Kody Keplinger (Owensboro, 8 augustus 1991) is in Amerikaansk skriuwster fan benammen literatuer foar jongfolwoeksenen. Se is it bekendst wurden mei har debútroman The DUFF.
Libben en karriêre Keplinger waard yn 1991 berne yn Owensboro, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hja genoat har oplieding oan it Ithaca Kolleezje yn Ithaca (New York).
Yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle, doe't se santjin jier wie, skreau Keplinger har debútroman The DUFF. Doe't dat boek yn 2010 útjûn waard, helle it de bestsellerlist fan The New York Times. It is noch altyd har bekendste wurk. It waard yn 2015 ûnder deselde titel ferfilme.
Anno 2023 hat Keplinger noch seis oare romans skreaun, wêrûnder Lying Out Loud (2015), dat deselde setting hat as The DUFF, mar mei oare haadpersoanen gjin ferfolch neamd wurde kin. Yn 2021 skreau Keplinger fierders yn gearwurking mei yllustratrise Sara Kipin de grafyske roman Poison Ivy: Thorns, oer de supersmjuntinne Poison Ivy.
Priveelibben Keplinger wennet yn New York, dêr't se workshops yn kreätyf skriuwen jout.
Wurk romans 2010 – The DUFF 2011 – Shut Out 2012 – A Midsummer's Nightmare 2014 – The Swift Boys & Me 2015 – Lying Out Loud 2016 – Run 2020 – That's Not What Happened grafyske romans 2021 – Poison Ivy: Thorns (mei yllustratrise Sara Kipin)
Keppelings om utens Offisjele webside fan Kody Keplinger
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1991