Stasjon Duiven (Dvn), iepene op 15 febrewaris 1856, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Duiven yn de provinsje Gelderlân. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Gebou It oarspronklike stasjonsgebou fan Duiven wie in ienfâldig rjochthoekig stasjonsgebou fan oardel ferdjipping heech en wie grutdiels yn gebrûk as wenning. In pear romten wiene foar de stasjonsfunksjes ynrjochte. It stasjon waard sletten yn 1936, yn 1944 rekke it stasjonsgebou yn de Twadde Wrâldkriich slim skansearre en waardt sloopt. It stasjon waard yn 1980 weriepene, der kaam by de weriepening in stasjonsgebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma, fergelykber mei de stasjonsgebouwen fan Felp en Elst.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster RS 3230700 Stoptrein (Hermes) Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. RS 3230900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem – Winterswyk Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhem en Doetinchem. RS 3236900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem – Terborg Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg.
Kategory:Bouwurk yn Duiven Duiven Duiven Duiven