Arrival is in Amerikaanske science fiction-skrillerfilm út 2016 ûnder rezjy fan Denis Villeneuve, mei yn 'e haadrollen Amy Adams, Jeremy Renner en Forest Whitaker. De titel betsjut "Oankomst". De film waard loskes basearre op 'e bekroande novelle Story of Your Life fan Ted Chiang. It ferhaal folget Louise Banks, in foaroansteand taalkundige, wa har help troch it Amerikaanske Leger ynroppen wurdt as tolve bûtenierdske romteskippen de Ierde berikke. Yn 'e mande mei natuerkundige Ian Donnelly moat se mei de bûtenierdske wêzens sjen te kommunisearjen foar't de oprinnende spannings, dy't it ûnoankundige besyk op 'e wrâld feroarsaket, ta oarloch liede. Underwilens wurdt se teheistere troch oantinkens oan har jong ferstjerrende dochter. Arrival waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en krige fan 'e filmkritisy rûnom loovjende resinsjes. De film wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses en waard nominearre foar 8 Oscars en 2 Golden Globes, en wûn in Oscar, in Hugo Award, in Nebula Award, in BAFTA en in Saturn Award.

Plot Hannah, de dochter fan taalkundige Louise Banks, komt mei tolve jier te ferstjerren oan in ûngenêslike sykte.

Op in dei arrivearje sûnder warskôging ynienen tolve reuseftige bûtenierdske romteskippen op 'e Ierde, dy't op tolve ferskillende plakken ferdield oer de hiele wrâld in lyts eintsje boppe de grûn sweven bliuwe. Dat bart yn de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Austraalje, Ruslân (2 kear, by de Swarte See en yn Sibearje), Sina, Japan, Pakistan, Sûdaan, Sierra Leöane, Fenezuëla en Grienlân. Dy lannen en territoaria stjoere wittenskippers en militêren om 'e skippen te ûndersykjen en yn 'e rekken te hâlden. Yn 'e Feriene Steaten, dêr't ien fan 'e romteskippen op in ôfhandige lokaasje op it plattelân fan Montana delkommen is, hat kolonel G.T. Weber fan it Amerikaanske Leger de lieding oer it projekt, yn gearwurking mei spesjaal agint Halpern fan 'e feilichheidstsjinst CIA. Hy rekrutearret Banks en natuerkundige Ian Donnelly om 'e bûtenierdske wêzens te bestudearjen en kommunikaasje mei harren mooglik te meitsjen.

De bûtenierdske wêzens jouwe in ymplisite útnûging ôf troch harren romteskip te iepenjen. Oan board komme Banks, Donnelly en harren militêre liifwachten ûnder lieding fan kaptein Marks telâne yn in romte dy't oanpast is oan 'e atmosfear fan 'e Ierde, wylst de bûtenierdske wêzens efter in trochsichtige wand bliuwe, dúdlik yn in oarsoartige atmosfear. Banks en Donnelly meitsje kontakt mei twa fan 'e wêzens, dy't noch it measte op reuseftige oktopussen lykje, mar dan mei sân lidden ynstee fan acht. Se beslute de wêzens 'heptapoaden' te neamen, fan 'e Grykske wurden foar "sân" en "skonk". Donnelly jout dizze spesifike wêzens de bynammeen Abbott en Costello (nei in wiidferneamd Amerikaanske komysk duo).

Nei de earste moeting komt Banks al rillegau ta de konklúzje dat kommunikaasje fia sprutsen taal dreech wurde sil, mei't se gjin inkeld oanknopingspunt hat oer wat de lûden betsjutte dy't de wêzens fuortbringe, wylst dy lûden nea troch minsklike stimbannen produsearre wurde kinne sille. Se beslút dêrom dat skriftlike kommunikaasje it antwurd wêze moat. Mei Donnelly docht se ûndersyk nei de yngewikkelde skriftfoarm fan 'e heptapoaden, dy't opbout is út palindromyske frazen werjûn mei rûne symboalen. Banks beseft al rillegau dat de symboalen gjin spesifike lûden werjouwe, en dus los steane fan 'e sprutsen taal (krekt as by Sineeske karakters it gefal is). Banks en Donnelly diele harren befinings mei de wittenskippers út oare lannen. Wat langer oft Banks it skrift fan 'e heptapoaden bestudearret, wat mear flashback-eftige fizioenen se kriget oer har dochter.

Wannear't Banks in grut genôge dielde wurdskat mei Abbott en Costello opboud hat om freegje te kinnen hokfoar doel de heptapoaden hawwe om nei de Ierde ta te kommen, kriget se in antwurd dat neffens har beheinde kennis fan it bûtenierdske skrift "biedt wapen oan" betsjut. Yn Sina, dêr't ûnderwilens ferlykbere foarútgong boekt wurdt, krije de wittenskippers as antwurd op in soartgelikense fraach "brûk wapen". De Sineeske sterke man, generaal Shang, lit dêrop de kommunikaasje mei de heptapoaden ôfbrekke, en Ruslân, Pakistan en Sûdaan folgje dat foarbyld. Banks redendielt mei kolonel Weber en hâldt út dat it symboal dat oant no ta as "wapen" ynterpretearre is, likegoed "middel" of "wurktúch" betsjutte kin. In troch de CIA opfongen kommunikaasje fan generaal Shang liket derop te wizen dat de Sinezen harren kommunikaasje mei de heptapoaden basearje op it gebrûk fan mahjong, in tige kompetatyf spultsje, wêrby't de winner alles nimt en de ferliezer alles kwytrekket. Banks hâldt Weber foar dat er grif sels ek wol betinke kin hoe't dat ta ferkearde ynterpretearrings liede kin.

Underwilens kreëarje op sensaasje beluste media yn 'e Feriene Steaten mei opsetsin panyk yn ferbân mei de "meunsters" dy't de Ierde "binnenfallen" binne en dy't grif út binne op 'e útrûging of it ta slaaf meitsjen fan 'e minskheid. Kaptein Marks en ferskaten fan syn ûnderhearrigen litte har yn dy gekte meislepe en beslute dat der in die steld wurde moat. Se bringe dêrom temûk in bom oan board fan it bûtenierdske skip yn Montana. Banks en Donnelly geane alhiel sûnder euvelmoed it skip wer yn om fertsjutsking te freegjen foar it "biedt wapen oan"-antwurd, en krije dêrop in antwurd dat sa kompleks is, dat se it lang net neikomme kinne. Krekt foar't de bom ôfgiet, smyt ien fan 'e heptapoaden Banks en Donnelly út it skip en slút de tagong ôf, sadat de ûntploffing yn it skip bliuwt en harren net berikt. Nettsjinsteande dat rinne se allebeide in harsensskodding op en reitsje se bewusteleas. As se letter wer bykomme yn 'e sikeboech fan it kamp dat it Amerikaanske Leger by it bûtenierdske skip opslein hat, risselwearret it leger foar in evakuaasje út eangst foar ferjilding troch de heptapoaden, wylst it romteskip in ein opstige is sadat it no bûten berik is foar minsken.

Donnelly ûntdekt dat yn it lêste antwurd fan 'e heptapoaden it symboal foar it begryp "tiid" hieltyd weromkomt, en dat it skriuwen sekuer ien tolfde part yn beslach nimt fan 'e trijediminsjonale romte dêr't it yn projektearre is. Op basis dêrfan liket it Banks ta dat it folsleine boadskip opdield is yn tolven en dat de heptapoaden oan eltse groep wittenskippers dêr't se kontakt mei hawwe, in tolfde part fan it folsleine antwurd jûn hawwe. Se ornearret dat de bûtenierdske wêzens dêrmei de minskheid twinge wolle ta gearwurking. Underwilens stelt generaal Shang de heptapoaden in ultimatum, wêryn't er easket dat sy it grûngebiet fan Sina binnen 24 oeren ferlitte sille. Sa net, dan sil it Folksbefrijingsleger harren oanwêzigens as in ynvaazje beskôgje en ta de oanfal oergean. Ruslân, Pakistan en Sûdaan komme neitiid mei lyksoartige ultimata. De fjouwer lannen brekke fierdere kommunikaasje mei de oare lannen ôf. De CIA rikkemandearret it Amerikaanske regear oan om ek net mear mei it bûtenlân gear te wurkjen, en dat advys wurdt ta argewaasje fan Banks en Connolly oernommen. Al rillegau is der hielendal gjin ynternasjonale kommunikaasje mear.

Wylst de evakuaasje fan it kamp yn Montana fêste foarmen begjint oan te nimmen, pykt Banks út en giet allinne nei it plak ûnder it bûtenierdske skip ta. De heptapoaden litte dêrop in transportkokon sakje, dêr't sy yn plaknimt, en helje dy wer op. Foar it earst wurdt Banks yn deselde atmosfear brocht as de heptapoaden. Dy is nuver mar net giftich foar minsken. Se moetet Costello, dy't har fertelt dat Abott by de ûntploffing fan 'e bom omkommen is. Op har fraach wat de heptapoaden no eins fan wolle, antwurdet Costello dat se de minsken helpe wolle, om't se oer 3.000 jier sels ferlet hawwe sille fan 'e help fan 'e minskheid.

Banks kriget einlings foar it ferstân dat it "wapen", dat de heptapoaden de minskheid oanbiede wolle om te brûken, harren taal is. It oanlearen fan dy taal feroaret nammentlik de tinkprosessen fan it minsklik ferstân, sadat de minsklike persepsje fan tiid net mear lineêr (opienfolgjend) is, en minsken 'oantinkens' hawwe oan takomstige foarfallen. Dat ferklearret de betiizjende fizioenen dy't Banks de ôfrûne tiid ûnderfûn hat (dy't gjin flashbacks binne mar flashforwards) fan in dochter, Hannah, dy't se noch net krigen hat. As Banks weromkeart yn it kamp, is de evakuaasje yn folle gong. Se fertelt Donnelly dat de taal it "wurktúch" is dat de heptapoaden de minskheid tahawwe wolle, mar hâldt har reälisaasje oer wat dy taal mei de minsken dwaan sil foarearst geheim, om't se net foar gek ferklearre wurde wol.

Underwilens stiet Sina op it punt om it heptapoadyske romteskip oan te fallen dat noch altyd by Sjanghai yn 'e loft hinget. Banks kriget in oantinken oan in takomstige galajûn fan 'e Feriene Naasjes wêrby't de nijfûne ienheid en gearwurking fan 'e Ierde fierd wurdt. Dêr moetet se generaal Shang, dy't har betankje wol om't se de Sineeske oanfal op 'e heptapoaden tsjinkeard hat. Hy fertelt har dat se dat dien hat troch him op te skiljen op syn priveenûmer en him te fertellen wat de lêste wurden wiene dy't syn frou him yn it ear flústere foar't se ferstoar. Hy seit dat er no beseft dat it wichtich is dat se dat wit, en dêrom lit er har it tillefoannûmer sjen en flústeret er har sels de wurden yn it ear: "Oarloch makket gjin winners, allinne mar widdowen." * *) Regisseur Denis Villeneuve keas derfoar om gjin ûndertiteling ta te foegjen foar dy wurden, sadat se yn 'e film inkeld yn it Mandarynsk te hearren binne. Senarioskriuwer Eric Heisserer wie dêr net sa lokkich mei, en makke (mei ynstimming fan Villeneuve) ein septimber 2016, by de fertoaning fan 'e film op it Alamo Drafthouse Fantastic Fest, bekend wat de lêste wurden fan Shang syn frou wiene.

Yn 'e tsjintwurdige tiid stelt Banks de satellyttillefoan fan agint Halpern en skillet generaal Shang op om dy wurden te werheljen. Der wurdt daliks opmurken dat immen yn it kamp in nûmer yn Sina skillet, dat Halpern en de militêre plysje sitte Banks al rillegau efter de hakken om't se miene dat sy steatsgeheime ynformaasje oan 'e Sinezen trochspylje wol. Donnelly helpt har en weaget syn libben om har te beskermjen, ek al kin se him op dat stuit net útlizze wêrom't dit tillefoantsje sa wichtich is. Koart nei't Banks har petear mei Shang beëinige en har oerjûn hat, lûkt Sina syn troepen by it bûtenierdske romteskip werom. It makket ek it tolfde part fan it boadskip fan 'e heptapoaden bekend dat se oan Sina jûn hawwe. Ruslân, Pakistan, Sûdaan en úteinlik ek de Feriene Steaten folgje dat foarbyld. De tolve bûtenierdske romteskippen sette op mysterieuze wize ôf en wurde wei.

Wylst it kamp yn Montana ôfbrutsen wurdt, fertelt Donnelly oan Banks dat er fan har hâldt. Se beprate de karren dy't se meitsje yn harren libbens en oft hy dy feroarje koe as er de takomst wist. Banks wit no dat se trouwe en in dochter krije sille, dy't se Hannah neame sille om't dy namme in palindroom is. Se sil dat dwaan nettsjinsteande it feit dat se al wit hoe't it einigje sil: Hannah sil mei tolve jier komme te ferstjerren oan in ûngenêslike sykte en Donnelly giet by har wei as se him fertelt dat se dat yn 't foar al wist.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise       Louise Banks Amy Adams Ian Donnelly Jeremy Renner kolonel G.T. Weber Forest Whitaker

byrollen personaazje akteur/aktrise CIA-agint Halpern Michael Stuhlbarg kaptein Marks Mark O'Brien generaal Shang Tzi Ma Hannah (8 jier) Abigail Pniowsky Hannah (12 jier) Julia Scarlett Dan Hannah (6 jier) Jadyn Malone

Produksje en distribúsje Produksje