Rol Jachtfleantúch / lichte bommesmitter Makker Koolhoven Earste flecht 9 febrewaris 1937 Yn tsjinst 1939 Ut tsjinst 1943 Tal makke 6 (1938-1940)) Brûkers Nederlânske Loftmacht, Finske Loftmacht De Koolhoven F.K.52 wie in twaddeks jachtfleanmasine en ferkenningsfleantúch. It tastel, konstruearre troch Fleantúchfabryk Koolhoven, hie in tichte cockpit.

It prototype fan de F.K.52 makke syn earste flecht yn febrewaris 1937. It tastel gie lykwols ferlern by in ûngemak op 11 augustus fan datselde jier. Hoewol't it ûntwerp yn 1938 al ferâldere wie, besleat Koolhoven der dochs in pear te bouwen. De Nederlânske loftmacht bestelde 36 stiks yn 1939, mar der wiene mar 4 ôfboud (en noch net ôflevere) doe't Nazi-Dútslân Nederlân ynfoel yn 1940. IPMS F. K .52

De Sweedske greve en loftfeartpionier Carl Gustav von Rosen kocht twa F. K .52 jagers en skonk dy oan de Finske loftmacht. De tastellen waarden op 18 jannewaris 1940 nei Finlân flein. Yn maart 1940 bombardearren en beskeaten se Sovjettroepen dy't oer it iis rjochting Virolahti oanfoelen. Beide jagers hawwe yn de Winteroarloch boppe Finlân sa'n 15 gefjochtsmisjes flein.Keskinen, Kalevi; Stenman, Kari; Niska, Klaus (1989). Syöksypommittajat - Suomen ilmavoimien historia 13. Forssa: Tietoteos. ISBN 951-9035-42-7

Spesifikaasjes Type: Koolhoven F.K.52 Fabryk: Koolhoven Rol: jager en ferkenningsfleanmasine Bemanning: 2 Lingte: 8,25 m Spanwiidte: 9,80 m Gewicht leech: 1650 kg Maksimum gewicht: 2500 kg Motor: 1 × Bristol Mercury VIII njoggensilinder luchtkuolle stjermotor, 838 hk Propeller: trije blêden, fariabele faasje Prestaasjes Maks. faasje: 380 km/o Krúsfaasje: 308 km/o Fleanberik: 1130 km Plafond: 9800 m Bewapening Geskut: 2 7,7 mm masinegewear yn de fleugels Bomlading: 150 kg bommen

Kategory:Nederlânske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1937