De 5e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 18 july oant en mei 4 augustus 1907.

Ferin fan 'e koers Yn de twadde etappe by de einspurt yn Metz fochten Emile Georget en Louis Trousselier om de deipriis. Georget like it te heljen, mar de sjuery besliste, dat beide hurdfytsers gelyk einige wiene. Yn de sânde etappe kaam Marcel Cadolle, winner fan de fjirde etappe, slim te fallen. By it oansetten ta de einsprint botste er op in karre dy't oan de dyk stie. It hânfet fan syn stjoer hie by de fal syn knibbel trochboarre. Dat betsjutte it ein fan Cadolle karriêre as hurdfytser. Yn de njoggende etappe fan Toulouse nei Bayonne bruts it frame fan de fyts fan klassemintslieder Émile Georget, neffens de regleminten moast er de skea eigenhannich reparearje. Georget wist dat soks teminsten in efterstân fan 5 oeren opsmite soe en wiksele dêrom fan fyts wat yn striid mei de regleminten wie. Hy waard dêrnei fanwegen klachten fan oare hurdfytsers nei it lêste plak fan de ritútslach weromset. Hy wûn letter noch al wat etappen, mar dizze omgong winne wie net mear mooglik. Guon hurdfytsers wiene it net iens mei dit beslút en stapten út protest út de koers. Lucien Petit-Breton naam de lieding yn it klassemint en waard fierder net mear bedrige.

Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder 8 July 1ste Parys - Roubaix 272 km Louis Trousselier Louis Trousselier 10 July 2e Roubaix - Metz 398 km Emile Georget Louis TrousselierGeorget en Trousselier waarden tegearre útroppen ta winner fan de 2e etappe 12 July 3e Metz - Belfort 259 km Emile Georget Emile Georget 14 July 4e Belfort - Lyon 309 km Marcel Cadolle 16 July 5e Lyon - Grenoble 311 km Emile Georget 18 July 6e Grenoble - Nice 345 km Georges Passerieu 20 July 7e Nice - Nîmes 345 km Emile Georget 22 July 8ste Nîmes - Toulouse 303 km Emile Georget 24 July 9e Toulouse - Bayonne 299 km Lucien Petit-Breton 26 July 10e Bayonne - Bordeaux 269 km Gustave Garrigou Lucien Petit-Breton 28 July 11e Bordeaux - Nantes 391 km Lucien Petit-Breton 30 July 12e Nantes - Brest 321 km Gustave Garrigou 1 Augustus 13e Brest - Caen 415 km Emile Georget 4 Augustus 14e Caen - Parys (Parc des Princes) 251 km Georges Passerieu Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder

1907 Kategory:Barren yn 1907