Road Trip is in Amerikaanske gross-outkomeedzje en roadmovie út 2000 ûnder rezjy fan Todd Phillips, mei yn 'e haadrollen Breckin Meyer, Seann William Scott, Paulo Costanzo en D.J. Qualls. De titel is it Ingelske wurd foar in langere reis mei de auto, ornaris mei in rekreätyf doel. It ferhaal giet oer fjouwer studinten út Ithaca (New York), dy't mei de auto yn Austin (Teksas) besykje te kommen, foar't de post dêr in fideobân besoarget dy't ien fan harren syn yn Austin studearjende faam tastjoerd hat. By fersin is nammentlik net it fideoboadskip oan 'e faam opstjoerd, mar in opname fan syn seksuele eskapade mei in oar famke. Road Trip ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Yn 2009 waard ûnder de titel Road Trip: Beer Pong in ferfolchfilm direkt-op-fideo útbrocht.

Plot Yn it ramtferhaal fan 'e film kriget in groep mooglike nije studinten en harren âldelju op in iepen dei in rûnlieding op 'e kampus fan 'e (fiktive) Universiteit fan Ithaca yn Ithaca, yn 'e Amerikaanske steat New York. De toer wurdt fersoarge troch Barry, dy't al acht jier oan 'e universiteit trochbrocht hat en gjin risselwaasje makket om ôf te studearjen. Hy beskôget it as it moaiste plak op 'e wrâld, mar bringt syn tiid benammen troch mei blowen ynstee fan mei studearjen. Nei acht jier wit er noch net folle oer de universiteit, dat op 'e rûnlieding lult er mar wat út syn nekke. De leden fan 'e toergroep krije dêr op 't langelêst har nocht fan en driigje fuort te rinnen. Dêrop besiket Barry harren oandacht fêst te hâlden mei in wierbard ferhaal dat ien fan syn maten oerkommen is, dy't ek oan 'e Universiteit fan Ithaca studearre.

Josh Parker en syn buorfamke Tiffany Henderson groeiden fan bern ôf oan tegearre op, en doe't se yn 'e puberteit kamen, krigen se ferkearing. Nei de middelbere skoalle giene se lykwols nei ferskillende universiteiten. Josh kaam oan 'e geweldige Universiteit fan Ithaca te studearjen, wylst Tiffany foar bistedokter learde oan 'e Universiteit fan Austin, yn Austin (Teksas). Wannear't dat syn beslach kriget, beswarre Josh en Tiffany inoar dat se inoar trou bliuwe sille, en se skilje inoar eltse dei op. Josh stjoert Tiffany boppedat geregeldwei fideoboadskippen dy't er mei syn fideokamera opnimt op VHS-fideobannen. It falt lykwols net ta om in relaasje geande te hâlden oer de lange ôfstân, dat sa njonkelytsen begjint it mei de ferkearing yn it neigean te reitsjen. Op in stuit, as Josh Tiffany al in dei as trije net tillefoanysk berikke kinnen hat en neat fan har heart, begjint er nachtmerjes te krijen wêryn't se mei in oare jonge omslacht.

As er hast te let is foar in kolleezje Aldgrykske filosofy, freget Josh syn maat en keamergenoat Rubin om it jongste fideoboadskip foar him op 'e post te dwaan. Rubin seit ta dat it goedkomme sil. Underweis nei it kolleezje wurdt Josh oansprutsen troch Beth, in tsjeppe studinte dy't in eachje op him hat, mar net wit dat er al in faam hat. Beth wurdt stalkt troch Jacob, de klasse-assistint by Aldgrykske filosofy, dy't smoarfereale op har is, mar syn gefoelens troch har net beäntwurde sjocht. Ynstee dat er it euvel by himsels siket, beskôget er Josh as it probleem: as dy der net wêze soe, wie Beth perfoarst daliks foar him fallen. Professor Anderson, dy't Aldgrykske filosofy jout, warskôget Josh dat er, omreden fan in hiele rige ûnfoldwaandes, op syn folgjende tentamen in 8+ helje moat, oars wurdt er fanwegen wanprestaasjes fan 'e universiteit ferwidere. Mei't it tentamen al oer fiif dagen is, moat Josh sjen dat er oan it learen komt.

Dyselde deis wurdt dat lykwols neat mear. E.L., syn bêste freon, bepraat Josh nammentlik om net sa oer Tiffany en syn stúdzje yn te sitten, mar in bytsje fan it libben te genietsjen. As Tiffany net mear nei him omsjocht, hoecht hy him dochs ek net om har te bekroadzjen? E.L. troait Josh dy jûns mei nei in feestje, dêr't ferskate studintes harrensels by opbod ferkeapje litte foar in ôfspraakje, om jild yn te sammeljen foar in goed doel. Beth freget Josh om har te 'keapjen', om foar te kommen dat Jacob it docht. No sit Josh wat krap by kas, mar om't E.L. de feilingmaster is, dy't Jacob syn bod negearret, wit Josh dochs Beth foar $26 te 'keapjen'. Se ferlitte it feest tegearre en op Josh syn keamer reitsje se op inisjatyf fan Beth mei-inoar op bêd om seksuele omgong te hawwen foar de fideokamera dy't troch Beth oanset is.

De oare moarns, as Josh it mei syn maten E.L., Rubin en Barry oer de jûns tefoaren hat, komt te praat dat hy mei Beth op bêd west hat. As syn maten him net leauwe, ferriedt Josh by fersin dat der in opname fan it barren bestiet. Syn maten ûntfytmanje him de fideobân en stopje dy yn 'e fideorecorder, mar it iennichste dat derop stiet, is Josh syn fideoboadskip oan Tiffany dat Rubin foar him op 'e post dien hawwe soe. As Josh him freget wêrom't er dat net dien hat, en Rubin antwurdet dat er it wol deeglik dien hat, dyselde moarns ier, begjint by Josh it aaklik besef te daagjen dat der in ferskriklik fersin plakfûn hat, en dat de sekstape fan him en Beth opstjoerd is nei Tiffany.

Krekt op dat stuit skillet Tiffany. Mei't Josh sa oerstjoer is dat er net mei har prate kin, lit er it antwurdapparaat oannimme. Tiffany seit dat har pake stoarn is en dat se thús is, by har mem, dy't der raar ta sit. Se hat it de ôfrûne dagen sa drok hân mei de tariedings foar de begraffenis, dat se der net oan ta kommen is om Josh te skiljen. Moandei sil se wer yn har studintehûs yn Austin wêze, dat dan kinne se wol fierder prate. Mei't it no freed is, betinkt Josh dat er trije dagen de tiid hat om yn Austin te kommen en de fideobân te ûnderskeppen foar't Tiffany sjocht wat derop stiet. Mei't er gjin jild foar in fleanticket hat, beslút er de 2.900 km fan Ithaca nei Austin yn 'e auto ôf te lizzen. Om't er sels ek gjin auto hat, spant er mei-studint Kyle Edwards foar syn karke, in wat sneue en tige bleue jonge sûnder freonen dy't maklik te beynfloedzjen is en benaud is foar syn oerstrange heit Earl. Behalven Josh en Kyle geane ek E.L. en Rubin mei. Barry, dy't obsedearre is troch it fuorjen fan mûzen oan Rubin syn húsdier Mitch, in mânske wjirchslange, bliuwt efter yn Ithaca.

De fjouwer jonges sette koers nei Teksas, mar yn Pennsylvania, de buorsteat fan New York, komme se al yn 'e swierrichheden. De eigenwize E.L. beslút de autosnelwei te ferlitten foar in slûprûte oer efterôfdykjes, dêr't se lykwols troch strâne reitsje foar in ynstoarte brêge. Rubin, dy't natuerkunde studearret, berekkenet dat de auto mei genôch faasje maklik oer it gat middenyn 'e brêge hinne springe kin. As E.L. dat besiket, tsjin Kyle syn ynmoedich freegjen om dat net dwaan yn, blykt Rubin gelyk te hawwen: de auto springt moai oer de stikkene brêge hinne. Mar by it delkommen rekket er total loss. It kwartet set de reis dêrom fan needs geandefoets fierder en bringt de nacht troch yn in suterich motel dêr't Rubin om 'e nocht marihûana besiket te keapjen fan 'e ûnfatsoenlike resepsjonist.

Josh skillet út it motel wei it kantoar fan professor Anderson oan 'e Universiteit fan Ithaca op en freget oft er ek trije dagen útstel foar it tentamen Aldgrykske filosofy krije kin, om't syn boeken en oantekenings ferlern gien binne. Kyle syn auto is nei de sprong oer de brêge nammentlik net inkeld troch de assen sakke en mar ek yn 'e brân rekke en folslein útbaarnd. Josh mient dat er mei Anderson sels praat, mar it blykt Jacob Schultz te wêzen, dy't de stim fan 'e professor neibeart. Hy seit de trije dagen útstel ta om derfoar te soargjen dat Josh it tentamen misse sil. Josh sil dan net mear trochstudearje kinne, wat Jacob (yn syn eigen fantasij) rom baan jout om Beth foar him te winnen.

Mei't de fjouwer reizgers de creditcard fan Kyle syn heit, dy't Kyle foar needgefallen krigen hie, al leechplondere hiene noch foar't se syn auto fernielden, sitte se no wer sûnder jild. E.L. lost dat op, troch de bline resepsjoniste fan in blineskoalle te bedragen, sadat se him ien fan 'e skoalbussen fan it ynstitút meinimme lit om "reparearre" te wurden.

Underwilens komt Beth del yn 'e studintekeamer fan Josh en Rubin, op 'e siik nei Josh. Barry is de iennichste oanwêzige en hat inkeld belangstelling foar Mitch de slange. As Beth freget wêr't Josh is, antwurdet Barry, dy't neat fan topografy ôfwit, dizenich dat er nei syn freondinne is yn Austin, dat neffens him yn 'e steat Massachusetts of sa leit. Beth is poerlulk as se heart dat Josh al in faam hat, en se beslút om wraak op him te nimmen troch dy Tiffany Henderson te fertellen dat har feint efter har rêch om mei oare famkes omslacht. No hat se noch nea fan Austin, Massachusetts heard, dat se freget Barry oft er net Boston, Massachusetts bedoelt. Dêrop antwurdet dy dizenich dat dat ek wol kin. Dat, Beth nimt de bus nei Boston. Wilens ûntdekt Earl Edwards, Kyle syn oerhearskjende heit, dat syn creditcard oan 'e limyt ta leechhelle is. As er koart dêrnei berjocht kriget dat syn auto total loss by Bedford (Pennsylvania) oantroffen is, nimt er oan dat Kyle ûntfierd is. Ynstee dat er de saak troch de plysje útsykje lit, pakt er syn revolver en giet er der sels efteroan.

De fjouwer reizgers hawwe yn 'e tuskentiid mei harren skoalbus Tennessee berikt, dêr't se foar de nacht ûnderdak sykje yn it studintehûs fan in studinteferiening dêr't Rubin de geheime manear fan fûstkjen fan wit. Hy besiket de leden fan 'e (lanlike) feriening wiis te meitsjen dat hy lid is fan harren ôfdieling oan 'e Universiteit fan Ithaca, mar ferliest dêrby út it each dat it giet om in Afro-Amerikaanske studinteferiening, wylst hysels en syn maten allegearre blank binne. De swarte studinten binne lykwols de minsten net, en nei't se wat wille makke hawwe yn it neidiel fan harren gasten, biede se har likegoed in sliepplak oan. De bleue Kyle wurdt yn it studintehûs fersierd troch de grouwe swarte studinte Rhonda (dy't in kop grutter is as hy en wol fiif kear sa breed) en ferliest dy nachts syn fammesteat. De oare deis lit er oan syn trije reismaten in frouljusûnderbroek ter grutte fan in badlekken sjen, dy't Rhonda him meijûn hat.

Om't se noch hieltyd gjin jild hawwe, hâldt it kwartet letter dy deis ho as se by in spermabank lâns komme. Se wolle in donaasje yn ruil foar jild jaan, mar inkeld Josh en E.L. meie dat dwaan; Rubin wurdt ôfwiisd foar gebrûk fan marihûana, en Kyle om't er yn 'e lêste 24 oeren seks hân hat. E.L. besiket it oan te lizzen mei de tsjeppe âldere ferpleechkundige, dy't er om "profesjonele assistinsje" freget by it produsearjen fan syn bydrage oan 'e spermabank. Hja reägearret troch mei in pear fingers anaal syn prostaat te stimulearjen wylst se him ôflûkt. Dêr wurdt E.L. earst al even kjel fan, mar dan blykt it foar him in iepenbiering te wêzen. Letter oernachtsje de fjouwer reizgers by de pake en beppe fan Barry, dêr't se derefter komme dat dy syn efternamme tafalligerwize Manilow is, krekt as de ferneamde sjonger.

Underwilens berikt Beth Boston, dêr't se oan 'e universiteit op 'e siik giet nei Tiffany Henderson, dy't dêr yndie blykt te studearjen. Se nimt har apart en fertelt har dat har feint mei har op bêd west hat. Letter is se der tsjûge fan dat Tiffany de auto fan in har ûnbekende jonge hielendal fernield mei in honkbalkneppel, wêrnei't se mei itselde wapen op 'e jonge sels losgiet en him it sikehûs yn slacht. As de ferbjustere Beth oan ien fan 'e oare omstanners freget wa't dy jonge is, kriget se it antwurd dat it Tiffany har feint is, dy't blykber efter har rêch om mei oare famkes omslacht. Beth liket it dan de baas om mar stil wei te wurden. Underweis werom nei Ithaca falt it har yn dat se miskien wol te ferheftich reägearre hat op Josh syn misstap.