Times Like These is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2002 en útbrocht op it fjirde album fan Foo Fighters One by One út itselde jier. Times Like These is it fjirde nûmer op it album en waard op 6 jannewaris 2003 útbrocht as twadde single fan it fjirde album.
Oer it nûmer Times Like These giet oer de gefoelens fan Dave Grohl yn de trije moanne duorjende ûnderbrekking fan de opnamen fan it album One by One dy't muoisum ferrûnen en de dêrtroch ûntstiene ûnwissigens oer it fuortbestean fan de band.
Oer de fideoklip De fideoklip waard regissearre troch Liam Lynch. Yn de fideokip spilet de band foar in grien skerm, dêr't hieltyd wikseljende bylden op projektearre wurde, de klip einiget mei inkeld it griene skerm.
Muzikanten Dave Grohl – Sang & gitaar Chris Shiflett – Gitaar Nate Mendel – Bas Taylor Hawkins – Drums
Kategory:Liet fan Foo Fighters Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2003 Kategory:Rockliet