sjoen ferklaaid as in fûgelferskrikker mei in sichte yn 'e hân, krekt as de antagonist yn 'e nije horrorfilm The Harvester ("De Risper"), dy't de foargeande jûns yn premiêre gien is. Adam en Mercy witte dat om't Adam syn teenagedochter Jesse dêr mei har freonen Tad en Izzy hinne west hat.

Mei Mercy har freon en eardere baas Zee op sleeptou bejouwe Adam en Mercy harren nei it plak delikt yn 'e supermerk. Zee is Siebold Adelbertsmiter, út âlde folksferhalen bekend as Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim, in tige machtige ierdgeast dy't foar de bûtenwrâld oer úthâldt dat er in gremlin is. Hy is mear fergetten oer boppenatuerlike saken as oaren ea witten hawwe. Mercy wurdt yn 'e supermerk daliks gewaar dat Aubrey Worth ek in bytsje ierdgeastebloed hie, dat hy heart beslist ta it type slachtoffer dat de searjemoardner útkiest. Se merkt op dat de dieder gjin rook neilit dy't se folgje kin, en dat er him nei it parkearterrein fan 'e supermerk en dêr wer wei ferpleatst hat troch teleportaasje. Se is bang dat Stefan de dieder is, mei't dy teleportearje kin en ek, troch de mystike bân dy't er mei Mercy dielt (sjoch: Bone Crossed), har befelje kinne soe syn rook net te rûken en te ferjitten dat er har sa'n befel jûn hie. Adam en Zee binne net fan 'e skuld fan Stefan oertsjûge, mei't it fermogen ta teleportaasje seldsum is, mar net sa seldsum dat it inkeld beheind is ta Stefan. Adam wiist derop dat Marsilia, bygelyks, ek oer dat fermogen beskikt. It moardwapen liket echt in sichte west te hawwen.

Nei it plak delikt besykje Adam, Mercy en Zee mei George it mortuarium, dêr't se it stoflik omskot fan Aubrey Worth besjogge. Mercy, dy't spûken sjen kin, wurdt de geast fan Aubrey Worth gewaar, dy't gjin ienfâldich spûkrestant is, mar de eigentlike siel fan 'e jongeman, dy't net nei it hjirneimels troch kin om't er fêstholden wurdt troch wat dat âld en kâld oanfielt: sûnder mis de sichte. Neitiid fertelt Zee dat The Harvester ynspirearre is troch wierbarde foarfallen, mei't der fjirtich jier lyn yn 'e Tri-Cities wier in searjemoardner aktyf wie dy't in sichte as wapen brûkte. Ek doe wiene it lytse, frijwol warleaze brûkers fan magy dy't de slachtoffers wiene. Zee bychtet op dat de sichte, dy't de Sielenimmer hjit, de reden wie dat hy him oarspronklik yn 'e Tri-Cities nei wenjen set hat. It is in âld magysk foarwerp, dat, krekt as Mercy har magyske gongelstôk, selsbewust wurden is. In grut ferskil is dat de Sielenimmer dejinge dy't him hantearret, geastlik beset en nei syn pipen dûnsje lit. Sokke selsbewuste wapens kinne machtiger wurde, wat reden genôch is foar Zee om harren te finen foar't se yn 'e hannen fan syn fijannen falle kinne.

In besyk oan 'e grêven fan inkele slachtoffers fan fjirtich jier lyn makket dúdlik dat ek de sielen fan dyselden noch altyd troch de Sielenimmer fêstholden wurde. Neffens Zee is de sichte eins gjin echt wapen, mar in ritueel foarwerp om offers mei te bringen oan in godheid. De namme fan dy godheid is al lang fergetten, mar dat wol net sizze dat de godheid sels net mear bestiet. Zee is poerrazen. Hy fertelt dat de rige moarden fjirtich jier lyn einige doe't de dieder fan 'e moarden, in opslûpen jonge dy't troch de Sielenimmer geastlik beset wie, dea weromfûn waard mei by him in sichte. Dat foarwerp (dat Zee ferneatige hat) wie oer in perioade fan withoefolle jierren makke mei swarte magy en soe mooglik it moardwapen west hawwe kinne, mar it wie net de Sielenimmer. Zee twifele, mar liet him op 'e doele bringe en socht op dat stuit net fierder, in flater dêr't er no spyt fan hat. It is dúdlik dat der fjirtich jier lyn immen efter de skermen aktyf wie dy't de hiele boel beävensearre.