Best of You is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2005 en útbrocht op it fyfde album fan Foo Fighters In Your Honor út itselde jier. Best of You is it tredde nûmer op it album en waard op 27 maaie 2005 útbrocht as earste single fan it fyfde album.
Oer it nûmer Best of You wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. Nei it meitsjen fan in demo foar it nije album bedarre dit nûmer ynearsten op de planke. It nûmer kaam pas wer fan de planke ôf nei't de producer frêge wêr't it nûmer bleaun wie. It nûmer giet oer it fuortgean by de dingen, dy't je beheine yn wat je kinne en yn wa't je binne.
Oer de fideoklip De fideoklip waard regissearre troch Mark Pellington dy't ek de fideoklip by it nûmer Jeremy fan Pearl Jam regisearre hie. Yn de fideoklip spilet de band op it dak fan in ferlitten sikehûs. Neist de bylden fan de band, wurdt der ôfwiksele mei bylden dy't pine, depresje en eangst toane.
Muzikanten Dave Grohl – Sang & gitaar Chris Shiflett – Gitaar Nate Mendel – Bas Taylor Hawkins – Drums
Ferzje fan Anastacia Best of You waard sân jier nei't nûmer dat oarspronklik opnaam waard troch Foo Fighters yn 2012 troch de Amerikaanske sjongeres Anastacia opnei opnaam yn in popmuzyk jaske. En útbrocht op it album It's a Man's World fan Anastacia út 2012. The Sound of Silence wie it twadde nûmer op it album en waard op 2 novimber 2012 útbrocht as twadde single fan it album, mar it kaam alinne yn Eastenryk, Switserlân en Dútslân út op single.
Muzikanten Anastacia - Sang
Kategory:Liet fan Foo Fighters Kategory:Liet fan Anastacia Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2005 Kategory:Single út 2012 Kategory:Hardrockliet Kategory:Popliet