Abraham Asscher (Amsterdam, 16 juny 1884 - Lugano, 10 maaie 1926) wie in Nederlânske opperrabbyn.JodeninGroningen.nl: rabbijnen. Yn't argyf op 13 septimber 2010.
Libben en wurk Asscher wie in soan fan Eliazer Asscher en Rosalie van Hes. Yn 1919 troude er mei Clara Pinkhof (1896-1984) It paer krige seis bern.
Asscher studearre yn Amsterdam oan it Nederlânsk Israelysk Seminarium (NIS) ûnder J.H. Dünner en dy syn opfolger P.J.B. Gobits. Hy helle yn 1913 it moré-diploma en joech in skoft les oan it NIS. Hy waard learaar klassike talen oan it gymnasium yn Utert en dêrnei yn Snits. Fan 1918 oant 1919 wie er rabbyn by de Nederlânsk-Israëlityske Haadsynagoge yn Amsterdam. Hy waard yn dat lêste jier beneamd ta opperrabbyn fan it synagogaal ressort Grins. Asscher wie in oertsjûge sionist en wie de earste sionistyske heechste rabbyn yn Nederlân. "Opperrabbijn A. Asscher" yn Nieuw Israëlietisch Weekblad, 14 maart 1919. Argivearre op 30 septimber 2020.
Fanwegen sykte moast Asscher yn 1926 yn Switserlân in operaasje ûndergean. Hy ferstoar dêr yn de âldens fan 41 jier. Hy waard beïerdige op it Joadske begraafplak yn de stêd Grins.
Kategory:Nederlânsk opperrabbyn Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1926