Stasjon Arnhim Presikhaaf (Ahpr) is in spoarweistasjon yn de Gelderske stêd Arnhim en waard iepene yn 1969 oan de Steatsline A (Arnhim Sintraal - Ljouwert). It stasjon leit oan de noardkant fan de wenwyk Presikhaaf. Fan 1882 oant en mei 1905 stie op 100 meter ôfstân fan dizze lokaasje it stopplak Plattenburg.

It stasjon hat gjin stasjonsgebou allinnich in tal abry's en is in echt forinzestasjon. It wurdt brûkt troch studinten fan de HAN hegeskoalle yn Arnhim, de kampus leit op sa 'n fiif minuten rinnen fan dit stasjon, en ynwenners fan de wyk Presikhaaf.

Yn 2007 binne de perrons wat ferbrede en ein 2013 is der in ekstra tagongstrap oanlein oan de kant fan it park.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 7600 Sprinter (NS) Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Arnhim Presikhaaf – Sutfen In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen.

Arnhim Presikhaaf Kategory:Bouwurk yn Arnhim Arnhim Presikhaaf