Ghostbusters II is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Ivan Reitman, mei yn 'e haadrollen Bill Murray en Sigourney Weaver. De film wie it ferfolch op it súksesfolle Ghostbusters, út 1984, en makket alsa diel út fan 'e Ghostbusters-franchise. It ferhaal folget deselde kloft ûnferfearde spûkefangers, dy't ûnderwilens al har kredyt by de befolking fan New York ferspile hawwe omreden fan 'e ûnbidige hoemannichte skea dy't se mei harren aksjes oanrjochtsje. Lykwols identifisearje se in nije bedriging foar de stêd as se in rivier fan ektoplasmatysk slym ûntdekke, dat reägearret op alle negative emoasjes fan 'e New Yorkers. Dêrmei makket it de weromkear nei de wrâld fan 'e libbenen mooglik fan in boasaardige Eastjeropeeske kriichshear út 'e santjinde iuw. Ghostbusters II krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Op basis fan it súkses fan 'e oarspronklike film hie men der lykwols in stik mear fan ferwachte, dat yn dy sin waard Ghostbusters II sjoen as in mislearring. Pas yn 2016 soe der mei de reboot Ghostbusters wer in film yn dizze mediafranchise útbrocht wurde. Yn 2021 kaam Ghostbusters: Afterlife út, dat in direkt ferfolch op Ghostbusters II wie.

Plot Fiif jier nei't se New York rêden hawwe fan 'e ferneatiging troch de Sûmearyske god Gozer (sjoch: Ghostbusters) is it mei de spûkefangende Ghostbusters raar yn it neigean rekke. Ynstee dat de gemeente harren betelle hat foar harren heldhaftige wurk, binne se oanklage foar alle materiële skea dy't se by harren gefjocht mei Gozer oanrjochte hawwe. Ta oermjitte fan ramp hat de rjochter harren ferbean om noch ûndersyk te dwaan nei it boppenatuerlike. Fan gefolgen is harren bedriuw oer de kop gien en hawwe se oar wurk sykje moatten. Peter Venkman is no presintator fan syn eigen praatprogramma op in lokale tillefyzjestjoerder, wêryn't er boppenatuerlike ûnderwerpen behannelet; Ray Stantz driuwt in boekhannel dy't spesjalisearre is yn okkulte publikaasjes; Egon Spengler eksperimintearret yn in laboratoarium mei minsklike emoasjes, en Winston Zeddemore ferhiert himsels tegearre mei Stantz as entertainer op bernefeestjes.

Dana Barrett, de eks-freondinne fan Venkman, is yn 'e tuskenlizzende jierren by him weirekke en mei in oare man troud, hat in poppe krigen dy't Oscar hjit, en is skieden. No is se in allinnichsteande mem dy't harsels en har soan ûnderhâldt troch op soarchfâldige wize skilderijen te himmeljen yn it Manhattan Museum of Art, dêr't har ûnoantreklike en sosjaal knoffelige baas, János Poha, fereale op har rekke is.

Nei't Dana op in dei yn ein desimber ûngemurken troch wat slym hinne riden is, dat opboarrelet tusken twa stoeptegels troch, riidt de bernewein mei Oscar deryn skynber út himsels fuort en rôlet in drok krúspunt op. De skrokken Dana siket Spengler op en freget him om ris te sjen oft der wat boppenatuerliks oan 'e poppe, de bernewein of wat dan ek is. Se stiet der by him op oan en hâldt Venkman derbûten, mar dyselde trappearret Spengler en Stantz as se it foarfal beprate. Hy lûkt Stantz tagelyk oan beide earen oant er fertelle wol wêr't se it oer hawwe. Sadwaande komt Venkman mei as Spengler en Stantz by Dana thús op ûndersyk útgeane. It docht bliken dat Dana noch altyd in swak foar Venkman hat, en dat se harren relaasje inkele jierren earder beëinige hat om't hy har op emosjoneel mêd by him wei treau.

Yn it Manhattan Museum of Art komt ûnderwilens it skilderij te'n fuotten út fan Vigo de Karpaat, in sechstjinde-iuwske Eastjeropeeske kriichshear dy't desennia lang in skrikbewâld fierde oer Karpaasje en Moldaavje, ta libben mei de geast fan dyselde lang lyn ferstoarne tiran. Dy makket János Poha fia in foarm fan hypnoaze ta syn tsjinner. Vigo wol dat Poha him in jong bern bringt, dat er geastlik besette kin, om sa in twadde libben te begjinnen. Omreden fan syn eigen fassinaasje foar Dana, kiest Poha dêrfoar Oscar út.

Mei't se by Dana thús neat nuvers fûn hawwe, litte de Ghostbusters harren troch Dana fertelle wêr't se mei de bernewein krekt lâns kommen is doe't it ding in eigen wil krige. As de apparaten dêr't se it boppenatuerlike mei mjitte, op in stuit wyld útslane, witte se dat se fûn hawwe wat se sochten. Jûns meitsje se dêr mei drilboaren in gat yn it asfalt, wêrnei't se oan it graven slane. As se trochbrekke yn in tunnelstelsel, ûntdekke se in wiere rivier fan rôze slym, dy't troch in tunnel fan it yn ûnbrûk rekke Beach Pneumatic Transit-stelsel rint. Spengler en Venkman litte Stantz oan in tou omleech, sadat er in meunster fan it guod nimme kin, mar hy wurdt oanfallen troch it slym, en as er wyld om him hinne slacht om fuort te kommen, brekt er in buis dy't op in elektrisiteitskeabel falt en hiele New York yn it tsjuster set.

De Ghostbusters wurde arrestearre en moatte foar de rjochter komme foar de nije skea dy't se oanrjochte hawwe, en teffens foar it negearjen fan it ferbod dat harren oplein wie om it boppenatuerlike te ûndersykjen. Yn 'e rjochtseal wurdt it meunster fan it rôze slym, dat Stantz nommen hat, as bewiismateriaal presintearre. As rjochter Wexler by it foarlêzen fan it fûnis in lulke tirade tsjin 'e Ghostbusters en elts leauwe yn it boppenatuerlike hâldt, reägearret it slym dêr op fysike wize op, troch op te boarreljen oant it úteinlik ûntploft. Dêrtroch wurde de geasten fan 'e bruorren Scoleri oproppen, behurde kriminelen dy't troch Wexler feroardiele binne ta de elektryske stoel. Se falle Wexler en de ofsier fan justysje oan oant Wexler de Ghostbusters om help freget. Dyselden twinge frijspraak yn 'e rinnende rjochtsaak ôf en easkje ek dat de rjochter syn ferbod op it útoefenjen fan harren wurk ynlûkt, foar't se tsjin 'e beide geasten fanwegen komme. Om't harren geastefangersgereid ek al bewiismateriaal yn 'e rjochtseal oanwêzich is, kinne se dêrnei fluch regaad meitsje troch de beide geasten te fangen.

Wannear't Venkman Dana op har wurk opsiket, warskôget se him dat se altyd it gefoel hat dat de eagen fan it skilderij fan Vigo de Karpaat har folgje. Dêrop komt Venkman letter werom mei Stantz en Spengler, dy't fêststelle dat it skilderij yndie boppenatoerlike eigenskippen hat. Dy jûns kringt it slym Dana har appartemint binne fia de kraan fan har bad. As se de lytse Oscar baaie wol, besiket it slym him te gripen. Dana ûntflechtet yn panyk har wente en siket beskûl by Venkman, dy't har mar wàt graach útfanhûs kriget en har foar him wit te winnen troch syn ferrassend goede omgong mei Oscar.

Spengler en Stantz ûntdekke dat it slym "psychoreäktyf" is, d.w.s. reägearret op minsklike emoasjes, en dat it eins ûntstien is as in fysike werjefte fan alle negative gefoelens fan 'e New Yorkers. Spengler, Stantz en Zeddemore geane fia it rioel nei de rivier fan slym ta foar neier ûndersyk. As er de djipte besiket te mjitten, wurdt Zedemore yn 'e rivier lutsen en fuortspield, en Stantz en Spengler springe him efternei. It docht bliken dat de rivier nei it Manhattan Museum of Art ta rint, dêr't se der úteinlik wer útklimme kinne en fia in rioelputsje de strjitte berikke. Stantz en Zeddemore krije spul dat suver útrint op slaanderij, oant Spengler beseft dat se beynfloede wurdt troch de negative enerzjy fan it slym dêr't se no mei oerdutsen binne.

De Ghostbusters stappe nei boargemaster Lenny Clotch ta, dy't harren warskôgings lykwols ôfwiist as flauwekul. Jack Hardemeyer, de assistint fan 'e boargemaster dy't in persoanlike hekel oan 'e Ghostbusters hat, lit harren ûnder twang yn in psychiatrysk sikehûs opnimme, sadat se de politike karriêre fan Clotch net fierder besmodzgje kinne. Wylst de Ghostbusters fêstsitte, wurdt Oscar op âldjiersdei út Venkman syn appartemint ûntfierd troch Poha. Dana efterfolget him nei it museum, dat daliks nei har binnenkomst oerdutsen wurdt mei in ûntrochkringbere laach úthurdzjend slym. Vigo de Karpaat is fan doel om Oscar om klokslach tolve oere op âldjiersjûn te besetten. Dana besiket dêr in stokje foar te stekken, mar wurdt troch Poha en Vigo opsletten. Op âldjiersjûn rizet it slym omheech nei de strjitten fan New York, dêr't it rûnom foar boppenatuerlike gaos en trelit soarget. De plysje wurdt oerspield troch tillefoantsjes fan lju yn need. Yn wanhoop ropt boargemaster Clotch om 'e Ghostbusters. As er foar it ferstân kriget dat Hardemeyer harren opslute litten hat, ûntslacht er syn assistint op steande foet en lit de mannen út it psychiatrysk sikehûs helje.

De Ghostbusters, dy't troch harren resepsjoniste Janine Melnitz en harren boekhâlder Louis Tully op 'e hichte brocht wurde oer wat der yn harren ôfwêzigens bard is, sette nei it Manhattan Museum of Art ta. As it harren net slagget om troch it hurde slym hinne te brekken, riddenearret Stantz dat se ferlet hawwe in posityf symboal, om it slym mei de positive emoasjes fan 'e New Yorkers sêft wurde te litten. Dêrom brûke se slym dat opladen is mei positive emoasjes om 'e binnenkant fan it Frijheidsbyld mei te bespuitsjen, sadat se it byld yn beweging krije kinne en it troch de mei jûchheiende minsken folsteande strjitten stjoere kinne. Oankommen by it museum lûkt de slymbarriêre him werom fan it dak, wêrnei't Stantz it Frijheidsbyld mei har toarts dwers troch in skylight hinne huffe lit. Sa slagget it de Ghostbusters om krekt foar midsnacht yn it museum troch te kringen.

Ienris binnendoar, keare de Ghostbusters tsjin dat Vigo Oscar besette kin en neutralisearje se János Poha troch him mei posityf laden slym te bespuitsjen. Vigo de Karpaat nimt in fysike foarm oan en pakt Oscar wer op. Wannear't lykwols bûtendoar de gearklofte mannichte ienriedich út folle boarst Auld Lang Syne begjint te sjongen, rekket Vigo ferswakke troch de positive emoasjes dy't dêrfan útgeane. Hy wurdt twongen en kear werom nei syn skilderij, mar yn in lêste oplibbing wit er Stantz te besetten. De oare Ghostbusters brûke harren wapens om Vigo te ferslaan en Stantz te befrijen. Neitiid feroaret it skilderij yn ien fan 'e fjouwer Ghostbusters mei de lytse Oscar by harren. It restant fan 'e hurde slymlaach om it museum hinne lost op, de Ghostbusters komme op triomfantlike wize nei bûten ta en wurde dêr tajûche troch in útsinnige minskekliber.

Rolferdieling

haadrollen personaazje             akteur/aktrise Peter Venkman Bill Murray Dana Barrett Sigourney Weaver

byrollen personaazje akteur/aktrise Ray Stantz Dan Aykroyd Egon Spengler Harold Ramis Winston Zeddemore Ernie Hudson János Poha Peter MacNicol Janine Melnitz Annie Potts Louis Tully Rick MoranisVigo de Karpaat Wilhelm von Homburg (live-action)Max von Sydow (stim Jack Hardemeyer Kurt Fuller boargemaster Lenny Clotch David Margulies rjochter Stephen Wexler Harris Yulin ofsier fan justysje Janet Margolin psychiater Brian Doyle-Murray Milton Angland, gast yn praatprogramma Kevin Dunn Elaine, gast yn praatprogramma Chloe Webb mem dy't bernefeest hâldt Mary Ellen Trainor haad gemeentetsjinst Ben Stein plysjekommissaris Philip Baker Hall havenmaster Cheech Marin Oscar Barrett (poppe) William T. en Hank J. Deutschendorf

Produksje en distribúsje Produksje Nei it geweldige kommersjele súkses fan 'e earste Ghostbusters-film, woe filmstudio Columbia Pictures hoe dan ek in ferfolchfilm meitsje om fierder te ynkassearjen. It probleem wie dat de oarspronklike film ûntwikkele wie as in op himsels steand projekt, en dat de leden fan 'e cast en crew no allegear fierder woene mei oare dingen. Columbia hie der sadwaande klauwen oan, en moast gâns druk útoefenje, om it spul foar de produksje fan Ghostbusters II op 'e rails te krijen. De preproduksje duorre in ivichheid, wat benammen te witen wie oan 'e tsjinnichheid dy't cast en crew by de film hiene, en oan 'e rûzjes dy't efter de skermen plakfûnen en lykwols dochs breed útmetten waarden yn 'e media.