These Days is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2011 en útbrocht op it sânde album fan Foo Fighters Wasting Light út itselde jier. These Days is it sechsde nûmer op it album en waard op 1 novimber 2011 útbrocht as fyfde single fan it sânde album.

Oer it nûmer These Days wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. Op 18 augustus 2012 droech de band it nûmer by harren optreden op Pukkelpop yn Belgje op oan de slachtoffers fan de stoarm dy't it festival, presys in jier earder, troffen hie.

Oer de fideoklip De fideoklip waard regissearre troch Wayne Isham en toant bylden fan harren optredens yn Austraalje, Nij Seelân en Ingelân.

Muzikanten Dave Grohl – Sang & gitaar Chris Shiflett – Gitaar Pat Smear – gitaar Nate Mendel – Bas Taylor Hawkins – Drums

Kategory:Liet fan Foo Fighters Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2011 Kategory:Hardrockliet