De sparwerûle (wittenskiplike namme: Surnia ulula) is in fûgel út it monotypyske skaai fan 'e sparwerûlen (Surnia) en de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae).
Skaaimerken De sparwerûle is in middelgrutte ûle dy't 36 oant 44 sm lang wurdt. De fûgel hat in rûne kop mei giele eagen. Hy wurdt 36 oant 41 sintimeter grut, wêrby't it wyfke wat grutter wurdt as it mantsje, en weaget oant 370 gram. De sparwerûle kin sa'n 25 jier âld wurde.
Fersprieding en leefgebiet De sparwerûle libbet yn 'e grutte bosken fan Noard-Amearika en it noarden fan Euraazje (Alaska, Kanada, Skandinaavje, Sibearje). Hy hat in foarkar foar bosken mei grutte iepen plakken. Syn nêst makket er yn holle beammen of hy brûkt in ferlitten nêst fan in oare grutte fûgel.
Der wurde trije ûndersoarten ûnderskaat:
S. u. ulula (Linnaeus, 1758): it noarden fan Euraazje. S. u. caparoch (Müller, 1776): noardlik Noard-Amearika. S. u. tianschanica (Smallbones, 1906): fan Sintraal-Aazje oant noardlik Sina en noardlik Mongoalje.
Nederlân Yn Nederlân is de sparwerûle in seldsume swalker.Fûgelatlas Nederlân.. Tusken 1900 en 2021 binne fjouwer waarnimmingen fan sparwerûlen bekend: yn 1920 waard in deade sparwerûle by Amerongen fûn, yn 1995 waarden sparwerûlen by Brunssum waarnommen, yn 2005 by Hooghalen, en tusken 12 novimber 2013 en 10 febrewaris 2014 wie in sparwerûle by Swol te sjen. Yn Fryslân is gjin waarnimming fan de sparwerûle bekend.Dutch Avifauna
Hâlden en dragen De sparwerûle is foar it grutste part oerdeis aktyf. Hy fret benammen lemmingen en oare lytse kjifdieren, en soms ek lytse fûgels as der net genôch kjifdieren binne. It gehoar fan 'e sparwerûle is bûtengewoan goed.
Ein april leit de sparwerûle maksimaal sân aaien. It brieden duorret sa'n 27 dagen en wurdt allinnich troch it wyfke dien. It mantsje bringt yn dy tiid iten, en as it wyfke it nêst ferlit, beskermet er de aaien mei syn wjukken.
Status De wrâldpopulaasje waard yn 2020 rûsd op 100.000 oant 500.000 folwoeksen yndividuen. Der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl is. Om dy reden stiet de sparwerûle as net bedrige (Least Concern, 2021) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ulefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan