Stasjon Blerick (Br) is in spoarweistasjon yn Fenlo en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1960 it tredde stasjonsgebou sûnt 1868 iepene.
Gebou 200px|thumb|left|3e stasjonsgebou stasjon Blerick yn 1966 It earste stasjonsgebou kaam yn 1868 ree twa jier nei de iepening fan it stasjon, it wie in lyts gebouke mei in wenning foar de stasjonssjef.
Yn 1892 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch in grutter gebou, dit wie in heech rjochthoekich gebou, werfan de toppen fan sydgevels mei houtwurk fersierd wie, sawol oan de kant fan it perron en de strjitte kant sit er in dakkapeltsje yn it dak.
It stasjonsgebou út 1892 gie yn 1944 ferlern, en waard pas yn 1960 ferfongen troch in nij gebou, bekend as Standerttype Vierlingsbeek fan de hân fan arsjitekt Willem Bernhard Kloos. It gebou waard yn 2001 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 3500 Intercity (NS) Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Blerick – Fenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. 3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Blerick – FenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Fenlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. 13500 Intercity (NS) Eindhoven Sintraal – Helmond – Blerick – Fenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.RS 1132200Stoptrein (Arriva)Nimwegen – Venray – Blerick – Fenlo – RoermondRS 1132300Stoptrein (Arriva)Nimwegen – Venray – Blerick – Fenlo
Blerick Kategory:Bouwurk yn Fenlo (gemeente) Blerick Blerick Blerick Blerick