Stasjon Grins (Gn) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Grins, en waard iepene yn 1866. It leit besuden de binnenstêd, krekt oer it Ferbiningskanaal.
Gebou 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Grins yn 1893 By de iepening fan de spoarline nei Ljouwert kaam in in houten stasjonsgebou yn gebrûk, krekt bûten de doetiidske fêsting. Dit wie in houten gebou omdat der in bouferbod jilde yn ferbân mei it skoatsfjild.
Dizze wurd letter ferfongen troch in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldocht hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet.
De fêstingwet waard yn 1874 oanpast, en it 1e stasjonsgebou út 1865 waard yn 1894 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It nije stasjonsgbou is in ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk. It ûntwerp wie in mingeling fan renêssânse- en goatyske styleleminten, dat resultearre yn in rykfersierd stasjonsgebou, mei in heech middenpart, twa lege fleugels elk mei in eingebou, en waard op 16 april 1896 iepene.
Yn 2019 waard begûn mei in ferbouwing fan de it stasjonsgebied en oanpassing fan de perrons. prorail.nl, Groningen Spoorzone - Station Groningen, riedplachte op 22-4-2023
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 500 Intercity (NS) Rotterdam Sintraal – Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol – Assen – Stasjon Grins 700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins 12600 Intercity (NS) Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal Alinne freedtenachts 32600 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling Nachttrein Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport Alinne freedtenachts 8100 Sprinter (NS) Swol – Meppel – Assen – Grins RS 620100Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – LierFerbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.RE 137300Flugge trein (Arriva)Ljouwert – Feanwâlden – Bûtenpost – Súdhorn – GrinsStoppet 2x yn it oere yn Feanwâlden en ôfwikseljend yn Bûtenpost en Súdhorn.RS 137400Stoptrein (Arriva)Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – GrinsJûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.RS 637500Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad NijeskânsRS 437600Stoptrein (Arriva)Grins – Roodeschool – IemshavenFjouwer of fiif treinen deis fan en nei EemshavenRS 537700Stoptrein (Arriva)Grins – DelfsylRS 737800Stoptrein (Arriva)Grins – Súdbroek – FeandamRS 737900Stoptrein (Arriva)Grins – Wynskoat – Bad NijeskânsRydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns
Kategory:Bouwurk yn Grins (stêd) Grins Grins Grins Grins