Stasjon Glanerbrug (Gbr) is in spoarweistasjon yn it Oeriselske Glanerbrug oan de Steatsline D. It stasjon waard iepene yn 1868 doe't dit lêste part fan steatsline D ree kaam. Op 1 oktober 1875 waard it stasjon sletten. Yn 1888 waard it fannijs iepene, mar op 6 novimber 1950 foel it doek foar it stasjon foar de twadde kear. Pas nei goed fyftich jier op 18 novimber 2001 waard it foar de twadde kear iepene. Yn 1910 hie it stasjon in gebou krigen dat earne yn de jierren 80 ôfbrútsen waard. It stasjon bestiet hjoed-de-dei út in perron mei in tal bankjes en in kaartsjesautomaat.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster RB 64 Regionalbahn (DB NRW) Münster – Steinfurt-Burgsteinfurt – Gronau – Glanerbrug – Ynskedee RB 51 Regionalbahn (DB NRW) Dortmund – Preußen – Lünen – Coesfeld – Gronau – Glanerbrug – Ynskedee

Kategory:Spoarstasjon yn Oerisel Kategory:Bouwurk yn Ynskedee Kategory:Bouwurk út 1910