Adrianus Aloysius Jacobus (Adrie) van der Poel (Bergen op Soom, 17 juny 1959) is in earder Nederlânsk fjildrider, en dykhurdfytser. Adrie van der Poel is de heit fan hurdfytsers Mathieu en David van der Poel 200px|thumb|left|200px|Adrie van der Poel yn 1989 Biografy Van der Poel hie in ymposante karriêre mei seis klassiker oerwinningen, twa etappe oerwiningen yn de Omgong fan Frankryk en it wrâldkampioenskip fjildriden yn 1996. Hy behelle boppedat yn protte eareplakken yn wichtige wedstriden, sa waard er twadde op it wrâldkampioenskip op de dyk yn 1983 en helle er fiif twadde plakken op wrâldkampioenskippen fjildriden.
Hy begûn syn karriêre op de dyk, en foel al yn syn earste seizoen by de profesjonele fytsers op mei twadde plakken yn Parys-Nice en de Waalske Pylk. Geandewei syn karriêre gie er ek fjildriden om it hiele jier yn kompetysje bliuwe te kinnen. Al gau die bliken dat er yn dy dissipline by de wrâldtop hearde en de lêste jierren fan syn karriêre hold er him suver allinne noch mei it fjildriden dwaande.
Adrie van der Poel waard yn syn karriêre twa kear op doping trappearre. Yn 1983 rûn er tsjin de lampe fanwegen strychninegebrûk. It ekskús dat er opfierde wie: "Ik heb duivenvlees gegeten, en die duivenmelkers drogeren hun beesten, dus vandaar". Yn 1984 waard er by de Omgong fan Sisylje betrape op it ferbeane middel efedrine. Dit middel wie ôfkomstich fan in hoastdrank dy't er nommen hie tsjin ferkâldheid, hy waard foar trije moannen skorst.
Yn 1986, it jier dat er de Omgong van Flaanderen wûn, waard er ûnderskieden mei de Gerrit Schulte Trofee foar de bêste Nederlânske profhurdfytser. Adrie is boaske mei in dochter fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk
1982 - 102ste; 1983 - 37ste; 1984 - net finisht; 1985 - 51ste; 1986 - 110ste; 1987 - 105ste; winner 9e etappe. 1988 - 84ste; winner 16e etappe. 1989 - net finisht; 1990 - 111ste; 1992 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Spanje 1991 - 71ste;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1993 - 100ste;
Ploegen 1981-1982 - DAF Trucks 1983 - Jacky Aernoudt Meubelen-Rossin 1984-1986 - Kwantum Hallen 1987-1988 - PDM 1989 - Domex-Weinmann 1990 - Weinmann-SMM Uster 1991-1992 - Tulip Computers 1993 - Mercatone Uno-Medeghini 1994-1995 - Collstrop 1996-2000 - Rabobank
Kategory:Nederlânsk hurdfytser Kategory:Nederlânsk fjildrider Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1959