Freerk Auke Lootsma (Mullum, 21 jannewaris 1936 – De Haach, 16 maaie 2003) wie in Nederlânsk wiskundige en heechlearaar fan Frysk komôf.
Libben en wurk Lootsma studearre nei it eksamen gymnasium-B en gymnasium-A skiekunde oan de Ryksuniversiteit Utert. Al nei in pear wike besleat er om foar de stúdzje wiskunde en teoretyske natuerkunde te kiezen.
Hy wurke dêrnei by TNO-FEL en by Philips, dêr't er wurke oan net-lineêre optimalisearring. Op dat ûnderwerp promovearre er yn 1970 by prof. J.F. Benders oan de T.H. Eindhoven, no Technyske Universiteit Eindhoven. Op 1 augustus 1974 waard Lootsma heechlearaar operasjonele analyze oan de Technyske Hegeskoalle Delft, no de Technyske Universiteit Delft. Hy die dêr kontraktûndersyk foar ûnder oare it Ministearje fan Ekonomyske Saken en de Europeeske Kommisje. Hy organisearre trije NATO Advanced Studies Institutes en hy wie associate editor fan de tydskriften Optimization en Journal of Multi-Criteria Decision Analysis. Ek wied er jierrenlang ponghâlder fan de Mathematical Programming Society, adviseur by TNO en foarsitter fan de Delft University Visitors Foundation.
Yn syn frije tiid skreau er in spionaazjeroman ûnder de skûlnamme Milan Bern.
Wurken Boundary properties of penalty functions for constrained minimization. Proefskrift, Eindhoven, 1971, ek ferskynd as Philips Research Reports Supplements 3, 1971. Numerical methods for non-linear optimization. Academic Press, Londen, 1972. Conference held at the University of Dundee, 28 June–1 July, 1971 (Lootsma wie redakteur). Afdalen in de arena, ynaugurele rede TU Delft, 10 septimber 1975 Saaty’s priority theory and the nomination of a senior professor in operations research. European Journal of Operations Research 4, 380–288, 1980. Milan Bern (pseudonym fan F.A. Lootsma): Het Bach-Project, roman oer spionaazje yn de Europeeske kompjûteryndustry. De Fontein, Baarn, 1983. Fuzzy logic for planning and decision making. Kluwer, Dordrecht, 1997. Multi-criteria decision analysis via ratio and difference judgement. Kluwer, Dordrecht, 1999 Geteld, geteld, gewogen, gebroken, ôfskiedsrede TU Delft, 13 oktober 2000.
Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk wiskundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Heechlearaar oan de Technyske Universiteit Delft Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Mullum Kategory:Persoan berne yn 1936 Kategory:Persoan stoarn yn 2003