The Help is in Amerikaansk-Yndiaask-Emiratyske histoaryske dramafilm út 2011 ûnder rezjy fan Tate Taylor. De haadrollen waarden fertolke troch Emma Stone, Viola Davis en Octavia L. Spencer, wylst Bryce Dallas Howard, Jessica Chastain en Allison Janney de wichtichste byrollen spilen. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Kathryn Stockett. De titel betsjut "De Help", yn 'e sin fan "De Húshâldster".
It ferhaal folget Eugenia "Skeeter" Phelan, in jonge blanke frou mei progressive ideeën, dy't yn it segregearre Amerikaanske Suden fan 'e iere 1960-er jierren in karriêre begjinne wol as sjoernaliste en skriuwster. Om har eigen dream te kombinearjen mei har maatskiplike belutsenens, wit Skeeter Aibileen Clark en Minnie Jackson, twa swarte húshâldsters, safier te krijen dat se harren libbensferhaal troch har optekenje litte. It resultearjende boek stelt it rasisme en de minne behanneling oan 'e kaak, dy't it swarte tsjinstfolk him fan 'e rike blanke wurkjouwers wolgefalle litte moat.
The Help krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 4 Oscars en 5 Golden Globes, wêrûnder dy foar Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. Spencer wûn sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise.
Plot Yn 1963 is Aibileen Clark in swarte húshâldster yn Jackson (Mississippy), yn it Amerikaanske Suden, dêr't de rasseskieding noch strang hanthavene wurdt. Hja wurket foar de rike blanke húsfrou Elizabeth Leefolt. Behalven dat se de húshâlding berêdt, fersoarget se ek de opfieding fan Elizabeth har dochterke Mae Mobley, dy't troch har mem ferwaarleazge wurdt. Aibileen har bêste freondinne is Minny Jackson, de ûnder húslik geweld fan har man Leroy lijende húshâldster fan 'e op jierren reitsjende frou Walters. Dy lêste is by har dochter Hilly Holbrook ynlutsen en sadwaande wurket Minny no eins foar Hilly, dy't foarsitter is fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e Junior League en ek op oare manearen in liedende posysje hat binnen it fermidden fan rike jonge blanke froulju yn Jackson.
Eugenia Phelan, dy't troch eltsenien 'Skeeter' neamd wurdt, is in skoalfreondinne fan Hilly en Elizabeth, dy't koartby ôfstudearre is oan 'Ole Miss', de Universiteit fan Mississippy. As iennichste yn it fermidden fan Hilly-en-dy hat sy progressive opfettings en wol se net sa gau mooglik trouwe en bern krije. Ynstee dreamt se fan in karriêre as sjoernaliste en skriuwster. Behalven dat se in feministe is, hat se ek folslein tsjinstelde ideeën oan dy fan har freondinnen oer de behanneling fan swarten. Wylst Hilly, Elizabeth en de oaren op it swarte tsjinstfolk en de Afro-Amerikanen yn it algemien delsjogge, beskôget Skeeter dyselden as har gelikensen en fynt se it freeslik ûnrjochtfeardich hoe't se behannele wurde. Se is sadwaande hieltyd ûnnofliker mei de rasistyske opfettings fan Hilly, dy't bgl. net wol dat it swarte tsjinstfolk nei itselde húske giet as sysels, om't se dêrmei gefaarlike sykten ferspriede soene.
Skeeter wennet mei har âldelju en broer op Longleaf, de katoenplantaazje fan har famylje op it plattelân bûten de stêd. Se sollisitearret by de Jackson Journal nei wurk as sjoernaliste en wurdt oannommen om in advyskollumn oer te nimmen dy't giet oer himmeljen. Dat is net de dreambaan dy't Skeeter siket, mar se nimt it oan om't se der fertrouwen yn hat dat it iene ta it oare liede kin. Mei't se sels lykwols neat fan himmeljen wit, freget se Elizabeth oft se de fragen dy't se fan lêzeressen kriget, foarlizze mei oan Aibileen. Sels hawwe de Phelans nammentlik gijin húshâldster mear: doe't Skeeter weromkaam fan har stúdzje fertelde har mem Charlotte har dat harren âlde húshâldster Constantine, dy't foar Skeeter mear in mem wie as Charlotte sels, yn 'e tuskentiid ûntslach nommen hie om by har dochter Rachel yn Chicago yn te lûken.
As se dat yn in petear mei Aibileen neamt, merkt se oan dy har reäksje dat der wat mei is. Skeeter wurdt erchtinkend en giet in konfrontaasje oan mei har bazige mem, dy't tajout dat Constantine net ûntslach nommen hat, mar ûntslein is. Skeeter is poer en beslút in boek te skriuwen oer de minne behanneling fan swarte húshâldsters troch harren rike blanke wurkjouwers. Se leit har idee foar oan Elaine Stein, in redaktrise by útjouwerij Harper & Row yn New York, dêr't Skeeter earder ôfwiisd wie foar in sollisitaasje. Frou Stein is foarsichtich posityf oer it útgongspunt, mar wol earst it resultaat sjen ear't se har fêstleit. Skeeter beseft dat se sels te min wit fan har ûnderwerp, dat se beslút it boek de foarm te jaan fan in rige fraachpetearen mei swarte húshâldsters.
As in orkaan oer Jackson tsjocht en Minny net it húshâldstershúske brûke kin om't dat in ein bûtendoar is, giet se mei goedkarring fan frou Walters nei de gaste-wc yn it hûs. As Hilly dat ûntdekt, is se lykwols sa nidich as in spin en jout se Minny dien. No is Minny in treflik itensiedster, eat dêr't se rûnom om bekend stiet, dat se ferwachtet wol rillegau in oare betrekking te finen, mar Hilly bringt de leagen yn omrin dat se stellen hat, sadat nimmen har mear oannimme wol. Aibileen helpt har lykwols oan in nije baan, want se wit dat Celia Rae Foote, de tsjeppe jonge frou fan Hilly har eks-freon Johnny Foote, om in swarte húshâldster ferlegen sit. No wol Hilly neat te krijen hawwe mei Celia Rae, net inkeld om't Celia Rae fan earmoedich komôf is, mar ek om't Hilly fermoedet dat Johnny al mei Celia Rae omsloech doe't er noch ferkearing mei har (Hilly) hie. Sadwaande kin Celia Rae noch neat heard hawwe fan Hilly har leagens oer Minny. It docht bliken dat Celia Rae in ferskriklike kok is, dy't skriemend ferlet hat fan Minny har help. Se wol it lykwols geheim hâlde dat se in húshâldster oannommen hat, om't se it foar Johnny oer net wêze wol dat se harsels yn 'e koken net rêde kin.
Skeeter freget Aibileen as earste om in fraachpetear ôfnimme te meien foar har boek. Aibileen hâldt earst de boat ôf, om't se net wis is oft Skeeter de earnst fan 'e sitewaasje wol ynsjocht. Mei't ferset tsjin segregaasje yn Mississippy tsjin 'e wet is, kinne se allebeide foar jierren it tichthûs yn draaie. As Aibileen der úteinlik yn tastimt om mei te wurkjen, moatte se alles yn it djipste geheim dwaan. Underwilens reitsje Minny en har nije wurkjouster Celia Rae, dy't har as in gelikens behannelet, mei-inoar befreone. Minny helpt har as Celia Rae in miskream kriget. Celia Rae, dy't bitter graach bern hawwe wol, fertelt har dat it har fjirde al is, en dat har man Johnny fan 'e beide foargeande neat ôfwit. Se bedobbet letter it lykje fan 'e foetus yn in skuondoaze ûnder in roazestrûk yn 'e tún.
Aibileen freget Minny om ek mei te wurkjen oan it boek, en hoewol't it har earst wol nei fleanen liket, docht se letter dochs mei. Elaine Stein fertelt Skeeter lykwols dat twa húshâldsters net genôch binne, en dat se teminsten fyftjin of tweintich ynterviewe moat om in goed boek te krijen. Aibileen en Minny besykje oare húshâldsters safier te krijen dat se de stap ek weagje, mar eangst foar ferjilding troch harren wurkjouwers wjerhâldt harren dêrfan. Aibileen lit Skeeter einlings it efterste fan har tonge sjen en fertelt oer de dea fan har ienlingssoan, dy't yn in houtseagerij wurke en dêr by in ûngemak swierferwûne rekke. Hy kaam dêrnei om trochdat him troch de blanke foarman medyske soarch ûntholden waard. Se hopet dat se dat freeslike ferlies troch har meiwurking oan it boek fan Skeeter in plak jaan kinne sil.
De nije húshâldster fan Hilly, Yula May, hat twa twillingsoannen dy't nei de middelbere skoalle allebeide trochleare wolle. Sy en har man wolle de jonges nei in universiteit foar swarten stjoere, mar se komme $75 tekoart foar it kolleezjejild. Yula May freget dêrom Hilly om in liening, mar Hilly stegeret har ôf en seit dat God net wol dat minsken dy't sûn fan liif en lidden binne, goeddiedichheid ûntfange. Dêr heakket se oan ta dat se Yula May dêrom eins in geunst docht troch har it jild net te lienen, en dat Yula May har dêr letter tankber foar wêze sil. By it himmeljen ûndekt Yula May letter efter de bank in ring mei in diamantsje dy't Hilly kwytrekke is. Se beslút it sieraad efteroer te drukken en nei de lommert te bringen om oan 'e $75 te kommen dy't se brek is. As se dat docht, skillet de lommert lykwols daliks nei't se ôfset is de plysje, om't gjin swartenien sa'n djoere ring heart te hawwen. De oare deis wurdt Yula May foar de eagen fan alle oare húshâldsters dy't op 'e bus steane te wachtsjen en yn it bywêzen fan in gnizende Hilly mei ûnfoech geweld arrestearre troch in fjouwertal blanke plysjes. As Skeeter dy jûns wer by Abilain thús komt, stiet it hiele hûs fol mei húshâldsters dy't harren ferhaal foar har boek dwaan wolle.
De moard op 'e swarte aktivist Medgar Evers en de moard op John F. Kennedy bringt Skeeter, Aibileen en Minny yn 't sin hoe gewelddiedich it yn it Suden om en ta gean kin. Hoewol't Skeeter alle nammen yn 'e ferhalen fan 'e húshâldsters feroare hat, binne se dochs noch benaud dat de ferhalen werkend wurde sille, mei mooglik alderaaklikste gefolgen foar de húshâldsters dy't út 'e skoalle klapt binne. Minny stiet der dan op dat der noch in ferhaal fan harres oan it boek tafoege wurde sil, eat dat se nea oan immen fertelle wollen hie, mar dat sa ferskriklik is dat it as in soarte fan fersekering tsjin wraak fan 'e wurkjouwers fungearje kin. Nei't Minny troch Hilly ûntslein wie en net mear oan it wurk koe om't Hilly omtromme hie dat Minny fan har stellen hie, brocht Hilly har ien fan har ferneamde sûkelarjetaarten. Hilly tocht dat se dêrmei besykje woe har âlde baan werom te krijen, mar eins wie it Minny om wraak te dwaan. Nei't Hilly twa stikken lytsman makke hie, fertelde se har dat se der in geheim yngrediïnt oan tafoege hie: har eigen trochgong. Hilly wist net hoe't se it hie, mar har mem, frou Walters, dy't earst kwetst wie om't se fan Minny net fan 'e taart ite mocht, rôle suver oer de grûn fan it laitsjen. Ut ferjilding stoppe Hilly har letter yn in fersoargingstehûs. Minny is der wis fan dat as se dat ferhaal yn it boek sette, Hilly oan har dea ta ûntstride sil dat yn it boek ferhalen út Jackson steane.
Op in galajûn dy't ûnder lieding fan Hilly organisearre is troch de Junior League om jild yn te sammeljen foar hongerjend Afrika, besiket Celia Rae op 'e nij om yn in goed bledsje te kommen by Hilly, ek al hat Minny har dat ûntret. By deselde gelegenheid nimt frou Walters foar har ferballing nei it fersoargingstehûs op subtile wize wraak op har dochter troch derfoar te soargjen dat Hilly by de ferlotting in sûkelarjetaart wint. Hilly giet derfan út dat it in stek ûnder wetter fan Celia Rae is, om't Minny no foar har wurket en har blykber oer de sûkelarjetaart ferteld hat. Dêrtroch, en troch in te seksy galajurk en tefolle drank op 'e lege mage, rint it neieroankommen dat Celia Rae sa graach wol, út op in debakel, wêrby't Celia Rae Hilly yn it iepenbier yn ferlegenheid bringt en dan de hiele boel derút jeit op 'e dûnsflier. De oare deis fertelt Minny oan Celia Rae hokfoar streek se Hilly lapt hat en wêrom. Celia Rae, dy't sa goed as bôle is en mient dat eltsenien is as sysels, begjint dan einlings en te'n lêsten foar it ferstân te krijen hoe'n aaklik kring Hilly eins is.