It Vélodrome Jacques-Anquetil (earder: vélodrome de Vincennes en Vélodrome Cipale) is in net oerdekte hurdfytsbaan yn Vincennes, sûnt 1929 ûnderdiel fan Parys. De baan waard boud yn 1896 en brûkt foar de Olympyske Simmerspullen yn 1900 en 1924; men hold der yn 1900 de iepenings - en slutingsseremoanje. Ek fûnen de wedstriden baanhurdfytsen, gymnastyk, fuotbal, rugby en cricket der plak. Tusken 1968 en 1974 lei de einstreek fan de Omgong fan Frankryk op dizze baan.

Op 30 july 1897 ferbruts de Belgyske hurdfytser Oscar Van den Eynde hjir it wrâldoererekôr mei in ôfstân fan 39,240 km.

Kategory:Bouwurk yn Parys Kategory:Sportstadion yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1896