Stasjon Haren (Hrn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Haren yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1868 oan de Steatsline C (Meppel - Grins). It stasjon waard yn 1936 sletten, mar op 29 septimber 1968 fannijs iepene, net op it eardere plak mar tichter by it doarp.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Haren wie in lyts langwerpig gebouke, mei in wening foar de stationsjef. It stie by de oerwei yn de Oude Middelhorst, sa'n 200 meter súdliker as it hjoeddeiske stasjon.
It stasjonsgebou waard yn 1968 ôfbrútsen nei de iepening fan it nije stasjon. It nije stasjon krige in stasjonsgebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 12600 Intercity (NS) Grins – Haren – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal Alinne freedtenachts 8100 Sprinter (NS) Swol – Meppel – Assen – Haren – Grins
Haren Kategory:Bouwurk yn Grins (gemeente) Haren Haren