Kung Fu Panda is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2008 ûnder rezjy fan John Stevenson en Mark Osborne. De film, dy't ta de sjenres fan wuxia, fantasy en aksjekomeedzje rekkene wurde kin, wie in produksje fan 'e tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De titel ferwiist nei it haadpersonaazje, dat in reuzepanda is dy't oan 'e fjochtsport kung fu docht. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jack Black en Dustin Hoffman, mei û.o. Ian McShane, Angelina Jolie, Lucy Liu, Jackie Chan en Seth Rogen yn 'e wichtichste byrollen. It ferhaal is pleatst yn in ferzje fan it Keizerryk Sina út 'e Aldheid dat befolke wurdt troch antropomorfe bisten. De panda Po dreamt derfan om in grut kung fu-kriger te wurden oant er op in dei by fersin oanwiisd wurdt as de 'Drakekriger' út 'e profesijen fan alearen. Dan wurdt it syn ferantwurdlikheid om it boasaardige snieloaihoars Tai Lung tsjin te kearen. Kung Fu Panda krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wûn tsien Annie Awards. It wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Dat late ta it ûntstean fan 'e Kung Fu Panda-mediafranchise, dy't bestiet út in filmsearje en ferskate tillefyzjesearjes, soundtrackalbums en fideospultsjes. It direkte ferfolch op Kung Fu Panda wie Kung Fu Panda 2, dat yn 2011 útkaam.

Plot Yn 'e Fredesdelling yn it Alde Keizerryk Sina is Po, in obese en knoffelige reuzepanda, de oannommen soan fan menear Ping, in goes dy't in eigen noedelrestaurant runt. Wylst syn heit it itensieden en optsjinjen it moaiste fynt dat der is en ferwachtet dat Po der itselde oer tinkt, dreamt Po eins fan in takomst wêryn't er in grut kung fu-kriger wurdt. Under it wurk werpt er gauris langjende blikken op 'e berch mei op 'e top it Jadepaleis, dêr't grutmaster Oogway, in âlde skylpod, en syn eardere learling master Shifu, in sjegrinige en strange lytse panda, no in kwintet nije kung fu-masters opliede. Dyselden steane bekend as de Furieuze Fiif en eltsenien ken harren nammen: Tigerinne, Aap, Kraanfûgel, Njirre en Bidsprinkhoanne. Po fantasearret deroer hoe't it wêze soe om 'e Furieuze Fiif as syn gelikensen en freonen te hawwen.

Underwilens docht yn it Jadepaleis de wize grutmaster Oogway de foarsizzing dat Tai Lung mei koarten losbrekke sil út syn tichthûs om mei wraak yn 't sin werom te kearen nei de Fredesdelling. Tai Lung is in snieloaihoars mei in grutte oanlis foar kung fu, en de eardere learling fan Shifu. Dyselde fûn him as jongkatsje te fûnling lein op 'e stoepe fan it Jadepaleis en brocht him sels grut. Tai Lung hie syn sinnen derop set om 'e Drakekriger út 'e âlde profesijen te wurden, en fysyk kaam er dêr beslist foar yn oanmerking. Mar Oogway seach tefolle tsjuster yn syn geast en wiisde him ôf. Dêrop sloech Tai Lung troch en loek in spoar fan dea en ferdjer troch de Fredesdelling nei it Jadepaleis. Master Shifu besocht him te kearen, mar syn leafde foar Tai Lung, dy't er as syn soan beskôge, ferrette him. Doe skeakele grutmaster Oogway Tai Lung út, wêrnei't dyselde yn in swierbewekke tichthûs yn Bûten-Mongoalje opsletten waard.

As Shifu de foarsizzing fan syn master heart, stjoert er fuortendaliks syn tsjinstfeint Zeng, in goes, nei Mongoalje ta om 'e sipiers fan it tichthûs te warskôgjen. Underwilens makket Oogway dúdlik dat er de Drakekriger oanwize sil. Neffens de leginden fan alearen is dat in kriger dy't weardich achte wurdt om in boekrôle, de Drakerôle, te lêzen, dêr't er sa'n kunde en macht oan ûntliene sil dat er ûnferslaanber wurdt. Shifu giet der logyskerwize fan út dat de Drakekriger ien fan 'e Furieuze Fiif wêze sil, dat hy organisearret in toernoai sadat syn learlingen harren fermogens toane kinne. As Po fan it toernoai heart, wol er der bittere graach hinne om syn idoalen oan it wurk te sjen, mar earst wurdt er opholden troch syn ferplichtings oan syn heit, en dêrnei falt it beklimmen fan 'e lange, lange treppen by de berch op nei it Jadepaleis him swier fanwegen al syn oergewicht. Dat as er lang om let boppe komt, is er te let en binne de poarten fan 'e arena al ticht en op 't slot.

Po besiket ferskate dingen om binnen te kommen, dy't allegear mislearje. Uteinlik lansearret er himsels by fersin heech de loft yn op in mei fjoerpylken bebûne stoel, wêrnei't er midden yn 'e arena delploft, krekt op it stuit dat Oogway de Drakekriger oanwize sil. De klau fan 'e grutmaster wiist dan nei Po. Shifu en de Furieuze Fiif beskôgje dat as in fersin, mei't Po inkeld by tafal rjocht foar Oogway delkaam doe't dy de klau útstiek, mar Oogway fertelt Shifu dat tafal net bestiet. Hy bliuwt derby dat Po de Drakekriger is. Shifu beslút dêrop om Po fuort te jeien mei in sa spartaansk mooglik trainingsrezjym, wylst de Fiif him beskôgje as in entûsjasteling sûnder wier talint foar kung fu. Nei de earste dei nimt Po yn omtinken om it oer te jaan en werom te gean nei syn heite noedeliterij. Hy sjocht nammentlik net yn hoe't er Tai Lung ea ferslaan kinne sil. Oogway fiteret him lykwols oan om mear yn it no te libjen en de takomst oan 'e takomst oer te litten. De folgjende dagen giet it mei de training net folle better, mar Po syn wichtichste talint blykt in reuseftich ynkassearringsfermogen te wêzen. Underwilens wit er de Furieuze Fiif stadichoan foar him te winnen troch syn trochsettingsfermogen, syn gefoel foar humor en syn talinten as kok.

Yn it tichthûs yn Mongoalje wurde de warskôgings negearre dy't Zeng oerbringt. De heechmoedige noashoarn Vachir, dy't der it befel fiert, nimt Zeng mei it tichthûs yn om sjen te litten dat Tai Lung ûnmooglik útbrekke kin. Troch de ûnsêftsinnige behanneling troch Vachir ferliest Zeng in inkeld fearke, dat njonken de mei keatlings fêstsette Tai Lung delkomt. Dyselde wit mei syn sturt it fearke te brûken om syn boeiens los te krijen, wêrnei't er, sa't Oogway al foarsjoen hie, koart wurk makket fan al Vachir syn befeiligingsmaatregels. Neitiid stjoert Tai Lung de troch him finzen nommen Zeng werom nei Shifu om syn weromkear oan te kundigjen. Shifu ljochtet Oogway dêroer yn, mei't er wit dat Oogway de iennichste is dy't Tai Lung beslist de baas kin, sa't er earder ek sjen litten hat. Mar Oogway hjit him dat er fertrouwen yn Po hawwe moat en kiest dat stuit om op te farren nei de himels yn in wolk fan pjiskebluossembledsjes.

Po hat ûnderwilens noch altyd gjin foarútgong boekt yn syn kung fu-training. Wannear't er heart dat Oogway ferstoarn en Tai Lung op kommendeweis is, krije Po en Shifu wurden, wêrby't Po syn master twingt en jou ta dat er net wit hoe't er him traine moat. Harren petear wurdt ôfharke troch Tigerinne, dy't derfan oertsjûge is dat Oogway yn 'e arena op it punt stie en wiis hàr oan as de Drakekriger, foar't Po sa hommels tusken harren yn delplofte. Sy beslút no om út te tsjen om Tai Lung ûnderweis nei de Fredesdelling op te wachtsjen en te besykjen om him op eigen manneboet te ferslaan. As se bûten it witten fan Shifu en Po om fuortglûpt om dat te dwaan, jouwe de oare fjouwer leden fan 'e Furieuze Fiif harren lykwols by har.

Wylst de Furieuze Fiif ûnderweis binne nei in toubrêge oer in grutte, djippe berchkleau, dêr't se Tai Lung hoopje te ferslaan, ûntdekt Shifu dat Po wol deeglik it fermogen ta ymposante lichaamlike krêftsynspannings hat, as er dêr mar genôch foar motivearre is. En wat Po motivearret, blykt iten te wêzen. Shifu set fuortendaliks útein mei in nije manear om Po te trainen, troch him iten foar te hâlden en him te twingen om kung fu te learen as er in kâns hawwe wol om it op te iten. Underwilens wachtsje de Furieuze Fiif Tai Lung op by de toubrêge oer de kleau, dêr't se him mei feriene krêften besykje tsjin te kearen. Hoewol't se it Tai Lung dreech meitsje, kin er harren wol oer en ferlammet er harren allegearre mei syn senuwstjittechnyk. Dêrnei ferkeapet er it warleaze fiiftal sa'n rotskop, dat se troch de loft weromfleane nei it Jadepaleis. Nei't se dêr delkommen binne, bringt Shifu harren wer by sûpe en stút.

As er heart wat der by de kleau bard is, beslút Shifu dat se net langer wachtsje kinne en dat Po no daliks de Drakerôle taparte krije moat. Wannear't Po dat hillige boekwurk lykwols iepenrôlet, docht bliken dat der hielendal neat yn stiet: it is inkeld in blanko stik papier. Yn wanhope jout Shifu de Furieuze Fiif opdracht om 'e befolking fan 'e Fredesdelling te evakuëarjen. Bittere teloarsteld keart Po werom nei it doarp en syn heit Ping, dy't ek alle besittings dy't er drage kin, byinoar socht hat om fuort. Om syn oerstjoere soan wat op te fleurjen, fertelt er him wat it geheime yngrediïnt is fan syn geheime-yngrediïntesop: neat. As Po him net begrypt, leit Ping út dat de iters, as se leauwe dat der in geheim yngrediïnt is, it sop belibje as ekstra lekker, hoewol't it dat net is. Dan falt by Po it kwartsje: de Drakerôle is blanko om't er inkeld yn himsels leauwe moat om 'e kennis en krêft fan 'e Drakekriger te hawwen.

Underwilens hat Tai Lung it Jadepaleis berikt, dêr't er syn âlde master Shifu yn in gefjocht ferslacht en dan de Drakerôle opeasket. Po arrivearret krekt op 'e tiid om Shifu te rêden, wêrnei't der in gefjocht tusken him en Tai Lung begjint. Nei in lange twastriid wit Tai Lung op 't langelêst de Drakerôle te bemachtigjen, mar hy is raar gesteld as er sjocht dat dêr neat yn stiet. Hy besiket syn lulkens en teloarstelling út te libjen op Po troch him te ferlamjen mei syn senuwstjit. It docht lykwols bliken dat Po syn obese lichem syn senuwen dêrtsjin beskermet, sadat er ymmún is foar Tai Lung syn effektyfste gefjochtstechnyk. Dêrop jout Po Tai Lung in wan bruien en ferballet him úteinlik nei it ryk fan 'e deaden mei de Wuxi-fingergryptechnyk. Neitiid wurdt Po as in held ynhelle as de bewenners fan 'e Fredesdelling weromkeare. Hy hat it respekt fan 'e Furieuze Fiif wûn en is no yn alles harren gelikens. Seisresom sette se harren oplieding fuort ûnder tafersjoch fan master Shifu.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                                                     akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje     Po, in reuzepanda Jack Black Edwin Evers master Shifu, in lytse panda Dustin Hoffman Rik Felderhof

byrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Tai Lung, in snieloaihoars Ian McShane Sander de Heer menear Ping, in goes James Hong Rob van de Meeberg grutmaster Oogway, in lânskylpod Randall Duk Kim Rients Gratama masteresse Tigerinne, in tiger Angelina Jolie Yolanthe Cabau van Kasbergen masteresse Njirre, in njirre Lucy Liu Froukje de Both master Aap, in gouden stompnoasaap Jackie Chan Jörgen Raymann master Bidsprinkhoanne, in bidsprinkhoanne Seth Rogen Rogier Komproe master Kraanfûgel, in Sineeske kraanfûgel David Cross Thom Hoffman Zeng, de boadskipper fan Shifu, in goes Dan Fogler Huub Dikstaal kommandant Vachir, de finzenisdirekteur, in noashoarn Michael Clarke Duncan Murth Mossel baarch #1 Kyle Glass ? baarch #2 J.R. Reed ?ferskate lytsere rollen Wayne KnightLaura KightlingerKent OsborneJohn StevensonMark Osborne Ewout EgginkTara HethariaPim KoopmanKim Jonke.o.

Produksje en distribúsje Produksje Kung Fu Panda waard regissearre troch John Stevenson en Mark Osborne nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch Ethan Reiff en Cyrus Voris. As produsinte wie Melissa Cobb by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $130 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer en John Powell.