Pier Arjen de Groot (Utert, 27 juny 1905 – De Haach, 22 april 1995) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener, etser, byldhouwer en medaljeur.

Biografy thumb|left|200px|It wyfke fan Starum Pier de Groot waard berne yn Utrecht as âldste soan fan de Fryske dokter Arjen de Groot en Hermina Hendrika Wilhelmina de Ligt. Yn 1931 sette er ôf nei Amsterdam, dêr 't er les krige fan de skilder Hendricus IJkelenstam en fierder oplaat waard oan de Rijksakacademie van beeldende kunsten, as learling fan Antoon Derkinderen, J.H. Jurres. (2000) Beeldend Benelux: biografisch handboek. Tilburg: Stichting Studiecentrum voor Beeldende Kunst. . Vol. 2, p. 607. Hy skildere en tekene ûnder oaren figuerfoarstellingen en portretten. Hy wie lid fan De Onafhankelijken en eksposearre ûnder oare by in jubileumtentoanstelling fan De Onafhankelijken yn it Stedelijk Museum Amsterdam (1932).

De Groot krige lessen fan de byldhouwer Hendrik Maurits Hagedoorn yn Voorburg, mar ûntwikkele him nei de oarloch foar in grut part as autodidakt oant figuratyf byldhouwer en medaljeur. Hy eksposearre ûnder mear by de earste Sonsbeekeksposysje (1949), de tentoanstelling 'Beeldhouwers exposeren' fan de Nederlandse Kring van Beeldhouwers yn Museum Fodor yn Amsterdam (1949) en de tentoanstelling Nederlandse Beeldhouwkunst yn it Haachsk Gemeentemuseum (1951). Yn 1950 berocht Cornelis Veth in besite oan syn atelier oan de Vissershaven yn Scheveningen, Veth wie troch freonen op it byldhouwurk attindearre en bot ferheard troch de kwaliteit fan it wurk.

De Groot sleat him oan by De Nieuwe Ploeg yn Voorburg. Yn 1953 die er mei oan Tien jonge beeldhouwers, de earste iepenlofttentoanstelling fan de groep yn Park Sonnenburgh mei Lotti van der Gaag, Nol Greebe, Marian Gobius, Jaap Gutterswijk, Theo van der Nahmer, Ellen Roona, Rudi Rooijackers, Jan Snoeck, Aart van den IJssel en Hans van Zutphen.<ref>Saskia Gras (2007) De Nieuwe Ploeg : Artistieke Werkgroep in Voorburg 1951-1959. Zwolle: Waanders Uitgevers.</ref> Fan 1967 ôf wenne er winterdeis yn Den Haach en simmers yn Starum. It bekendste byldhouwurk fan De Groot is it brûnzen byld fan Het Vrouwtje van Stavoren, dat yn juny 1969 troch boargemaster Thijs van Hout oan de Havenkade ûntbleate waard. "Sage was reeds in de zestiende eeuw bekend: Standbeeld voor 'het vrouwtje van Stavoren'", Leeuwarder Courant, 29 maart 1969 (mei foto van De Groot en syn model); "Staveren heeft weer Vrouwtje van Stavoren", Leeuwarder Courant, 9 juny 1969.

De Groot waard 89 jier.

In pear wurken 1954: Vrouw, Keizerstraat, Breda 1969: Vrouwtje van Stavoren'', Havenweg, Starum

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk medaljeur Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1995