Stasjon Zevenaar (Zv) is in spoarstasjon yn de Nederlânske stêd Zevenaar, yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1856 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Zevenaar 1855 Gebou It oarspronklike stasjonsgebou fan Zevenaar wie in heech rjochthoekich stasjonsgebou mei sawol oan de strjitte- as oan de perronkant in fronton. It ûntwerp is hast gelyk oan it earste stasjonsgebou fan Arnhim oan deselde spoarline. Yn it gebou komme ûnder oare ferskate wachtromten, in restauraasje, kantoaren en inkelde tsjinstwenten. Yn it ferlingde fan it gebou komt in lege rjochthoekige seal foar de dûanefasiliteiten. Beide gebouwen binne yn 1900 oaninoar ferbûn sadat ien gebou ûntstonet. By de lange perrongevel lâns kaam in luifel. Datselde jier krige it stasjon in eilânperron, wêrmei 't de hjoeddeistige opset fan it stasjonsgebiet ûntstie.

Yn 1962 makke it earste stasjonsgebou plak foar nijbou neffens ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast. It nije lage gebou stiet min ofte mear op de fundearringen fan it âlde gebou sadat de foarm dêrfan mei it wat nei foaren steande middendiel noch te werkennen is. Oan 'e foarkant foar it middendiel befynt him in reedlik grutte luifel. Ek lâns de perrongevel en in part fan de sydgevels komt in luifel. It sobere gebou krijt troch besunigings gjin opfallende fersieringen. Yn it gebou binne neist de loketten en de wachtromte benammen tsjinstromten oanwêzich.

Yn 2015 is in part fan it gebou ôfbrútsen om plak te meitsjen foar in nij plein. It restearjende part fan it stasjonsgebou hat in glêzen put krigen mei sicht op de perrons en it busstasjon. By de ferbouwing is de yngong fan it gebou nei de glêzen sydgevel ferpleatst. De giele bestrjitting fan it nije stasjonsplein jout de plattegrûn fan it ferdwûne part fan it stasjonsgebou wer.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster20000Regional-Express (VIAS) Arnhim Sintraal – Zevenaar – Emmerich-Elten – Emmerich – Wesel – Oberhausen Hbf – Duisburg Hbf – Düsseldorf Flughafen – Düsseldorf HbfRhein-IJssel-Express RS 3230700 Stoptrein (Hermes) Arnhim Sintraal – Zevenaar – Doetinchem rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. RS 3230900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Zevenaar – Doetinchem – Winterswyk Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhem en Doetinchem. RS 3236900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Zevenaar – Doetinchem – Terborg Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg.

Kategory:Bouwurk yn Zevenaar Zevenaar Zevenaar Zevenaar