James Ray (Jim) Hines (Dumas, Arkansas, 10 septimber 1946 - Hayward, Kalifornje, 3 juny 2023) wie in Amerikaansk atleet, dy't útkaam op de sprint. Hy had ienris meidien oan de Olympyske Simmerspullen en waard doe twa kear Olympysk kampioen. Fyftjin jier lang, fan 14 oktober 1968 oant en mei 3 july 1983 wie Hines hâlder fan it wrâldrekôrd op de 100 meter. Jim Hines ferstoar op 3 juny 2023, yn 'e âldens fan 76 jier.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1946 Kategory:Persoan stoarn yn 2023