It Parc des Princes is in fuotbalstadion yn Parys, wêryn't Paris Saint-Germain sûnt 1974 spilet. It hjoeddeistige stadion waard yn 1972 boud, nei in ûntwerp fan de arsjitekt Roger Taillibert. De kapasiteit wie sa'n 42.000 taskôgers. Omdat Frankryk it EK 2016 organisearre waard de kapasiteit fan it stadion útwreide nei 51.000 taskôgers. thumb|left|200px|It âlde Parc des Princes yn 1932 Foar it hjoeddeistige stadion stie der op itselde plak in stadion mei in hurdfytsbaan om de gersmatte hinne. Dizze baan wie 54 jier lang de einstreek fan de Omgong fan Frankryk. Yn 1932 waard it stadion yngreven útwreide. It âlde stadion waard yn 1970 ôfbrútsen, de hurdfytsbaan kearde net werom yn it nije stadion dat yn 1972 iepene waard.
Kategory:Bouwurk yn Parys Kategory:Fuotbalstadion yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1897 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1970 Kategory:Bouwurk út 1972