Stasjon Rilland-Bath (Rb) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Rilland yn de gemeente Reimerswaal yn de provinsje Seelân. It waard op 1 jannewaris 1872 yn gebrûk naam, oan de Steatsline F.

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Rilland-Bath wie in lyts gebouke mei in wenning foar de stasjonssjef, yn 1878 krige it gebou oan de westkant der in fleugel by. It gebou gie yn oktober 1945 troch brân ferlern.

Yn 1952 kaam it nije stasjonsgebou ree, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn, yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, in lang en leech ienfâldich gebouke mei sealtek en in aksintuearre yngong. It gebou waard yn 2006 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster2200Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Rilland-Bath – Middelburch – Flissingen12200Intercity(NS)Roosendaal – Bergen op Soom – Rilland-Bath – Goes – Middelburch – Flissingenrydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.6100Sprinter (NS)Roosendaal – Bergen op Soom – Rilland-Bath – Goes – Middelburch – FlissingenIn oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Rilland-Bath Kategory:Bouwurk yn Reimerswaal (gemeente) Rilland-Bath Rilland-Bath Kategory:Bouwurk sloopt yn 2006