Stasjon Ede-Wageningen (Ed) is in spoarstasjon yn it Nederlânske plak Ede, yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). Yn dit Gelderske plak waard yn 2024 it tredde stasjonsgebou sûnt 1845 iepene.

Gebou It oarspronklike stasjonsgebou fan Ede-Wageningen waard iepene yn 1877, 32 jier neidat it stasjon iepene wie. It stasjonsgebou wie bekend as in standerttype Harmelen, it wie ien fan de fjouwer stasjonsgebouwen fan dit type dat ea boud is. De arsjitekt is ûnbekend. It lytse gebou mei puntdak en luifel om it hiele gebou hinne kaam op in nij oanlein eilânperron te stean en hie allinnich de needsaaklike stasjonsfoarsjenningen. De wenning fan de stasjonsjef kaam op in oar plak, yn de buert fan it stasjon. Yn 1903 waard it gebou útwreide mei in wachtromte tredde klasse.

It stasjonsgebou waard yn 1984 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou, nei ûntwerp fan arsjitekt Paul Corbey, mei op it eilânperron in wachtromte en ytgelegeneheid. Yn 2022 waard begûn mei de bou fan in nij stasjonsgebou Spoorzone-ede.nl, riedplachte op 1-6-2023 nei in ûntwerp fan arsjitekt Rodrigo Louro van Mecanoo. stedenbouw.nl, 12-12-2023 nieuw-treinstation-ede-wageningen-bloeit-op riedplachte op 25-3-2024 , it nije stasjonsgebou waard yn 2024 iepene. Wêrnei't it stasjonsgebou út 1984 ôfbrútsen waard. ns.nl, 23-2-2024, Nieuw station Ede-Wageningen ontvangt eerste reizigers riedplachte op 25-3-2024

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 3000 Intercity (NS)Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert-Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De HelderVeenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. 3100 Intercity (NS) Skiphol Airport – Utert-Sintraal – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Nimwegen 3200 Intercity (NS) Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert-Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.23400Nachtnet Intercity (NS)Utert Sintraal – Driebergen Zeist – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Elst – NimwegenAlinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen Zeist. 7500Sprinter (NS)Ede Wageningen – Arnhim SintraalRS 3431300Stoptrein (Connexxion)Amersfoart Sintraal – Barneveld Sintrum – Ede Wageningen

Kategory:Bouwurk yn Ede Ede-Wageningen Ede-Wageningen Ede-Wageningen