Stasjon Helmond Brouwhuis (Hmbh) is in spoarweistasjon yn de stêd Helmond yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1986 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon waard iepene foar ynwenners fan de Helmondske wiken ' Brouwhuis en Rijpelberg. It ûntwerp is fan de hân fan arsjitekt Rob Steenhuis, it betonnen fjouwerkante gebou is in foarbyld fan in foarstedshalte Der is in iepen fytsestalling mei fytsklûzen oanwêzich. Yn it stasjonsgebou, dêr 't earst kaartferkeap plakfûn, sit hjoed-de-dei hoareka.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 4400 Sprinter (NS) Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Helmond Brouwhuis – Deurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. 14400 Sprinter (NS) Eindhoven Sintraal – Helmond – Helmond Brouwhuis – Deurne Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne.
Helmond Brouwhuis Kategory:Bouwurk yn Helmond Helmond Brouwhuis