Stasjon Rotterdam Súd (Rtz) iepene op 2 maaie 1877, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon leit oan de Steatsline I

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Rotterdam Súd yn 1986 Pas yn 1958 kaam der in stasjonsgebou, ûntwurpen troch arsjitekt Sybold van Ravesteyn. Yn 1988 waard dit gebou sloopt om romte te meitsjen foar de bou fan de Willemsspoartunnel. It duorre oant 1993 foar dat der in nij modern traversestasjon iepene waard, in ûntwerp fan arsjitekt Harry Reijnders dy't ek it datselde jier iepene nije stasjon Rotterdam Blaak ûntwurp. De sydperronnen wurde net in protte brûkt, hast alle treinen dy 't op dit stasjon ophâlde dogge dat oan it middenperron.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5000Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Súd – Rotterdam Lombardijen – DoardtRydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.5100Sprinter (NS)De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Súd – Rotterdam Lombardijen – Doardt

Kategory:Bouwurk yn Rotterdam Rotterdam Súd Rotterdam Súd Rotterdam Súd