Theodoor Gerard Schill (Bataviaopenarch.nl, út Stadsarchief Amsterdam. , 4 oktober 1852 – Huis ter Heide, 15 oktober 1914)Graftombe.nl wie in Nederlânsk arsjitekt.
Schill begûn syn boukundige karriêre mei in stúdzje ta sivyl yngenieur en boukundich yngenieur oan de Polytechnische School te Delft. Neidat er de stúdzje dien hie, wurke er in skoft op in arsjitekteburo yn Wenen. Yn de jierren 70 fan de njoggentjinde iuw sette er dêrnei, tegearre mei D.H. Haverkamp, in arsjitekteburo op yn de Amsterdamske Jan Luykenstrjitte (nûmer 20). Hy krige kunde oan Haverkamp doe 't er by de bou fan it Ryksmuseum op it buro fan Pierre Cuypers wurke.
Wurken (tegearre mei Haverkamp) thumb|It Klubhûs op de hoeke fan de Kalverstraat dêr't oant 1976 De Groote Club festige wie In kar: 1872: De Groote Club op de Dam yn Amsterdam 1884-1885: Gebou fan de Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst, Marnixstrjitte 402, Amsterdam 1890-1891: Fersekeringsgebou 'Kosmos', Koningsplein 1, Amsterdam 1912: Filla, Museumplein 19, Amsterdam
Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1914