Marijke Höweler-van Dalen (Koog aan de Zaan, 27 july 1938 – Amsterdam, 5 maaie 2006 wie in Nederlânske skriuwster en psychologe. Nei har houlik brûkte sy de efternamme fan har man Ype Isaac Höweler (1927-2006).

Wurkpaad Höweler waard maatskiplik wurkster nei't se de sosjale akademy dien hie. Dêrnei studearre hja oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Yn 1968 studearre hja ôf yn de klinyske psychology, en wie oant 1985 wurksum as psycholooch. Dêrnei waard hja skriuwster fan teksten foar it kabaret (ûnder oaren foar Lurelei), mar se waard foaral bekend as romanskriuwster. Se debutearre yn 1964 mei de bondel Tranen van niemand. De roman Van geluk gesproken wie har grutste sukses; it boek waard yn 1987 ferfilme troch Pieter Verhoeff. De jierren tachtich wie ek de perioade dat se folop yn de belangstelling stie, dêrnei ferflaude it omtinken al hold se wol in trouwe oanhing oer. Har romans binne as in soarte sedesketsen te beskôgjen dêr't op satiryske toan it libben fan faak goed yn bedielde, 'moderne minsken' beskreaun wurdt dy 't mei alderhanne problemen eigen oan dat 'moderne libben' te kampen hawwe.

Neist har skriuwerij wie se te sjen yn telefyzjeprogrammas en siet se yn sjuerys foar literêre prizen.

Marijke Höweler stoar yn 'e âldens fan 67 jier oan kanker. Se waard beïerdige op it Nieuwe Oosterbegraafplaats yn Amsterdam. Har man ferstoar op 27 augustus 2006.

Wurken 1964 - Tranen van niemand, en andere verhalen 1981 - Inleiding in de klinische psychologie (redaksje, mei prof. dr. A.P. Cassee en prof. dr. R.H.C. Janssen) 1982 - Van geluk gesproke 1983 - Bij ons schijnt de zon 1984 - Ernesto 1985 - Mooi was Maria 1985 - Tobias 1986 - Had maar een kat gekocht 1987 - Tragisch wonen 1988 - Geef mij maar geld 1989 - Dagen als gras 1989 - Jij mag de kaarsjes uitblazen 1990 - Gestoord gedrag: classificatie, etiologie en therapie (diel 10/2 fan Compendium van de psychologie; tegearre mei prof. dr. R.H.C. Janssen) 1992 - Het is zover 1994 - De waarheid houdt van vrolijke gezichten 2002 - Onder de gordel 2004 - Alle verhalen 2005 - Over de streep

Literatuer Zedenschetsen over hompelaars, De Volkskrant, 9 maaie 2006 : 'Marijke Höweler (Levensbericht)'. Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden, 2012-2013, s. 87-92. Folsleine tekst J. Diepstraten, Johan Diepstraten in gesprek met Marijke Höweler, Bzzlletin 16 (1986) 82-86. Emma Brunt, Jaloers. Gesprekken over jaloezie (Amsterdam 1986) 37-51. A.H. den Boef, De debuten van Marijke Höweler, of Hoe iemand een afkeer van een auteur kan krijgen, Bzzlletin 25 (1995-1996) s. 75-79.

Kategory:Nederlânsk psycholooch Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2006