De wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen binne wrâldkampioenskippen foar ferskate dissiplines en ôfstannen yn it baanhurdfytsen en wurde organisearre troch de UCI.

De kampioenskippen waarden foar it earst yn 1893 hâlden, yn it Amerikaanske Chicago. Dizze kampioenskippen waarden organisearre troch de International Cycling Association. Fan de kampioenskippen fan 1900 ôf naam de UCI de lieding op him. Oant no ta waard der alle jierren in kampioenskip hâlden, mei útsûndering fan 1915-1919 (Earste Wrâldkriich) en 1940-1945 (Twadde Wrâldkriich). By it kampioenskip fan 1939 waard de finale by de sprinters tusken de Nederlanner Arie van Vliet en de Belch Jef Scherens skrast, troch it útbrekken fan de kriich. De Dútser Albert Richter krige syn brûnzen medalje noch al útrikt.

Yn 1958 stiene ek foar it earst dissiplinen foar froulju op it programma. Yn 1993 waard der ôfstapt fan de twa klassen dy 't ûnderskied makken tusken profesjonele hurdfytsers en amateurs.

Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen manlju Sprint - sûnt 1893 Teamsprint - sûnt 1995 Efterfolging - sûnt 1946 Ploege-efterfolging - sûnt 1993 Keirin - sûnt 1980 Omnium - sûnt 2007 Tiidrid (1 km) - sûnt 1966 Puntekoers - sûnt 1977 Scratch - sûnt 2002 Offalkoers - sûnt 2021 Koppelkoers - sûnt 1995 Tandem - fan 1966 oant 1994 Stayeren - fan 1893 oant 1992

Medaljes Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint): hurdfytster Totaal Underdiel1 Arnaud Tournant 14 3 219Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin2 Chris Hoy 11 6 825Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin3 Harrie Lavreysen 11 3 014Sprint, Keirin, Teamsprint4 Florian Rousseau 10 2 416Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint5 Urs Freuler 10 0 515Puntekoers, Keirin, Ploege-efterfolging6 Kōichi Nakano 10 0 010Sprint7Cameron Meyer 9 4 215Ploege-efterfolging, Puntekoers, koppelkoers8 Grégory Baugé 9 4 114Sprint, Teamsprint9 Daniel Morelon 8 3 516Sprint, Tandem, Keirin10 Jeffrey Hoogland 7 8 015Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin, Teamsprint

Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen froulju Sprint - sûnt 1958 Teamsprint - sûnt 2007 Efterfolging - sûnt 1958 Ploege-efterfolging - sûnt 2008 Keirin - sûnt 2002 Omnium - sûnt 2009 Tiidrit (500 m) - sûnt 1995 Puntekoers - sûnt 1988 Scratch - sûnt 2002 Offalkoers - sûnt 2021 Koppelkoers - sûnt 2017

Medaljes Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint): hurdfytster Totaal Underdiel1 Anna Meares 11 10 6 27Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m)2 Kristina Vogel 11 1 414Sprint, Teamsprint, Keirin3 Félicia Ballanger 10 1 011Sprint, Tiidrit (500 m)4 Victoria Pendleton 9 5 216Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m) 5 Kirsten Wild 9 4 5 18Puntekoers, koppelkoers, scratch, omnium6 Sarah Hammer8 5 215Efterfolging, Ploege-efterfolging, Puntekoers, omnium7 Natallia Tsylinskaya 8 1 110Sprint, Tiidrit (500 m)8 Laura Kenny 7 7 115Ploege-efterfolging, scratch, omnium9 Lea Sophie Friedrich 7209Tiidrit (500 m), Keirin, Sprint, Teamsprint10 Chloé Dygert 7007Efterfolging, Ploege-efterfolging

Sjoch ek Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen Manlju/Froulju Wrâldkampioenskippen fjildriden Manlju/Froulju Wrâldkampioenskippen dykhurdfytsen Wrâldkampioenskippen berchfytsen

Baanhurdfytsen Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1893 Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1958