thumb|Max Planck om 1930 hinne thumb|Hantekening fan Max Planck Max Karl Ernst Ludwig Planck (Kiel, 23 april 1858 – Göttingen, 4 oktober 1947) wie in Dútske natuerkundige op it mêd fan de teoretyske natuerkunde. Hy krige de 1918 Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1919 The Nobel Prize in Physics 1918. nobelprize.org foar de ûntdekking fan in konstante yn in fûnemintele natuerkundige ferliking, de Konstante fan Planck, dy 't yn alle ferlikingen fan de kwantummeganika foarkomt.

Nei syn stúdzjes yn München en Berlyn folge Planck yn 1885 earst in oprop om nei Kiel te gean, wêrnei't er yn 1889 nei Berlyn ferhuze. Dêr wurke Planck oan de strieling fan swarte lichems en yn 1900 koe er in formule presintearje dy't letter nei him ferneamd waard, Plancks strielingsformule, dy't dy strieling foar it earst korrekt beskreau. Dêrmei lei er de basis foar de moderne kwantumfysika.

Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk natuerkundige Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1947