Stasjon Arnhim Felperpoarte (Ahp) iepene op 1 maaie 1868, is it spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Arnhim yn de provinsje Gelderlân. It stasjon leit oan de Steatsline A en de Rhijnspoarwei

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou Stasjon Arnhim Felperpoarte yn 1954 It oarspronklike spoarweistasjon fan Arnhim Felperpoarte waard iepene op 1 oktober 1892. Oan beide kanten fan de spoardyk, fuort westlik fan de Velperpoarte, waard in suver hielendal glêzen gebouke mei in houten skelet en dak boud. De geboutsjes rêsten op houten peallen, om't de spoardyk allinnich plak joech oan de rails en in smel houten perron. In heakse trep yn twa dielen mei elk sawat tweintich treden laten de treinreizgers fan de Steenstrjitte ôf nei it stasjon. Stasjon Arnhim Felperpoarte waard op 3 juny 1918 sletten en de abry's waarden ôfbrútsen.

Op 5 jannewaris 1953 waard it stasjon op 'en nij iepene, mei in nij stasjonsgebou op likense hichte mei de ferhege spoarbaan, ûntwurpen troch arsjitekt Koen van der Gaast. Om de wachtromte hinne rint de trep nei boppen. Oarspronklik wie it twadde perron allinnich te berikken fia in oerpaad. Dit geboutsje bestiet noch hieltyd en is tsjintwurdich yn gebrûk as kantoar.

Yn 1988 waard it ferfongen troch twa nije geboukes efkes fierderop lâns de spoarbaan by in nije ûndertrochgong, wêrtroch't it in fiaduktstasjon waard. Hoewol't dy nije geboukes, ûntwurpen troch arsjitekt Rob Steenhuis, út net folle mear as twa treppehuzen bestean hawwe se in grutte boumassa.

Yn 2020 is it stasjon fernijd wêrby't benammen de tagonklikheid en de feiligens om it stasjon hinne ferbettere is. Sa binne de perrons en treppen ferbrede en waarden der liften pleatst foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 7600 Sprinter (NS) Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Arnhim Felperpoarte – Sutfen In healoeretsjinst rydt nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen. RS 3230700 Stoptrein (Hermes) Arnhim Sintraal – Arnhim Felperpoarte – Doetinchem Rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. RS 3230900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Arnhim Felperpoarte – Doetinchem – Winterswyk Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. RS 3236900 Stoptrein (Arriva) Arnhim Sintraal – Arnhim Felperpoarte – Doetinchem – Terborg Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg.

Kategory:Bouwurk yn Arnhim Arnhim Felperpoarte Kategory:Bouwurk út 1895 Kategory:Bouwurk út 1953 Kategory:Bouwurk út 1988