De 6e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 13 july oant en mei 9 augustus 1908.
De oerwinning fan Lucien Petit-Breton yn 1907 waard tige bekritisearre. Hy waard sels in twadderangswinner neamd, dy't syn oerwinning allinnich mar te tankjen hawwe soe oan de straf dy't Emile Georget yn de njoggende etappe krigen hie. Petit-Breton woe dêrom yn de Omgong fan 1908 graach it ien en oar rjochtsette.
Tsjin de sterke Lucien Petit-Breton wie net folle te begjinnen. Boppedat koe er foar in stunt soargje troch as earste Omgong fan Frankryk twa kear te winnen. Dy gedachte allinnich al joech Petit-Breton wjukken en yn de lêste etappe sloech er dêrom nochris ta. De Breton, dy't in moanne lang hiel Frankryk yn besnijing hâlden hie, belibbe op wei nei it Parc des Princes in wiere triomftocht. Mei in moaie oerwinning yn de alderlêste etappe wie er de earste dy't de omgong twa kear wûn.
Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder 13 july 1ste Parys - Roubaix 272 km Georges Passerieu Georges Passerieu 15 july 2e Roubaix - Metz 398 km Lucien Petit-Breton Georges Passerieu Lucien Petit-BretonPasserieu en Petit-Breton hiene beiden 3 punten nei de twadde etappe. Guon boarnen jouwe oan dat sy mienskiplik lieder wiene, oare boarnen jouwe oan dat Passerieu de iennige lieder wie, dêrom is it net hielendal dúdlik wa 't nei de twadde etappe de klassemintlieder wie. 17 july 3e Metz - Belfort 259 km François Faber Lucien Petit-Breton 19 july 4e Belfort - Lyon 309 km François Faber 21 july 5e Lyon - Grenoble 311 km Georges Passerieu 23 july 6e Grenoble - Nice 345 km Jean-Baptiste Dortignacq 7e 25 july Nice - Nîmes 354 km Lucien Petit-Breton 8ste 27 july Nîmes - Toulouse 303 km François Faber 9e 29 july Toulouse - Bayonne 299 km Lucien Petit-Breton 10e 31 july Bayonne - Bordeaux 269 km Georges Paulmier] 2 Augustus 11e Bordeaux - Nantes 391 km Lucien Petit-Breton 4 Augustus 12e Nantes - Brest 321 km François Faber 6 Augustus 13e Brest - Caen 415 km Georges Passerieu 9 Augustus 14e Caen - Parys (Parc des Princes) 251 km Lucien Petit-Breton Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder
1908 Kategory:Barren yn 1908