The Pretender is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2007 en útbrocht op it sechsde album fan Foo Fighters Echoes, Silence, Patience & Grace út itselde jier. The Pretender is it earste nûmer op it album en waard op 17 septimber 2007 útbrocht as earste single fan it sechsde album. De Foo Fighters ha nea dúdlik makke wêr't it nûmer oer giet.

Oer de fideoklip De fideoklip waard regissearre troch Sam Brown yn de fideokip spylet de band yn in hangar foar fleantugen. De band wurdt wilens harren optreden konfrontearre mei wat liket op in oproerplysjeman, dy't achter in swarte line foar de bân stiet. Neigeraden dat it nûmer foarderet, krijt er selskip fan mear aginten fan de oproerplysje dy 't him by deselde swarte line opstelle.*De oproerplysje wurd yn Nederlân offisjeel de Mobile Ienheid neamd.

Wylst en rêstiger part fan it nûmer begjint, falle de plysjes de band oan. Krekt as de band it steviger refrein fan it nûmer ynset, eksplodearret in read skerm dat efter de band hinget en komt der mei krêft in reade floeistof út, dy't de plysjes oerweldiget. Oan it ein it nûmer slacht Dave Grohl syn gitaar del, en sakket op 'e knibbels.

Muzikanten Dave Grohl – Sang & gitaar Chris Shiflett – Gitaar Nate Mendel – Bas Taylor Hawkins – Drums

Kategory:Liet fan Foo Fighters Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2007 Kategory:Hardrockliet