|} De Betuweline is de spoarline fan Elst nei Doardt. De line waard oanlein troch de Steat fan de Nederlannen. De spoarline waard nei oanlieding fan in inisjatyf fan guon Doardtske notabelen oanlein troch de Steat neffens de wet fan 10 novimber 1875, ûnder de namme " Merwe- en Waalspoarwei".

Skiednis De spoarline waard yn trije fazen iepene: Datum Trajekt Tuskenstasjons1 novimber 1882Elst - Geldermalsen Zetten-Andelst, Hemmen-Dodewaard, Opheusden,Kesteren, Tiel, Tiel Passewaaij1 desimber 1883Geldermalsen - GorkumBeesd, Leardam, Arkel16 july 1885Gorkum - DoardtBoven Hardinxveld, Hardinxveld-Giessendam,Hardinxveld Blauwe Zoom, Sliedrecht,Sliedrecht Baanhoek, Doardt Stêdspolders

De spoarline hat de oant dan ta min berikbere Betuwe in ekonomyske ympuls jûn. Troch de flugge ferbiningen bloeide de regionale fruitkwekerij op. Yn de twadde helte fan de 20e iuw is dizze spoarline hieltyd mear yn ûnbrûk rekke. Ien fan de oarsaken dêrfan is troch de ferneatiging fan de spoarbrêge by Rhenen yn de Twadde Wrâldkriich de ferbining Kesteren - Amersfoart fuort foel.

It baanfak Elst - Tiel - Geldermalsen wurdt oantsjut as de "Eastlike Betuweline" en it baanfak Geldermalsen - Gorkum - Doardt wurdt oantsjut as de "Westlike Betuweline". Om't de betizing mei de Betuwerûte grut is, hat men de treintsjinst op de Westlike Betuweline de namme "MerwedeLingeline" jûn.

Frachtferfier Om 't oare ferbiningen mei Dútslân foar it frachtferfier hieltyd swierder belêste rekken ûntstie ein jierren 80 it idee om dizze spoarline yntinsiver foar frachttreinen te brûken. Hieltyd fierder opskroefde prognoazes en protesten fan omwenners laten derta dat net dizze besteande spoarline oanpast is oan mear frachtferfier, mar dat parallel oan de besteande spoarline in folslein nije spoarline foar frachtferfier oanlein is. As ûnderskieding fan de Betuweline wurdt de frachtspoarline offisjeel as Betuwerûte oantsjut. dekrantvantoen.nl, Nieuwsblad van het Noorden, 30-5-1998, Spoorlijn door de Betuwe definitief

Elektrifikaasje Sûnt 28 maaie 1978 is it baanfak Tiel - Geldermalsen elektrifisearre, it baanfak Geldermalsen - Doardt folge pas yn 1992. It part fan Elst nei Tiel wurdt betsjinne mei dieseltreinen.

Stasjons en gebouwen Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 19 stasjons: (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene Hjoeddeistich gebou150pxElst18791982, NS, 2e gebouVork1891Gjin, stasjon sletten yn 1931 Valburg1882Gjin, gebou sloopt yn 1945, stasjon sletten yn 1938150pxZetten-Andelst18821e gebou150pxHemmen-Dodewaard18821e gebou, Standerttype Hemmen150pxOpheusden1882Gjin, gebou sloopt yn 1980150pxKesteren18821e gebou, unyk ûntwerpSchaapsteeg1895Gjin, stasjon sletten yn 1916150pxEchteld18821e gebou, unyk ûntwerp, stasjon sletten yn 1938150pxTiel18821e gebou, Standerttype Snits150pxTiel Passewaaij2007GjinWadenoijen1882Gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1950Utertskestrjitwei1889Gjin, stasjon sletten yn 1921150pxGeldermalsen18681886, 2e gebou, unyk ûntwerp arsjitekt M.A. van Wadenoyen.150pxBeesd1883Gjin, gebou sloopt yn 1985Rhenoy1889Gjin, stasjon sletten yn 1925150pxLeardam18831987, 2e gebou, unyk ûntwerp arsjitekt Douma,(1e stasjonsgebou noch al altyd oanwêzig)150pxArkel18831e gebou, unyk ûntwerp arsjitekt M.A. van Wadenoyen.150pxGorkum18831971, 2e gebou, unyk ûntwerp arsjitekt DoumaSchelluinen1885Gjin, stasjon sletten yn 1929Giessen-Nieuwkerk |1885 |Gjin, stasjon sletten yn 1934 |- |150px |Boven Hardinxveld |2012 |Gjin

|Hardinxveld-Giessendam|1885 |Gjin, gebou sloopt yn 1937, stasjon sletten yn 1927 |- |150px |Hardinxveld-Giessendam<small>oant 1957Stasjon Giessendam-Neder Hardinxveld<small> |1885 |1957, 2e gebou, unyk ûntwerp arsjitekt van der Gaast |- |150px |Hardinxveld Blauwe Zoom |2011 |Gjin

|Gasfabryk''1885Gjin, stasjon sletten yn 1921150pxSliedrecht18851e gebou, unyk ûntwerp150pxSliedrecht Baanhoek1885Gjin150pxDoardt Stêdspolders1990Gjin150pxDoardt18721e gebou, Standerttype SS Earste Klasse

Betuwelline Betuwelline Betuwelline Kategory:Bouwurk út 1882