The DUFF is in Amerikaanske romantyske komeedzje en jeugdfilm út 2015 ûnder rezjy fan Ari Sandel, mei yn 'e haadrollen Mae Whitman en Robbie Amell. De titel ferwiist nei in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm dy't mank jongerein brûkt wurdt. It is in ôfkoarting dy't stiet foar "Designated Ugly Fat Friend", oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst", it lilke(re) en/of grouwe(re) lid fan in freonegroep, dat sels net begearlik is, mar troch oaren as oansprekpunt brûkt wurdt foar ynformaasje oer syn/har tsjeppe(re) freon(dinne)n. De film is loskes basearre op de roman mei deselde namme fan Kody Keplinger. It ferhaal folget Bianca Piper, in learlinge oan in Amerikaanske middelbere skoalle, dy't op in dei troch in petear mei har taktleaze buorjonge ûntdekt dat sy de DUFF fan har freondinnegroep is. Dat feroaret har libben folslein. The DUFF krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot Bianca Piper is in Amerikaanske teenager yn in foarstêd fan Atlanta, dy't goed leare kin en oan 'e ein fan har lêste jier is op 'e middelbere skoalle. Se wennet by har mem Dottie, dy't de kost fertsjinnet troch selshelpboeken te skriuwen en lêzings te jaan. Har heit is inkele jierren earder fan har mem skieden en spilet gjin rol mear yn Bianca har libben. Nettsjinsteande dat hat se in frij gelokkich en soargeleas bestean. Se hat twa bêste freondinnen, de leave Jess Harris, dy't hast eltse dei efter de naaimasine sit om't se moade-ûntwerpster wurde wol, en de stoere Casey Cordero, dy't spits is yn it skoalfuotbalteam en dêrnjonken aktyf is as hacker. Allebeide binne dy in stik oantrekliker as sysels. Mei syn trijen foarmje se in hecht groepke dat hast altyd byinoar is, sawol op skoalle as yn 'e frije tiid. Bianca is al tiden fereale op Toby Tucker, dy't ek yn 'e eksamenklasse sit. Hy is in gefoelige, kreätive jonge dy't gitaarspilet en syn eigen lieten skriuwt. Bianca hat him lykwols nea ferteld wat se foar him fielt om't se dat net doar.

Op in dei wurde Jess en Casey (en dêrom ek Bianca, dy't by harren is) yn 'e gong op skoalle oanholden troch Madison Morgan. Sy is it moaiste famke fan 'e klasse, mar ek it grutste kring fan 'e skoalle. Se nûget Jess en Casey út foar in feest dat se jout, mar partet Bianca foarby. Casey twingt har lykwols om ek Bianca as gast te akseptearjen. It feest is dyselde jûns al, en Bianca hat der mingde gefoelens oer, mar Jess en Casey beprate har om mei. Op it feest wurdt Bianca oansprutsen troch har buorjonge Wesley Rush, dy't in knipperljochtrelaasje mei Madison hat. Hy is ek in klasgenoat fan harres, in sportive jonge dy't de oanfierder fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle is. Bianca is mei him opgroeid en brocht as lyts bern in protte tiid mei him troch, mar sûnt binne se folslein útinoar groeid.

Wesley wol fan Bianca witte oft Casey al in feint hat. Yn it petear bringt er op 't aljemint dat Bianca ommers de "DUFF" fan Casey en Jess is. Bianca wit net wat dat betsjut, dat Wesley is sa freonlik om it har út te lizzen. In DUFF (in Ingelske ôfkoarting foar "Designated Ugly Fat Friend", oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst") is it lilke(re) en/of grouwe(re) lid fan in freonegroep, dat sels net begearlik is, mar troch oaren as oansprekpunt brûkt wurdt foar ynformaasje oer syn/har tsjeppe(re) freon(dinne)n, sa't Wesley no mei Bianca docht. As er har mei stomheid sleine reäksje sjocht, hastiget er him om dêroan ta te foegjen dat in DUFF eins sels hielendal net lilk of grou hoecht te wêzen, salang't syn of har freon(dinne)n mar knapper/tsjepper binne as hy/sy. Dat helpt lykwols net en de swier misledige en kwetste Bianca smyt Wesley har drinken yn it gesicht en giet ferûntweardige nei hûs.

Hoewol't se Wesley wol sjitte kin, beseft Bianca al rillegau dat er gelyk hat. De oare learlingen op skoalle binne allinne mar yn har ynteressearre om fia har mei Jess en Casey yn kontakt te kommen: famkes om mei de populêre fammen om te gean en jonges om mei harren út te gean. Mei har nije kennis begjint se om har hinne te sjen en yn elts freonegroepke kin se no sûnder swierrichheden de DUFF identifisearje. It makket Bianca poerrazen en se reägearret har ôf op Jess en Casey, dy't se derfan beskuldiget dat se har mei opsetsin as DUFF eksploitearje. Dat is fansels ûnsin, mei't Jess en Casey net iens witte wat in DUFF is, mar Bianca is op dat stuit net foar rede fetber. Se ûntfreonet Jess en Casey op al har sosjale media en yn persoan, en ferbrekt alle bannen mei de beide fammen. Dat betsjut lykwols dat se yn in folslein sosjaal isolemint belânet, om't nimmen no noch nei har omsjocht.

Bianca beseft dat se út it isolemint sjen moat te reitsjen. Se komt ta de konklúzje dat se feroarje moat, mar se wit net hoe't se dat oanpakke moat. Se kriget in idee as se menear Fillmore, de natuerkundelearaar, tsjin Wesley sizzen heart dat er mei rektor Buchanan oerlein hat oer Wesley syn minne sifers, en dat se besletten hawwe dat er net mear meidwaan mei oan Amerikaansk fuotbalwedstriden oant er bettere sifers hellet foar natuerkunde. Se sprekt Wesley letter oan en nei't se him fertelt hat dat se him noch altyd hatet, stelt se in folslein saaklike oerienkomst foar dêr't se allebeide better fan wurde kinne: sy sil Wesley byles jaan yn natuerkunde, en yn ruil dêrfoar moat Wesley har helpe om populêr te wurden. Wesley fynt it in apart idee, mar hy giet akkoart as er beseft dat byles fan Bianca miskien wol syn iennichste kâns is om foar de ein fan it jier noch Amerikaansk fuotbal te spyljen.

Wesley nimt Bianca mei nei it pleatslike winkelsintrum, dêr't er begjint mei har oer te leverjen oan 'e ferkeapsters fan in linzjerywinkel. Neffens him hat se nammentlik in ferkearde lichemshâlding om't se in te lytse beha draacht (kennis dy't er opdien hat fan it moaderelatearre realityprogramma Project Runway). Nei't se better ûnderguod oanskaft hat, ûndergiet se ek op it mêd fan make-up en klean in make-over. Wesley filmet har yn 'e klean dy't se past sadat Bianca it letter sels weromsjen kin en se it beprate kinne. Dêrby hawwe se in protte wille, fral as Bianca har healwiis útlibbet mei in moadepop en krekt docht as is dat Toby Tucker oan wa't se har leafde ferklearret. Wat sy en Wesley net witte, is dat Caitlyn, in klasgenoate fan harren dy't op alle fronten fungearret as hantlangster fan Madison, ek yn it winkelsintrum is en Bianca temûk tusken de kleanrekken troch ek filmet. Letter lit Wesley Bianca oefenje foar it mei útfreegjen op in ôfspraakje fan Toby troch willekeurige jonges yn it winkelsintrum oan te sprekken en te sjen oft se harren tillefoannûmers krije kin. Dat giet tweintich kear mis, mar de ienentweintichste kear hat se byt. Ek dat wurdt troch Caitlyn allegear op har mobile tillefoan fêstlein. As Caitlyn de bylden letter oan Madison sjen lit, set dy it filmke fan Bianca har strapatsen mei de moadepop daliks online, om't se Wesley as harres beskôget en jaloersk is op 'e bân tusken Bianca mei Wesley.

De oare deis op skoalle ûntdekt Bianca de fideo fan har op it ynternet, dy't har bot yn ferlegenheid bringt en dêr't alle oare learlingen har om útlaitsje. It filmke wurdt kear op kear dield fia sosjale media, oant Jess en Casey it sjogge. Hoewol't Bianca harren ôftanke hat en se lulk op har binne, wol dat net sizze dat se har fernedere sjen wolle. Jess freget Casey om der in ein oan te meitsjen, wêrnei't Casey de webside hackt en it filmke offline hellet. Logyskerwize nimt Bianca earst oan dat Wesley, dy't it foarfal mei de moadepop filme hie, foar de fideo ferantwurdlik is. As se him dermei konfrontearret, kin er lykwols bewize dat hy it net wie, om't de bylden dy't er op syn mobile tillefoan hat, út in hiele oare hoeke wei opnommen binne as de fideo op it ynternet. Wesley riedt Bianca oan om te bearen as wie it har bedoeling en publisearje it filmke, foarútrinnend op har mei út freegjen fan Toby. Se nimt syn goerie oan en stapt op Toby ta. Se freget him mei út op in ôfspraakje oansteande freed, en ta har ferrassing stimt er dêrmei yn.

Rektor Buchanan, dy't it filmke fan Bianca ek sjoen hat, beslút yn te gripen nei wat dúdlik in gefal fan narjen is, en nimt fan alle learlingen ûnder skoaloeren de mobile tillefoanen yn beslach. Dat falt net goed by de learlingen, dy't Bianca der de skuld fan jouwe. Sa wurdt se op slach de ympopulêrste persoan op skoalle. Lokkigernôch duorret de maatregel net lang, mei't Buchanan gek wurdt fan it ûnophâldlike rinkeljen, gûnzjen en fibrearjen dat út 'e twa doazen mei mobile tillefoanen yn syn kantoar komt en him it wurkjen ûnmooglik makket. Madison makket oan Bianca bekend wa't der efter it opladen fan 'e fideo sit. Se lit har sjen dat se ek bylden hat fan Bianca dy't yn it winkelsintrum willekeurige jonges oansprekt om in tillefoannûmer te bemachtigjen, en driget dat ûnder de titel "De Winkelsintrumhoer" online te setten as Bianca net by Wesley wei bliuwt. Bianca beslút har lykwols neat fan dat drigemint oan te lûken. Underwilens ûntdekt se dat it houlik fan Wesley syn âldelju op springen stiet. Se nimt him mei nei har spesjale geheime plak yn 'e bosk, in rotsblok dêr't se gauris op sitten giet te tinken en dat se dêrom de "Tinkrots" neamt. Dêr wit se him mei in petear op te fleurjen, wêrnei't er har ympulsyf op 'e mûle tutet. Neitiid meitsje se dêr grappen oer en beare se allebeide dat it neat te betsjutten hie.

Op freed, de deis foar it homecoming dance-skoalfeest op sneontejûns, giet Bianca op har ôfspraakje mei Toby, dêr't Wesley har foar traind hat. De training wie lykwols foar in ôfspraakje yn in restaurant, en dêr hat se neat oan as Toby har útnûget by him thús te iten. Hy hat nammentlik sels sushi makke. De hiele jûn besiket Bianca har oandacht derby te hâlden, want dit is dochs wêr't se sa lang fan dreamd hat. Mar eltse kear dwale har gedachten by Toby wei en nei Wesley ta. De jûn rint út op in debakel as Bianca foar it ferstân kriget dat Toby har oan it "DUFFen" is: hy bringt allinne mar tiid mei har troch om't er mient dat sy him yn kontakt bringe kin mei Jess en Casey. As se dan yn syn jiskefet ek noch in pûde fynt fan 'e ôfhel-Japanner, dy't Toby syn geëamel oer it sels meitsjen fan 'e sushi in grouwe fette leagen hjit, beseft se wat in sneu en oerflakkich mantsje oft er eins is en giet se yn triennen nei hûs. Se skillet Wesley op om mei him te bepraten wat har oerkommen is, mar kriget syn voicemail derfoar. Dêrop giet se nei de Tinkrots om it spul te beprakkesearjen, mar ta oermjitte fan ramp trappearret se Wesley dêr wylst er mei Madison oan it tútsjen is. As er letter by har oan 'e doar komt om't er har voicemailberjocht krigen hat, seit se him it mannewaar op.

Sneons siket Bianca, dy't skjin har nocht hat fan jonges, Jess en Casey wer op en ûntskuldiget se har foar har hâlden en dragen. Har freondinnen ferjouwe har en der folget in fermoedsoening. Mei help fan Bianca har mem Dottie beprate Jess en Casey har om dochs nei de homecoming dance te gean, dy't se eins leaver thús útsitten hie. Om in kleanstyl te finen dy't by Bianca past, makket Jess in seksy topke fan it rútsjese flanel fan 'e houtsjersoerhimden dy't se altyd draacht, dat se fêstnaait oan 'e rok fan it sjike jurkje dat se kocht hie foar har ôfspraakje mei Toby Tucker.