Vesoul is in stêd en gemeente yn de regio Boergonje-Franche-Comté (Frankryk). It is de haadstêd fan it departemint Haute-Saône.

Geografy Vesoul leit yn it easten fan Frankryk, likernôch hûndert kilometer fan de grinzen fan Switserlân en Dútslân, tusken de bergen fan de Sjuera en de Fogezen. De stêd leit yn it sintrum fan it departemint Haute-Saône, yn it noarden fan 'e regio Boergonje-Franche-Comté. De stêd leit 45 kilometer fan Besançon en 314 kilometer eastlik fan Parys en leit oan it spoar fan Parys nei Mulhouse. It grûngebiet fan 'e stêd hat in oerflak fan 9,07 km²Vesoul (carte).

Skiednis Vesoul waard foar it earst neamd yn in oarkonde yn 899. Dy oarkonde neamt in boarch boud op 'e heuvel fan La Motte, Castrum Vesulium. Castrum betsjut "boarch" en Vesulium hat it wurdlid ves itjinge "heuvel" of "berch" betsjut yn in taal dy't foar de Kelten sprutsen waard. Hjoed-de-dei foarmet de boarch it sintrum fan de stêd. De earste hûzen waarden binnen de muorren fan de boarch boud. Yn de 13e iuw waard de stêd in wichtich kommersjeel sintrum. Haadstêd fan it baljuwskip fan Amont yn' e 14e iuw, ûnder Spaansk gesach yn de 16e en 17e iuw, waard it de prefektuer fan Haute-Saône op 12 maart 1800Louis Monnier, Histoire de la ville de Vesoul : avec de nombreuses reproductions de monuments et de portraits, Vesoul, Louis Bon, 1909, Tome 1, Tome 2

Hjoed-de-dei is ien fan de haadfabriken fan PSA Peugeot Citroën by Vesoul fêstige.

Ferneamde ynwenners Jean-Léon Gérôme (1824-1904)Jean-Léon Gérôme Édouard Belin (1876-1963)Édouard Belin Edwige Feuillère (1907-1998)Edwige Feuillère

Befolking <center>Befolking (Vesoul)INSEE</small>

</center>

Galery

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Boergonje-Franche-Comté Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Boergonje-Franche-Comté