Stasjon Veenendaal-De Klomp (Klp) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp De Klomp, yn de gemeente Ede yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon leit op in kilometer ôfstân fan it Utertske plak Veenendaal.

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Veenendaal-De Klomp om en de by 1905 It oarspronklike stasjonsgebou fan stasjon Veendendaal-De Klomp wie in eardere direksjekeet. It ienfâldige lege gebou waard yn de rin fan de jierren fierder geskikt makke om tsjinst te dwaan as stasjonsgebou. Der kamen wachtromten en in romte foar de stasjonsjef. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it gebou slim skansearre en waard mar foar in part provisoarysk reparearre. Yn 1960 waard it âlde stasjonsgebou ôfbrutsen en yn 1962 ferfongen troch nijbou neffens ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma: in leech gebou mei twa romten mei in plat dak en twa skoarstiennen.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 3000 Intercity (NS)Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Seist – Utert-Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De HelderVeenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. 3100 Intercity (NS) Skiphol Airport – Utert-Sintraal – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Nimwegen23400Nachtnet Intercity (NS)Utert-Sintraal – Driebergen-Seist – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Elst – NimwegenAlinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen-Seist.

Kategory:Bouwurk yn Ede Veenendaal-De Klomp Veenendaal-De Klomp Veenendaal-De Klomp