Stasjon Lage Zwaluwe (Zlw) is in spoarweistasjon yn Lage Zwaluwe gemeente Moerdijk yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dit Brabânske plak is yn 2003 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou Stasjon Lage Zwaluwe om en de by 1905 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Lage Zwaluwe yn 1950 It earste stasjon iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It earste stasjonsgebou wie in gebou mei in heech middenpart mei twa puntgevels oan wjerskanten en oan beide kanten in fleugel. It gebou waard yn 1945 ôfbrútsen nei't it slim skansearre rekke wie yn de Twadde Wrâldkriich.
It stasjonsgebou waard yn 1950 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, in lang en leech ienfâldich gebouke mei sealtek en in aksintuearre yngong.
It stasjonsgebou út 1950 waard yn 2001 ôfbrútsen en ferfongen troch twa treppenhúzen mei liften en in glêzen fuotgongersbrêge der tusken yn, mei twa wachtromtes midden op de brêge, mei útsjoch op de spoaren en it grutte rangearterrein by Lage Zwaluwe, fan de hân fan arsjitekt Edwin Megens.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5100Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Lage Zwaluwe – Doardt5900Sprinter (NS)Doardt – Lage Zwaluwe – Roosendaal Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.6600Sprinter (NS)Doardt – Lage Zwaluwe – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim SintraalRydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
Kategory:Bouwurk yn Moerdijk Lage Zwaluwe Lage Zwaluwe Lage Zwaluwe Lage Zwaluwe