Ghostbusters is in Amerikaanske romantyske fantasykomeedzjefilm út 1984 ûnder rezjy fan Ivan Reitman, mei yn 'e haadrollen Bill Murray en Dan Aykroyd. De titel betsjut "Spûkefangers". It ferhaal giet oer in trio eksintrike parapsychologen, dy't yn New York in bedriuw begjinne dat spûken oprommet. Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters rûnom lof en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. It waard de op ien nei meast opbringende filmproduksje fan 1984. De film waard nominearre foar twa Oscars en trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) en wûn in BAFTA en in Saturn Award. Yn 2015 waard Ghostbusters tafoege oan it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It súkses fan 'e film wie ferantwurdlik foar it ûnstean fan in mediafranchise dy't ek Ghostbusters hjit. In ferfolchfilm, Ghostbusters II, kaam út yn 1989.

Plot Peter Venkman, Ray Stantz en Egon Spengler binne heechlearaars yn 'e parapsychology oan 'e Universiteit fan Columbia yn New York, dêr't se har talizze op it bestudearjen fan it boppenatuerlike. Nei't se foar it earst in spûk sjogge yn 'e Iepenbiere Bibleteek fan New York, wurde se troch de rektor fan 'e universiteit ûntslein om't harren ûndersyk pseudowittenskiplik wêze soe. It trio beslút dêrop in eigen bedriuw op te rjochtsjen, "Ghostbusters", dat paranormaal ûndersyk en bestriding fan spûken oanbiedt. Harren haadkertier fêstigje se yn in leechsteande brânwachtkazerne, dêr't se heech technologysk, nukleêr oandreaun gereid foar it finzen setten fan ektoplasmatyske entiteiten ûntwikkelje. Se nimme in resepsjoniste anneks sekretaresse yn 'e tsjinst, Janine, mar mei klanten rint it by de Ghostbusters yn 't earstoan net stoarm.

Nei in boppenatuerlik foarfal yn har appartemint, wêrby't se wat wol in demoanyske hûn liek, oantrof yn har kuolkast, ropt selliste Dana Barrett de help yn 'e Ghostbusters. Se fertelt dat it wêzen ien inkeld wurd utere: "Zuul". Stantz en Spengler dogge dêr ûndersyk nei en ferdjipje harren ek yn 'e skiednis fan it appartemintekompleks dêr't Dana wennet. Venkman, dy't daliks in eachje op har hat, biedt oan om mei Dana nei har appartemint te gean om dat te ynspektearjen. Syn besykjen om har te ferlieden, rint lykwols op 'e non.

Koarte tiid letter wurde de Ghostbusters ynhierd troch it Sedgewick Hotel, wêrfan't de tolfde ferdjipping ûnfeilich makke wurdt troch in roppich, slimerich, grien spûk dat alle iten ferslynt. Mei't se yn 't foar harren gereid noch net test hawwe, warskôget Spengler syn beide maten om nea de streamen fan harren protoanewapens te krusen, mei't soks jammerdearlike, ja sels deadlike, gefolgen hawwe kinne soe. Nei't se by in efterfolging hast de hiele tolfde ferdjipping fan it hotel fernield hawwe, witte se it spûk einlings te fangen, wêrnei't se it yn in mei in ekto-omslutingsfjild omjûne romte ûnder de brânwachtkazerne stopje. Mei't boppenatuerlike aktiviteit yn New York en omkriten omraak oanboazet en de Ghostbusters de iennichsten binne dy't dêr wat tsjin begjinne kinne, reitsje de mannen meitiid bekend. Om klanten sitte se net mear ferlegen; krektoarsom, se kinne it wurk suver net mear oan. Dêrom nimme se in fjirde teamlid oan, de swarte Winston Zeddemore. Ynspekteur Walter Peck fan it Environmental Protection Agency (EPA), de Amerikaanske miljeuplysje, leaut lykwols net yn it boppenatuerlike. Hy beskôget de Ghostbusters dan ek as in groepke oplichters. Mei't er fermoedet dat se harren bedriuw as dekmantel brûke foar it stoarten fan gemysk ôffal ûnder de brânwachtkazerne, stjoert er oan op in ynspeksje fan it gebou, mar Venkman poeieret him ôf. Spengler is der ûnderwilens fan oertsjûge rekke dat der in ekstreme taname fan boppenatuerlike enerzjy op kommendeweis is, wylst de ynslutingsienheid ûnder de brânwachtkazerne as hast fol sit.

Venkman siket Dana op en ynformearret har dat Zuul, neffens de útkomsten fan it ûndersyk fan Stantz en Spengler, in Sûmearyske healgod wie, dy't in tsjinner wie fan Gozer, de stalferwikseljende god fan 'e ferneatiging. Venkman besiket it fannijs mei Dana oan te lizzen, mar sy hâldt him wer ôf, hoewol't har ferset liket ôf te broazeljen. As er foarstelt om tongersdeitejûn by har thús te kommen om 'e kwestje neier te bepraten, jout se ta. Oan it begjin fan dy jûn wurdt Dana, as se thús komt fan har wurk, geastlik beset troch Zuul. In selde entiteit beset har yrritante buorman Louis Tully. As Venkman delkomt, hâldt Dana út dat se "de Poartewachter" is. Underwilens wurdt Tully, dy't ûnder it útslaan fan wartaal troch de stêd doarme en oppakt is troch de plysje, by Spengler brocht. Hy seit dat er "de Kaaimaster" is, deselde dy't "de Poartewachter" by har thús ferwachte. Nei tillefoanysk oerlis liket it de Ghostbusters de baas en hâldt har beiden útinoar.

Krekt dy jûns keart Peck werom mei in rjochterlik befel om him de brânwachtkazerne ynspektearje te litten. Hy stiet derop om it ekto-omslutingsfjild fan 'e ynslutingsienheid út te setten, en hy lit Spengler, Stantz, Zeddemore en de krekt arrivearjende Venkman arrestearje wannear't sy har dêrtsjin fersette. As it omslutingsfjild útset wurdt, bart wat de Ghostbusters al foarsein hiene: alle spûken dy't se de lêste moannen fongen hawwe, komme wer frij, wat ta in hommelse ûntploffing liedt. Tully/De Kaaimaster ûntkomt ek en fynt syn paad nei hûs, dêr't er him by Dana/de Poartewachter jout en op it dak fan it appartemintekompleks úteinset mei in mysterieus ritueel. Yn 'e sel op it plysjeburo fertelle Stantz en Spengler oan Venkman en Zeddemore dat it flatgebou dêr't Dana en Tully wenje, ûntwurpen en boud is troch Ivo Szándor, de lieder fan in grizelige sekte dy't Gozer fereare, om te fungearjen as in soarte fan antenne. Dêrtroch wurdt spirituele enerzjy oanlutsen dy't it foar Gozer mooglik meitsje sil om troch te kringen ta de moderne wrâld om 'e Ein fan 'e Tiden yn it lieden.

Troch it frijlitten fan alle spûken is der ûnderwilens yn New York in boppenatuerlike gaos útbrutsen. Boargemaster Clotch lit de Ghostbusters út 'e sel helje en by him bringe om harren oandiel yn 'e problemen te efterheljen. Dat jout Venkman de kâns en praat op him yn, wêrby't er der op slûchslimme manear op wiist dat it yn syn foardiel is om harren gean te litten. As se echt sjarlatans binne, dan sil dat wol blike en kinne se gewoan wer fêstset wurde, mar as it harren slagget en bêdzje it spul del, dat hat Clotch miljoenen stimberjochtige kiezers it libben rêden. Ynspekteur Peck, dy't ek oanwêzich is, kantet him o sa oan tsjin 'e frijlitting fan 'e Ghostbusters, mar de boargemaster lit him út syn kantoar smite en jout de Ghostbusters alles dêr't se ferlet fan hawwe.

De Ghostbusters kringe it appartemintekompleks fan Szándor binnen, dat it sintrum fan alle boppenatuerlike aktiviteit yn 'e stêd liket te wêzen. Op it dak treffe se Dana en Tully oan, dy't feroare binne yn in pear demoanyske hûnen en in poarte nei in oare diminsje iepenje foar Gozer. De god fan 'e ferneatiging ferskynt yn 'e foarm fan in jonge frou en falt de Ghostbusters oan, mar wurdt wei as se weromslaan sille. Har lichemsleaze stim hjit it kwartet lykwols om "de foarm fan 'e ferneatiger" te kiezen. Venkman warskôget de oaren dat se nearne oan tinke moatte, mar Stantz komt sûnder erch in dierbere bedriuwsmaskotte út syn jonkheid yn 't sin, wêrnei't Gozer op 'e nij ferskynt yn 'e foarm fan in reuseftige Stay Puft Marshmallow Man en de stêd begjint te ferdylgjen.

Spengler ornearret dat de noch altyd iepensteande diminsjepoarte twa kanten út wurkje kin. Hy tinkt dat alle boppenatuerlike enerzjy dêr't Gozer gebrûk fan makket, weromsûgd wurde sil nei de diminsje dêr't it wei komt as se de streamen fan harren protoanewapens kruse, ek al hat er dat earder op it strangst ûntret. As de Ghostbusters dogge wat Spengler foarstelt, wurdt Gozer yndie ferballe nei it plak dêr't se wei kaam, wat resultearret yn 'e ûntploffing fan 'e Stay Puft Marshmallow Man, sadat eltsenien ûnder it ektoplasma komt te sitten. Nei't de diminsjepoarte ticht giet, feroarje de beide demoanyske hûnen yn holle stânbylden, dy't troch de Ghostbusters stikken slein wurde om Dana en Tully te rêden, dy't yn it binnenste fêstsitte. De Ghostbusters ferlitte it swier skansearre appartemintekompleks en wurde op 'e strjitte troch de New Yorkers ynhelle as helden.

Rolferdieling

haadrollen personaazje               akteur/aktrise Peter Venkman Bill Murray Ray Stantz Dan Aykroyd

byrollen personaazje akteur/aktrise Dana Barrett Sigourney Weaver Egon Spengler Harold Ramis Winston Zeddemore Ernie Hudson Louis Tully Rick Moranis Janine Melnitz Annie Potts Walter Peck William Atherton boargemaster Lennie Clotch David Margulies hotelmanager fan it Sedgewick Hotel Michael EnsignGozer Slavitza Jovan (live-action)Paddi Edwards (stim) spûk yn bibleteek Ruth Hale Oliver bibletekaresse Alice Drummond froulike testpersoan Jennifer Runyon manlike testpersoan Steven Tash dreamspûk Kymberly Herrin fioelist Timothy Carhart plysjeman Reginald VelJohnson himsels Roger Grimsby himsels Larry King himsels Joe Franklin himsels Casey Kasem gast op feest Ron Jeremy (cameo)

Produksje en distribúsje Produksje Ghostbusters wie oarspronklik it privee-projekt fan akteur Dan Aykroyd, dat berne waard út syn fassinaasje foar en leauwe yn it boppenatuerlike. Dat hied er trochkrigen fan syn heit (dy't it boek A History of Ghosts skreau), syn mem (dy't sei dat se spûken sjoen hie), syn pake (dy't eksperimintearre mei radio's om mei de deaden yn kontakt te kommen) en syn oerpake (dy't in ferneamd spiritist wie). Yn 1981 lies Aykroyd yn The Journal of the American Society for Psychical Research in artikel oer parapsychology en kwantumfysika, dat him it idee joech om spûken te fangen en op te sluten. Hy skreau doe in senario oer in trio spûkefangers (Aykroyd sels, syn freon John Belushi en in personaazje dat bedoeld wie foar Eddie Murphy). Yn dat skript reizgen se troch de tiid en belibben aventoeren wêrby't se boppenatuerlike bedrigings fersloegen.

Nei it hommels ferstjerren fan Belushi yn 1982 rûnen Aykroyd syn plannen op 'e non. Om't filmstudio Columbia Pictures syn senario finansjeel ûnferfilmber fûn, waard Harold Ramis derby frege om Aykroyd te helpen it skript te werskriuwen foar wat Ghostbusters wurde soe. It ferhaal kaam doe fan begjin oant ein yn New York te spyljen en waard reälistysker makke. Ivan Reitman ferfolle de funksjes fan sawol regisseur as filmprodusint. De produksjemaatskippijen wiene Columbia-Delphi Productions en Aykroyd syn studio Black Rhino. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 oant 30 miljoen. Dat jild waard foar it meastepart útjûn oan special effects; Ghostbusters wie de earste komeedzjefilm dy't dêr yngeand gebrûk fan makke. Der waard safolle oan bestege dat de studiobazen by Columbia senuweftich waarden, mei't se net folle fidúsje yn it súkses fan 'e film hiene. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan László Kovács, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elmer Bernstein.

Opnamen